Deepgrooves: finylplaten fan de modernste makkelei

Publisearre op 17 januari 2018

TSJOMME DIJKSTRA – 

Trije moannen lyn waard yn de Blokhúspoarte yn Ljouwert in nije finylfabryk yn bedriuw nommen. ‘Deepgrooves’ is de twadde finylparserij yn Nederlân nei Record Industry yn Haarlem. En dy koe de produksje de ôfrûne jierren troch de gestage ‘comeback’ fan de finylplaat aardich fergrutsje. In brancheferiening, NVPI, berekkene dat de ynkomsten fan muzykdragers sa as lp’s en cd’s yn 2016 foar it earst yn jierren wer groeiden, inkeld troch de opmars fan finyl. Foar lytsere labels binne wachtrijen foar parserijen. It momint dêrom om in nije fabryk te begjinnen, tochten ûndernimmers Chris Roorda en Pascal Thulin yn Ljouwert. Wat betsjut it foar de lokale muzykyndustry eins, in finylfabryk yn de stêd?

 

“We zitten ‘diep’ in de dance”, stelt Roorda. “Maar alles wordt wel geperst. De eerste plaat was van een rockband, de Rectum Raiders.”

 

“Kleine labels dienen zich nog niet aan”, seit Chris Roorda, foar it fabryk op it binnenplak fan de Blokhúspoarte. Dy konstatearring blykt sa negatyf net as hoe’t er even klinke kinne soe. “Het zijn tot nu toe juist vooral de grotere labels die interesse tonen”, ferdúdliket hy fuort. De masine stiet no net oan, mar, de aktiviteit yn it fabryk is oars fan bûten goed te observearjen troch glêzen ruten en in glêzen doar hinne. De parserij biedt oan sân minsken wurk. De masine is de testperioade fan trije moannen goed trochkommen en de foarútsjoggen foar in behoarlike produktiviteit binne earst geunstich. De lêste wiken fan it ôfrûne jier wie de masine fol ‘boekt’.

Ja, wat joech de trochslach om in ‘ambisjeuze’ winsk echt út te fieren. Roorda neamt it sels in “combinatie van een sterke wil en efficiency”. Is it dan ûndernimmersgeast? De eigener fan platesaak Deeptrax Records yn de Slotmakkersstrjitte yn Ljouwert, rjochte op undergroundmuzyk en dance, ûntduts dat yn Dútsklân nije finylparsen fabrisearre waarden. Dy hypermoderne masines produsearje platen fan in folle bettere lûdskwaliteit as de aardich datearre apparatuer dy’t hjir en dêr yn Europa draaiende hâlden wurdt en de platekrisis oerlibbe hat. En dat Roorda mei in saak en label al yn de platebusiness siet makket dat der al in basis wie, en in netwurk, dêr’t it aventoer út wei oanflein wurde koe. Wol te sjen oan de muzyk dy’t út de parse komt. “We zitten ‘diep’ in de dance”, stelt Roorda. “Maar alles wordt wel geperst. De eerste plaat was van een rockband, de Rectum Raiders.”

De eigeners hoopje yn de Blokhúspoarte it earste jier 250.000 platen te parsjen. Roorda: “We persen vanaf 150 platen en tot duizenden.” Dat it ding fonkelnij is, in saneamde Newbilt, makket him blykber dochs oantreklik foar de grutte platelabels. Want ek Record Industry parset bygelyks noch mei âlde masines. Mar it platebedriuw yn Haarlem hat dêr al safolle fan dat har produksje miljoenen platen it jier bedraget. De produksje yn Ljouwert is fral foar Europeeske platemaatskippijen ornearre. “De vraag komt vooral uit Duitsland, Frankrijk, Engeland en uit Spanje en Italië”, sommet Roorda op. Se bedarje dus net yn eigen lân en seker net by Ljouwerter platesaken yn de bakken. Der gean grutte partijen op transport nei Brussel, of Parys, seit kollega-eigener Pascal Thulin.

Mar net alles ferdwynt fia de eksport. “We hebben ook al contact met de popacademie”, fertelt Roorda. “Daar gaan we een plaat voor doen. Een plaat van een soort battle tussen bands op de popacademie. De beste producties.” Dêrnêst wurdt der neffens de eigeners ek mei lokale bands praat oer de mooglikheden yn de takomst. Dat betsjut net dat der konkreet yts úttocht is. “Maar er is hier een redelijk gezonde bandjescultuur”, seit Thulin. De eigeners ferwachtsje dat se ek foar lokale muzyk fan betsjutting wêze sille.

In platemaatskippij dy’t Frysktalige muzyk útbringt hat neffens Roorda noch net ynformearre nei de mooglikheid om by him in plaat drukke te litten. Mar platelabels dy’t in kantoar yn Ljouwert ha, binne der ek al net folle. It ynisjatyf soe ek út in oare hoeke wei komme kinne, miskien in nijsgjirrich foarstel fan in artyst mei in sterke winsk en wil. In finylfabryk yn it âlde finzeniskompleks fan Ljouwert, dêr tinkt nimmen oer nei. No ja; hast nimmen. No is er der.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels