De spegel

Publisearre op 28 december 2016

BERT-RENÉ LUIMSTRA – 

‘Ligt u lekker meneer?’ ‘Ja’, liich ik. Wêrom’t ik liich wit ik net, ik lis beroerd. Ik bin by de parodontolooch en ik doar net mear te bewegen, út eangstme om fan de stoel te fallen. De mûlhygiëniste is freonlik genôch, mar se sil my daliks goed knoeie, safolle is wol dúdlik.

Se sizze wol dat de eagen de spegel fan ’e siel binne, mar de mûle en noas binne dat like goed. Ik fiel my neaken as ik dêr sa mei de holle achteroer lis. De mûlhygiëniste sjocht sa troch myn ferwulft en noastergatten myn harsens yn, se hat weet fan al myn tinzen.

Dan jout se my in spegeltsje om mei har mei te sjen. As oft ik dêr ferlet fan ha, mar goed. Ik hâld de spegel sa goed en kwea as it kin omheech en besykje om har ark hinne by mysels yn ’e mûle te sjen. It is net in smaaklik útsjoch; troch de flibe mei bloed en slimen komme út it read beblette fleis myn tosken nei bûten. Myn tonge leit dêr as in rauwe byfstik tusken en wit him gjin hâlding te jaan. Hy besiket foaral út ’e buert fan it skerpe ark te bliuwen.

‘Kijk, daar, en daar, en daar, allemaal plak, dat ga ik zo weghalen en dan doen we morgen de rest’, hear ik har yn ’e fierte sizzen. ‘Eerst maar even verdoven.’ Ik jou har de spegel wer werom en doch myn eagen ticht, dy spuit hoech ik net te sjen.

It is net sa datst mei ferdôving hielendal neat fielst. Myn mûle fielt opswold oan, myn tonge prikkelt en ik fiel myn tosken en kiezzen stik foar stik yn myn kaak sitten. Wylst se oan it wurk is ha ik wol yn ’e gaten dat it sear docht, mar ik fiel gjin pine.

Nei in oere skraabjen en brekken is se klear en ik bin kapot. Stiif yn ’e bealich, pine yn myn kaakgewrichten en bloed yn ’e mûle. Ik ha my noch noait sa min field.

Moarn gean ik wer.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2016), 5 (septimber), s. 4

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]