D-Day: 70 jier letter

Publisearre op 13 juni 2014

MARRE SLOOTS – 

In reis troch it hillige lân fan it oarlochserfguod
“It was here, on these shores, that the tide was turned in that common struggle for freedom. What more powerful manifestation of America’s commitment to human freedom than the sight of wave after wave after wave of young men boarding those boats to liberate people they had never met?”

Sa spruts president Barack Obama fan de Feriene Steaten fan Amearika, ôfrûne freed, 6 juny, by de D-Day-betinking op it Amearikaanske begraafplak dat útsjocht op Omaha Beach yn Colleville-sur-Mer, Normandië. Syn wurden treffe my. As Twadde Wrâldoarloch-leafhawwer is eltse besite oan it Normandyske bokaazjelânskip, dêr’t de histoarje te finen is yn eltse fjouwerkante meter stien, sân en gers, op himsels al in bysûndere ûnderfining. Mar om hjir by te wêzen, op dit plak en op dit momint, wylst dizze histoaryske wurden útsprutsen wurde, dat ferjitte jo in libben lang net wer.

“We say it now as if it couldn’t be any other way”, giet Obama fierder. “But in the annals of history, the world had never seen anything like it. And when the war was won, we claimed no spoils of victory – we helped Europe rebuild.”

Hoe bedarret in gewoane Friezinne op sa’n bysûnder plak op sa’n bysûnder momint?

En hy hat gelyk. Want suver eltse oarloch giet om jild, leauwen, macht of lân. En fansels spilen hjir ek politike belangen mei. Want wie der mei de ynvaazje fan Normandië gjin twadde front iepene, dan wie de kâns ommers grut west dat de oerwinning op de Nazi’s foar it grutste part claimd wurde soe troch de Russen, en it Izeren Gerdyn him fierder nei it westen ta útstrekt hie. Mar steand op de grêven fan de jonge mannen dy’t yn dy nacht fan 5 op 6 juny yn Ingelân yn wankele boatsjes stapten en harren yn fleantúgen hysten om de dea temjitte te reizgjen, kinne jo je net ûntlûke oan de yndruk dat it hjir net gong om ‘landjepik’. De bange GI’s dy’t, wylst se noch in kear harren útrusting neiseagen eefkes oan thús tochten, wiene ree om de wrâld te befrijen fan tiranny en haat.

Mar werom nei ôfrûne freed. Want hoe bedarret in gewoane Friezinne op sa’n bysûnder plak op sa’n bysûnder momint? Troch in brief te skriuwen oan de Amearikaanske ambassade yn Parys hie ik it foar elkoar krigen útnoadigings te krijen foar de betinking op it Amearikaanske begraafplak, dat sûnt it ein fan de oarloch Amearikaansk grûngebiet is. De einleaze rigen treftige wite krusen dy’t, fanút hokker hoeke je der ek nei sjogge, in kearsrjochte rij foarmje, hawwe dêr in sereen en earfol plak krigen, útsjend op it strookje sân dêr’t 70 jier lyn in slachtpartij plakfûn hat. Fan dy striid en dy waansin is no neat mear te fernimmen. Fûgeltsjes hippe yn it koartmeande gers. Der leit noch gjin kauwgumpapierke yn de perfekt ûnderhâlden blomperkjes.

Jierliks wurdt hjir de Amearikaansk-Frânske betinking fan D-Day organisearre, mar om’t it dit jier 70 jier lyn wie, en nei alle gedachten ien fan de lêste grutte betinkings dêr’t noch feteranen by binne, is it ekstra spesjaal. Obama wie der fiif jier lyn ek al by en dat makket him de earste Amearikaanske president dy’t twa kear by in D-Day betinking west hat.

Nei oankomst op it begraafplak sykje wy in sitplak en wachtsje oan’t it kabaal fan helikopterwjukken de komst fan de president oankundiget.

Alle feiligheidsmaatregels rûnom dizze hege besite oan it plakje Colleville-sur-Mer, dat fierder net folle om ‘e hakken hat, soargje derfoar dat it benammen in dei fan wachtsjen is. Moarns seis oere moatte wy yn Caen oanwêzich wêze om yn ien fan de spesjale bussen te stappen dy’t ús by it begraafplak bringt. De diken binne ôfsletten, sels de lokale ynwenners kinne har net per auto troch it gebiet bewege. Wy bedarje yn de allerearste fan de tsientallen bussen. Under begelieding fan in kolonne plysjemotors sette wy ôf. Nei oankomst op it begraafplak sykje wy in sitplak en wachtsje oan’t it kabaal fan helikopterwjukken de komst fan de president oankundiget.

Op sa’n dei binne der genôch yndrukken. Strak skearde Amearikaanske militêren dy’t fanút harren legerbasis yn Wiesbaden de tocht nei Normandië ûndernommen hawwe om in spesjale rol te spyljen by de seremoanje, dy’t foar harren sneuvele lângenoaten fan foarige generaasjes organisearre is; ‘re-enactors’ dy’t de uniformen fan de 101-ste Airborne Divyzje út de Twadde Wrâldoarloch oan’t yn de lytste details witten hawwe te rekonstruearjen; wyldfrjemden dy’t emosjonearre op feteranen ôfstappe dy’t, hoewol’t se fragyl eagje yn harren rolstuollen, har fêstklampend oan famyljeleden, noch altyd de útstrieling hawwe fan echte militêren, mei harren badges, petsjes en medaljes, mar ek in stel Amearikaanske toeristen mei ‘matchende’ jaskes fan harren reisorganisaasje, de ‘D-day 70th Anniversary Cruise’. Want sa is it dan ek wer, de oarloch is ek in lûkpleister.

En dat is te fernimmen. De oarloch is dit wykein oeral yn Normandië. Yn doarpkes lykas Sainte-Marie du Mont, yn it hert fan it ‘paratrooper’-gebiet, binne komplete legerbases neimakke dêr’t de jive klonk út in mear as in heale ieu âlde LP-spiler en dêr’t je by fersin stroffelje oer in ‘Browning’, in folautomatysk masjinegewear. In groepke ‘soldaten’ freegje oft der in frijwilliger is om harren op de film te setten. Dat wol ik wol. Allinnich is de kamera net in iPhone of camcorder, mar in swart doaske mei in miniskuul gatsje dêr’t ik mar kwalik wat trochhinne sjoch. It shot is – hooplik – slagge. Oft ik ek in bakje kofje fan harren wol? Nee, mar fansels wol even op de foto mei de âlderwetske helm op.

As wy de frijheid dêr’t sy it heechste offer foar brocht ha, krekt sa koesterje as it fjild dêr’t harren lichems yn bedobbe binne, soe der nea wer oarloch wêze.

Dútske uniformen binne der net. En hoewol’t der yn de ôfrûne 70 jier in soad feroare is yn hoe’t wy kollektyf op de oarloch weromsjogge, referearje sawol Obama as de Frânske president Hollande yn harren speeches net oan de Dútske slachtoffers. Dat it leed oan harren kant lykwols like grut west hat, is te fernimmen as je omrinne op it Dútske begraafplak yn it plakje La Cambe, neist de sneldyk tusken Bayeux en Carentan. It eaget like grut as it Amearikaanske begraafplak yn Colleville-sur-Mer, allinnich lizze yn La Cambe yn alle grêven twa lichems. De letters en sifers op de beskieden grêfstiennen binne yndrukwekkend. 21.160 soldaten, guon noch gjin 18 jier lizze hjir, fier fan hûs.

Wylst de ienentweintich salútskotten fan it geskut neist Omaha Beach de yndrukwekkende stilte brekke, presys om kertier foar tolven op it Amearikaanske begraafplak yn Colleville-sur-Mer, tink ik oan al dy jonge soldaten dy’t hjir har lêste rêstplak fûn ha, en hokker moaie libbens sy miskien noch foar har hân hiene. Ien ding is my dúdlik: as wy de frijheid dêr’t sy it heechste offer foar brocht ha, krekt sa koesterje as it fjild dêr’t harren lichems yn bedobbe binne, soe der nea wer oarloch wêze.

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels