Priisfraach

Publisearre op 6 april 2012

By de útrikking fan de Rink van der Veldepriis kaam it hege wurd der wer ris stammerjend út: seks op syn Frysk giet net fansels. De skriuwer fan it winnende boek like neffens it sjueryrapport “mei yntime sênes ferlegen te wêzen, want de dialogen dêr binne de knoffelige kant it neist”. Elkenien yn de trouseal fan it Drachtster gemeentehûs lake, de skriuwer sels ek. Wat moast er oars. Hy sil yn gedachten syn boek bylâns gongen wêze. En hy sil him út alle macht ôffrege hawwe, hoe’t in sekssêne yn de goedichheid dan op papier komme moat. Want dat sei de sjuery der net by. Lekker maklik, nochal ja.

Ik siet yn de sjuery en betocht letter dat it aardiger west hie om Ferdinand de Jong te fertellen hoe’t it al moat. Mar dat is krekt it probleem, dêr binne gjin regels foar, it is in kwestje fan smaak. Guon Fryske skriuwers binne eroatyske hakkenkrukken. Oaren sitte der net mei, by harren floeie de wurden de pinne samar út. Riek Landman liet har heldinnen sopjend troch it gea gean. Anne Wadman siet “ûnder de bank by myn breiden broekje yn” en Trinus Riemersma “biet yn har billen en boarre syn holle tusken it hier”. Rink van der Velde sels ouwehoerde der trouwens it leafst omhinne en gong gau wer fierder mei belangriker saken as ielfiskjen of mei de hûn om.

Mar wa’t seurt oer in oar moat sels wat betters betinke. Dêrom roppe wy elkenien op om yn helder Frysk in goede eroatyske sêne of ferhaal te skriuwen, ûnder it motto: ‘De leafde bedreaun’. Tûzen wurden, mar it kin ek mei folle minder ta. Stjoer it fóar 1 juny nei demoanne@afuk.nl. Dat mei anonym. It moaiste ferhaal printsje wy ôf yn it hite simmernûmer fan de Moanne.

Yn 1943 die Nyckle Haisma it sa (Peke Donia, de koloniael):

“Hja jout in net al te lûde skreau fan sabeare skrik, rint in pear stappen fansiden en lit har ûnder wat gewraksel fêstgripe en yn it fearjende hea smite. Yn ’e kalme man is by it oanreitsjen fan it frouljuslichem de geast fan de oerminske tewekker skrille, it each sjocht net en ek wurket it ferstân net langer en de dûnkere driften yn ’e swarte nacht fiere har triomfen.

Yn it bûthús ferskeukt in ko.”

Karen Bies

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM -   In pear dagen nei it ôfslachtsjen fan Theo van Gogh waard dit my thús yn breedbyld skildere: J.P. Balkenende ûnferwachts [...]

  • Kategory: Kollum

    BOUKE VAN DER HEM  Yn ’e wrâldfan de organisaasje-adviseurs jildt it adagium: wat goedkeap is, kin net goed wêze. Priuw ik dat yn fakblêden noch [...]

  • Kategory: Kollum

    MINDERT WIJNSTRA -  Ik sil in jier of tsien west ha, doe’t ik in ienfâldich toverlantearntsje krige, sa’nien dêr’t ljochtbylden mei fertoand wurde kinne. Ik [...]