fotografy: Linus Harms

‘Yn de rest fan de wrâld wenje ek leuke minsken’

ARJANNE NIJP – 

Kollumniste Nynke de Jong (1985) is ambassadeur foar Lân fan taal fan Kulturele Haadstêd. In frijsteat fan alle talen, in blik op de rest fan de wrâld. ‘Ik tink dat hiel Nederlân dat nedich hat. It is in frij nasjonalistyske tiid, mei ferkiezings fan pronkstikken út de skiednis, de flage yn de Twadde Keamer. Krampachtige dingen om in nasjonale identiteit te meitsjen. Mar we libje yn Europa.’

 

“Asto sa krampachtich oan dyn eigen identiteit fêsthâldst en dy sa sterk útdrage wolst datst elkenien it Wilhelmus troch de strôt triuwe wolst, joust dêrmei ûnsekerheid oan.”

 

Yn de wurkkeamer fan har âlders yn Goaiïngea, hielendal fol mei boeken, prate we oer Fryslân en de rest fan de wrâld. Se rint op de lêste eintsjes fan de swangerskip fan har twadde berntsje. Mar earst moat it boek noch ôf, Ik ken iemand die,mei grappige ferhalen en tips oer it grutbringen fan bern. “Op woansdei rin ik altyd mei in klupke froulju dy’t ek yn ferwachting binne troch in park yn Utert. Ien fan dy froulju fertelde dat har soan Jelte hyt. Dus ik sei drekst: komst út Fryslân? Wêr komst wei? Dy fraach stelle, dat giet der noait wer út. Dat ha alle Friezen. Myn skoanfamylje yn Brabân hat dat folle minder. Ik tink dat dat komt troch ús sterke identiteit, dy’tst der fergees by krijst. En miskien dat it dochs ek hiel bot ferbûn is mei de taal. Botte Jellema sei it fan ’e wike ek yn syn kollum op Omrop Fryslân: wat makket Fryslân Fryslân? Dat is dochs it Frysk. Ik tink dat hy gelyk hat, de taal is it semint.”

 

Soest wer yn Fryslân wenje wolle?
“Ik sjoch nei Fryslân mei de bril fan myn jeugd. Allinnich mar goeie oantinkens. Lange simmers en yn de hjerst altyd in reinpak oan en tsjin de wyn yn fytse. Eins sjoch ik mei de blik fan in bûtensteander, hè. Mar oan de oare kant, dat is it grappige fan Fryslân, do wurdst noait hielendal in bûtensteander. Want dy nijsgjirrigens nei dat ‘wêr komst wei’, dy bliuwt. Doe fielde ik my hjir hiel bot thús, omdat ik ek net oars wist. Hjir hear ik. No ha ik de rest fan Nederlân ek sjoen en wit ik: ik kin my eins oeral wol settelje.”

“Us pake, de heit fan ús mem, sei altyd tsjin syn dochters: het is heel goed om te ontdekken dat er in de rest van de wereld ook leuke mensen wonen. Dus flean mar út. En ik hie dat ek hiel sterk doe’t Tom (har man) en ik nei Den Bosch gongen te wenjen. Ik ha drekst sein: ik doch as geane we hjir noait wer wei. Dus ik bin by allegear klupkes gien en ik ha my yn it kulturele libben stoart, ik tocht: se krije my net. Nei oardel jier krige Tom in baan op de Feluwe en binne we nei Utert werom ferhuze. Elkenien tocht dat dat wie omdat ik ûnwennich wie. Mar dat wie dus echt net sa. Want ik wie dêr alwer hielendal woartele.”

 

It útgongspunt fan Lân fan taal is: jins taal fiere yn in frijsteat. Wat is dyn taal?
“Us heit en mem pratenFrysk mei ús, mar se tochten der altyd wol om dat we ek it Nederlânsk goed praten. Op skoalle yn Gau learden we lêzen en skriuwen yn it Nederlânsk, mar fierder wie it wol hartstikke Frysk. Myn Nederlânsk hat der noait fan te lijen hân, hear. Ik bin úteinlik ek begûn mei it te studearjen. Ik hie wol in mega-Frysk aksint, mar pas doe’t ik yn Utert kaam te wenjen, fernaam ik dat. Uteinlik prate ik hieltyd minder faak Frysk en dan slûpt dat aksint der ek wol út. Ik ha der net bewust oan wurke of sa. Ik fyn dat ek hielendal net slim. Krekt leuk ast hearre kinst wêr’t minsken wei komme. Dan kin ik se pleatse.”

“It leuke fan Lân fan taal fyn ik dat it net giet om hoe leuk it Frysk is, mar dat it foaral ek oarsom is. Se litte sjen hoefolle talen der binne en hokker folken dêr dan wer by hearre. Dy blik fyn ik folle ynteressanteras de oare kant op. Simmer 2000 wie fantastysk. As 15-jierrich famke stie ik ek mei myn bugel op it Saailân te spyljen by de grutte iepening. Mar dat gie hiel bot oer: minsken fan bûten sjen litte wat Fryslân ynhâldt en de ferhalen hearre fan minsken dy’t emigreard binne. Wat de organisaasje fan LF2018 no docht is folle útdaagjender. Omdatst no te meitsjen hast mei keunsters dy’t hjir net weikomme en keunstwurken meitsje, ynspirearre op harren byld fan Fryslân. Makkest de wrâld grutter.”

 

Ha we dat nedich, hjir yn Fryslân?
“Ik tink dat hiel Nederlân dat nedich hat. It is in frij nasjonalistyske tiid, mei de PVV, ferkiezings fan pronkstikken út de skiednis, de flage wer werom yn de Twadde Keamer en allegear fan datsoart krampachtige dingen om in nasjonale identiteit te meitsjen. Kinst in hiele sterke identiteit ha fan dysels, mar we libje yn Europa. Kinst yn kontakt stean mei folle mear oare minsken, it hoecht by de lânsgrinzen net op te hâlden. It is ek in ferriking om nije kultueren kennen te learen en te sjen hoe’t minsken yn oare lannen it dogge. Dat is op fakânsje al hiel leuk, mar it is noch leuker dat we dat dit jier nei Fryslân helje.”

“Asto sa krampachtich oan dyn eigen identiteit fêsthâldst en dy sa sterk útdrage wolst datst elkenien it Wilhelmus troch de strôt triuwe wolst, joust dêrmei ûnsekerheid oan. Dat fyn ikspitich. Dan tink ik: wês no gewoan seker fan watst te bieden hast, sjoch iepen nei wat oaren te bieden ha en pik dêr dan ek it goeie út. Sa binne wy ek fan út dit hûs de wrâld ynstjoerd.Wês grutsk op wêr’tst weikomst en sjoch dat der yn de rest fan de wrâld ek leuke minsken wenje.”

“Wy wenje yn Utert yn in wyk dêr’t alles troch elkoar hinne wennet: ras-Utrechters, yuppen en in hiel soad ‘nieuwe Nederlanders’. Us dochter Janne (hast 2) seit ‘hoi’ tsjin elkenien. Dêrtroch ken ik no de hiele buert. Ast ‘hoi’ seist tsjin elkenien, dan krijst altyd in ‘hoi’ werom. Dat is miskien in hiel nayf links wrâldbyld en freeslik ‘heal the world, make it a better place’, mar sa is it wol. En dat is LF2018 ek. Seist hieltyd: hoi, dit binne wy, wa bisto? En dan komst dus eins ek wer by: wêr komst wei? Gewoan ynteresse toane yn de mienskiplike dieler.”

 

“It soe leuk wêze as in Fryske dichter ynkoarten ek ris it wurd ‘kech’ brûkt yn ien fan syn gedichten.”

 

Mei hokker taal bringst dyn dochter Janne grut?
“Ik praat Nederlânsk tsjin Janne. Allinnich as ik lilk bin en at se op bêd giet, is it altyd Frysk. As ik it ljocht útdoch, sis ik altyd ‘oant moarn’ en dan seit se ‘oan moan’ werom. Doe’t ik yn ferwachting wie, ha ik der hiel lang oer neitocht, mar der bewust foar keazen om Nederlânsk te praten. It fielde foar my as soe ik Tom bûtenslute as ik Frysk mei Janne prate soe. It grappige is, doe’t se berne wie koe ik net oars as Frysk tsjin har prate. Ik hie it de hiele tiid oer ‘ús lytse protter’ en ik koe allinnich mar ferskes fan Hindrik van der Meer foar har sjonge. It wie it meast letterlike gefoel fan it wurd ‘memmetaal’. Do wurdst mem, dit is watsto praatst, want dit is dyn memmetaal. Sa fielde dat hiel sterk. Dat ebbet dan letter wol wat fuort, mar ik soargje der wol foar dat myn bern it Frysk ek meikrije.”

“Dat it Frysk yn de emoasje myn taal is, komt tink ik omdat ik dy taal as earste leard ha. Blykber is de earste grammatika, de earste wurden yn myn harsens, Frysk. En dat komt der dan út. Want it is net sa dat ik my emosjoneel net uterje kin yn it Hollânsk. Ik stie der sels ek fan te sjen, dat it sa gie nei de befalling. Der is ek noait slaap kindje slaaptsjin my songen as bern. Wol suze nane poppe, dus it komt ek hiel ûnlogysk oer om dan Nederlânsk te sjongen foar myn eigen dochter.”

“Ik praat Frysk, ik kin it ek wol skriuwe en dêr bin ik ek wol tûk op, want ik fyn it hiel lilk as minsken fan dat fonetyske Frysk skriuwe. Mar in hiel petear yn moai geef Frysk op papier sette, of poëzy of überhaupt literatuer yn it Frysk skriuwe, dêr begjin ik net oan. Omdat ik de linichheid fan de taal net mear ha, tink ik dat it by my hiel gau forsearre oerkomt.”

 

Hoe bist dy linichheid kwytrekke?
“Ik ha de linichheid wol yn it Frysk, mar dan folle mear yn it praten. Skriuwen en lêzen ha ik leard yn it Hollânsk. Miskien is myn byld fan it literêre Frysk ek wol te âldfrinzich. Wannear sis ik no ‘rispinge’? Ik soe my, as ik Frysk skriuw, hast ferplicht fiele om datsoart wurden te brûken. En dan soe ik my hiel beheind fiele, omdat it eins net is wat ik sizze wol. In Fryske kollum skriuwe is ek dreech. Wolst ommers ek wat ekstra’s dwaan, in pear moaie sinnen of in moaie metafoar. En dy komt my, as ik it yn it Frysk doch, dan wat krampachtich oer. It is oerset Nederlânsk, want ik ha gjin unike gedachten yn it Frysk. Dan kin ik it likegoed yn it Nederlânsk sizze, dan komt it sterker oer.”

“Dat is ek de spagaat dêr’tst yn sitst asto ‘coute que coute’ it Frysk bewarje wolst. Dan liket elke stap dy’tsto setst rjochting makliker literêr Frysk, in ‘knieval’. Der binne minsken dy’t dêr sa boppe-op sitte, mar dat is de minste tsjinst dy’tst it Frysk bewize kinst. Yn it Nederlânsk dogge wy dat ek net, dêr sjochst ek hieltyd mear wurden út it Marokkaansk, Turksk of Surinaamsk. Dat is fan alle tiden. Ast der in stekje omhinne setst en seist: sa moatsto dizze taal prate, dan ferklearrest him hast dea. Kinst better ûntspand omgean mei nije wurden en lienwurden. It soe leuk wêze as in Fryske dichter ynkoarten ek ris it wurd ‘kech’ brûkt yn ien fan syn gedichten.”

“Ik bin folle mear benijd nei hoe’t it Frysk him ûntwikkelje sil en wat der oer hûndert jier fan oer is, as dat ik op de barrikaden spring fan: ja, mar sa prate wy dit en hâld ris op mei wurden as ‘tolly’ en ‘booty’. En al soe der oer hûndert jier neat mear oer wêze fan it Frysk: wat dan noch? Kinst minsken net ferplichtsje om op in bepaalde manier te praten. Kinst se derbekend mei meitsje, kinst it oanbiede, mar wat se dermei dogge, dat moat elkenien úteinlik sels witte.”

 

 

Earder publiseard yn de Moanne, 17 (2018), 2 (maart)

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.