Yn de fuotstappen fan Havank

Publisearre op 15 juli 2014

INEKE RIENKS – 

It is dit jier 50 jier lyn dat de Ljouwerter skriuwer Hans van der Kallen (1904-1964), better bekend as Havank, ferstoar yn it Amacitia hotel yn Ljouwert. Syn misdiedromans mei haadpersoan C.M. Carlier, alias De Schaduw, wiene ferneamd. Der wurdt rûst dat er seis oant tsien miljoen boeken fan de searje mei De Schaduw ferkocht binne. Yn de jierren fyftich en sechtich wie Havank gauris te finen op Dekemastate yn Jelsum. Bewenner en freon fan Havank, Gerard van Wageningen, makke yn dy tiid foto’s fan Havank, dy’t oant septimber dit jier te sjen binne yn de boppeseal fan Dekemastate.

By oankomst yn Jelsum is der net fuortdalik wat te sjen fan it steatlike hûs út de 14e ieu. De lange muorre om de state en de grutte tún hinne jouwe it plak in mysterieus gefoel. In trochgong troch it túnmanshúske jout tagong ta de ymposante tún fan Dekemastate. In grut tal frijwilligers soarget derfoar dat de tún mei kleurige blommen, paadsjes en fruitbeammen der prachtich by stiet. Dekemastate is boud as in sealstins mei in wichtige ferdigeningsfunksje en groeide yn de ieuwen dêrnei út ta in steatlike wenning foar ferskate famyljes (Camstra, Dekema, Van Wageningen). It âlde hûs hat noch altyd in aadlike alluere en de state yngean fielt as in weromgean yn ‘e tiid. It is ek krekt dizze sfear en hystoarje fan Dekemastate dy’t Havank sa oansprutsen, fertelt Tom Sandijck fan Vrienden en Vriendinnen van Dekemastate, organisator fan de eksposysje oer Havank op Dekemastate. “De rêst en de sfear fan it gebou troffen Havank.”

“Hy koe min mei jild omgean, hold der in rike libbensstyl op nij en hie in protte skulden.”

Libben as skriuwer
Hendrikus Frederikus (Hans) van der Kallen wurdt op 19 febrewaris 1904 berne yn Ljouwert yn in roomsk katolyk húshâlden. Al yn syn jonge jierren wit Havank dat er skriuwer wurde wol. Hy brûkt foar it skriuwen in ôfkoarting fan syn eigen namme: H. van K.: Havank. Syn earste roman komt út yn 1935 by útjouwer A.W. Bruna; ‘Het mysterie van St. Eustache’. Dêrnei komme der noch 30 misdiedromans út mei as haadpersoan Charles C.M. Carlier, ek wol De Schaduw. Dizze searje groeit út ta in grut suskes. Mear as seis miljoen boeken binne der fan dizze searje oer De Schaduw ferkocht.

Havank is net ryk wurden fan syn wurk. “Hy koe min mei jild omgean, hold der in rike libbensstyl op nij en hie in protte skulden”, sa fertelt Sandijck. Drankmisbrûk en depresjes meitsje dat hy net altyd in lokkich libben liedt. Om jild te fertsjinjen hat Havank ek in soad boeken út it Ingelsk oerset, benammen boeken fan Leslie Charteris mei The Saint yn de haadrol.

Havank liedt hast syn hiele libben in swalkersbestean en fynt nearne in thús. Yn de oarloch wennet er lange tiid yn Frankryk, letter yn Portugal, op de ferskate plakken yn Nederlân, op Mallorca en letter yn Ingelân, dêr’t syn frou Cynthia Vickers wei komt. It is gjin lokkich houlik en Havank is noch gauris yn Ljouwert te finen. Havank hat in haat-leafde ferhâlding mei Ljouwert. Hy fynt de stêd kâld en kil en de minsken net noflik. Sandijck: “Hy hold net fan Ljouwert, mar de bining mei de stêd wie dochs grut, dat er kaam altyd werom.”

In leafde foarby libben en dea
Yn it Amacitia hotel moetet Havank yn de jierren fyftich de broers Jan en Gerard Van Wageningen, dy’t mei harren beiden ek op Dekemastate wenje. Der ûntstiet in freonskip tusken Havank en de broers, en de skriuwer komt gauris by harren op besite. Havank hat in eigen keamer op Dekemastate. De woldiedige rêst, de ymposante rige fan beammen op de oprydleane en benammen de sfear yn it âlde hûs sprekke him oan. Gerard fan Wageningen makket yn dy jierren in tal foto’s fan Havank op Dekemastate. Der binne foto’s te sjen fan Havank bûten op it terras, mei syn hûn Nicko en in searje mei manmoedige foto’s fan Havank mei pistoal slûpend troch de gongen en kelders fan Dekemastate, makke foar de publisiteit. Havank hold fan dy oandacht. Skriuwe docht Havank op Dekemastate yn it ‘het Sael’, in aadlike romte mei tal portretten fan âld bewenners. Ta folsleine romans is it hjir net kommen op Dekemastate, wit Sandijck, Havank skreau hjir benammen dialogen en makke oantekens. Havank kaam foaral foar ûntspanning nei Dekemastate, op besite by freonen.

Mei ien fan de portretten dy’t op Dekemastate hinget, ûntwikkelet Havank in nuveraardige relaasje.

Mei ien fan de portretten dy’t op Dekemastate hinget, ûntwikkelet Havank in nuveraardige relaasje. It is it portret fan Anna Maria van Burmania. Har eachopslach en útnoegjend gebear fan har hân meitsje in oerweldigjende yndruk op Havank. Havank wie fereale op de jonge frou op it skilderij. “Hy seach it as in relaasje dy’t foarby de grinzen fan libben en dea gie”. De obsesje foar Anna Maria ûntwikkelet him fierder yn de jierren dat Havank op Dekemastate komt. Sandijck fertelt: “At Havank op Dekemastate wie dan begroete er har alle moarnen. ‘Goodmorning An’, sei er dan.” Ek op syn hotelkeamer yn it Amacitia hotel hie Havank in ôfbylding fan it portret hingjen. Hja wie in ynspiraasjeboarne foar Havank. Yn it boek ‘Caviaar en cocaïne’ (1959) komt it personaazje Anna Marie de Passy foar, nei alle gedachten basearre op Anna Maria van Burmania.

Yn 1964 stjert Havank yn it Amacitia hotel yn Ljouwert mei de âldens fan 60 jier. Havank is begroeven op it katolike begraafplak oan de Harnser strjitwei yn Ljouwert en wurdt, nei in winsk fan himsels, begroeven mei in ôfbylding fan Anna Maria.

Nei de dea fan Havank set skriuwer Piter Terpstra it wurk fan Havank troch. Under de namme Havank Terpstra bringt Piter Terpstra noch mear as tweintich ferhalen út mei De Schaduw yn de haadrol, de lêste komt út yn 1985. Yn 2008 wurdt der troch útjouwer Bruna op ‘e nij in misdiedferhaal oer resjersjeur Carlier útbrocht; ‘Caribisch Complot’, dit kear skreaun troch Tomas Ross, ûnder de namme Havank Ross. Nei dy earste útjefte hat Ross noch trije ferhalen binnen de rige fan Havank útbrocht.

Dat ferneamde skriuwers as Terpstra en Ross nei it ferstjerren fan Havank noch út de fuotten kinne mei syn wurk en personaazjes dy’t er kreëarre hie, is neffens Havankstichting Mateor in wichtich teken dat it wurk fan Havank net ferjitten wurde moat. De stichting hat as doel it wurk fan Havank ûnder de minsken te bringen en te hâlden. Alle jierren organisearret Mateor op de stjerdei fan Havank in betinking by syn grêf. Stichting Mateor hat yn Dekemastate in lytse permaninte eksposysje oer Havank ynrjochte, mei deryn earste drukken fan boeken út de rige fan De Schaduw en in gipsen ôfbylding fan de skriuwer. Ut it rút wei is ek de tinkstien oan de hûn fan Havank te sjen, Nicko, dy’t ferstoar op Dekemastate. Ek it plak dêr’t foar de grutte restauraasje fan it gebou de útfanhûskeamer fan Havank wie is te finen en oanjûn. It binne allegearre lytse en soms gruttere bewizen dat Dekemastate en de bewenners, sa wol yn libben as dea, fan grutte ynfloed wiene op it libben en skriuwen fan Havank.


De eksposysje Havank op Dekemastate is noch oant septimber dit jier te sjen op Dekemastate yn Jelsum. Foar bern wurde der Havank speurtochten organisearre, sjoch op
www.dekemastate.nl/havank .

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels