Woansdei 4 april – de Moanne live mei Erik Vlaminck

Publisearre op 4 april 2012

De earste Moanne live fan dit jier wurdt holden op woansdei 4 april, yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince.

Dit kear is de Flaamske skriuwer Erik Vlaminck te gast. Vlaminck is bekend fan syn romansyklus ‘Het schismatieke schrijven’, de ferpletterjende roman ‘Suikerspin’ en fansels ‘Brandlucht, syn lêste roman oer Belgyske emigranten yn Kanada. Erik Vlaminck sil foarlêze út eigen wurk en wurdt koart ynterviewd troch Ernst Bruinsma.

De Moanne wol op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium jaan oan elk wa’t goed skriuwe kin en skerp tinke.

Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge út nei jim komst!

Opjefte graach foar 29 maar by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels