Winterwille foar alle minsken, ek sûnder De Tocht

Publisearre op 11 februari 2021

BERT DE JONG –

De kultuer fan it reedriden yn Fryslân is sa folle mear as in Alvestêdetocht. Soks witte de Friezen sels al te goed, mar it Hollânske misbegryp hjiroer is oanstjitlik. As der iis is, giet it om winterwille. Foar alle minsken, net om in tocht foar in elite.

It is stjerrende kâld en dochs wurde Friezen waarm. Troch winterwille brûst it yn de hollen. As der iis yn de sleatten is, reitsje in protte minsken breinroer. Dan is der foar de measten mar ien ding: ride blinder.

Jierrenlang wie it om de nocht. Yn in doarp as Wommels groeide winterdeis gjin sintimeter iis om fan de skieppegreide in iisbaan te meitsjen. Riders koenen gjin inkelde streek sette. Mar op 10 febrewaris 2021 is it oars: de redens binne ûnder. Mei man en macht is der wurke om it yn oarder te krijen. Foarsitter Luuk van Ruiten is út de skroeven. ‘Dizze kjeld ropt waarme gefoelens op. Foar in elts, mar foaral is it wichtich foar de jongerein. No sit it reedriden wer echt yn ús hollen. It kin wer.’

It bestjoer fan de iisferiening Winterwille die alle war om foar te wêzen dat de leden it riden ferleare soenen en nûge se yn in earder jier út foar de keunstiisbaan yn Ljouwert. Súntsjes wei sakke it tal leden ûnderút fan sa’n 500 nei 300. Al oan mear seagen it der net mear fan kommen dat der nochris in winter mei iis belibbe wurde koe. ‘Mar no ha wy allegear wer nije leden dy’t harren oanmelde. Dy wolle meidwaan op de iisbaan.’

Winterwille komt los by de Friezen as it wetter gjin wetter mear wêze wol. As it kwik yn de termometer foar langere tiid beneden 0 sakke is en de weachjes hieltyd stadiger bewege dan is it wachtsjen op it flús dat de feart of de iisbaan ôfdekt. De redens komme daliks út it fet en kinne slipe wurde. Noch even en in elts dy’t ride wol, kin dan op it iis.

Reedriden heart by de kultuer fan Fryslân, lykas it keatsen en it skûtsjesilen. Foaral giet it om meiinoar. As de minsken winterdeis mei syn allen oer de baan sweve, dan is soks in momint fan yntins gelok. Fansels hearre der ek wedstriden by om inoar te mjitten en fansels in sûkeladetinte om sels te bearen en fan oaren sterke ferhalen oan te hearren.

Nearne oars binne der safolle iisferienings as yn Fryslân, 210 yn getal en hast de helte fan de krap 500 dy’t ús lân hat. Mei prachtige nammen as Lyts Bigjin, Doarpswille, De Five, Iisnocht, Eensgezindheid en Ysmahorn. In grut tal hjirfan is al mear as hûndert jier âld. Al dy tiid ha de hûnderten frijwilligers fan dizze ferienings harren ynspand foar iiswille en foar oankommend talint. Op dizze wize wurdt der oant yn de ivichheid ta ynvesteard yn it yn libben hâlden fan de reedriderstradysje fan Fryslân. It is it passen op wichtich erfgoed.

It bestjoer fan iisclub It Sudwide fan Broek is bygelyks manmachtich oan de slach foar in moaie baan, dêr’t fanwege corona dit kear net mear as in pear hûndert minsken op meie. Nettsjinsteande de troch waarmannen taseine ‘histoaryske winter’ is de fjouwer sintimeter iis earst in tsjinfaller. Mei in skower hellet Henk-Jan de Jong de snie fuort en nei noch in nacht froast kin it heve. Dan kin it buord ‘Baan gesloten’ fuort. De 130 trouwe leden betelje jierliks €7,50, dit kear ha se priis.

It each fanút de Rânestêd is net rjochte op it lytse dêr’t de Fryske mienskip grut yn is. Yn it ferlingde fan harren eigen persoanlike selsfergrutting hawwe reedriders as Erben Wennemars en Ben van der Burg en politisi as Rob Jetten en Geert Wilders de Alvestêdetocht kaapt. It slimste is dat se dat dogge op in momint dat der noch net iens in flús iis yn de marren leit, lit stean dat de rayonhaden al byinoar west hawwe. Sadwaande is dei yn, dei út in Alvestêdetocht it ûnderwerp fan petear foar snuvers op televyzje en populistyske politisi yn de Twadde Keamer.

Koart en goed regeart Kening Winter oer it iis yn Fryslân. En it is it almachtich bestjoer fan de keninklike feriening De Friesche Elf Steden dy’t de wiisheid hat om op in goed momint de Tocht der Tochten út te skriuwen. De rayonhaden yn de provinsje leverje bystân, want sy witte as gjin oar alle geheimen en gefaren fan it iis. Hja allegear begripe boppedat dat winterwille yn Fryslân fan álle minsken is.

‘In Alvestêdetocht is wat oars as in tocht lâns âlve stêden”, seit foarsitter Wiebe Wieling fan De Friesche Elf Steden kearneftich. “Sa’n tocht stiet foar kultuer yn Fryslân en dat is meiïnoar.” Kommissaris fan de Kening Arno Brok weeft ek ôf mei alle betterwitters en bûtensteanders dy’t fine dat in Alvestêdetocht yn alle gefallen trochgean moatte soe, ek no’t ús lân te meitsjen hat mei swiere beheinings fanwege corona. Resolút: “Net mei bemuoie.’

Al dat iere gekakel oer de Tocht dêr’t de media fol op ynsette om safolle mooglik omtinken foar harren sels te krijen, docht ûnderstek oan de winterwille dêr’t it om gean moat en dy’t fanút it fiere ferline foar altyd ferbûn is mei de Friezen. Sy binne opgroeid mei it wetter fan de maitiid, fan de simmer en fan de hjerst en in loksilligens komt oer harren as it winterdeis frieze wol. Dan is der in blierens ûnder de minsken fanwegen de mooglikheden om iisnocht te priuwen en de wrâld út te riden.

Fryslân is sa it lân wurden fan hurdriders. Grutte nammen stean te pronk op earelisten. Mannen as Ulbe van Dijk en Arend Poepjes wûnen mei koartebaanriderijen in fracht oan prizejild. Letter wienen it kampioenen as Atje Keulen-Deelstra, Rintje Ritsma en Sven Kramer dy’t de kultuer fan it reedriden oer de wrâld brocht hawwe en de gouden medaljes nei Fryslân hellen.

Om in hurdrider as Sven Kramer te wurden, giet it derom dat de bern al jong aardichheid krije om op redens oer it iis te gean. In wike strange froast yn in jier is genôch foar de iisferienigings om harren bestean foar de takomst te rjochtfeardigjen. Jong en âld, elk dy’t ride kin, sil dan ride. Better stimulâns om bern yn beweging te krijen is hast net te betinken. It giet yn sa’n wike net iens om prestaasje, it giet om winterwille.

Bert de Jong is sjoernalist

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels