Werklikheid fan Trotwaer

Publisearre op 3 november 2019

JOSSE DE HAAN – 

it rot waar – In Gouden Jubileum

 

1 9 6 9
Yn it earste nûmer fan trotwaer skriuwt Tjitte Piebenga oer de werklikheid dy’t neffens him yn it blêd nei foaren komme moat – oer de tiid dêr’t we yn libje, oer polityk, korreksje en kontrole fan it establishment, tsjin de Literatuer mei in haadletter, gjin boargermansfetsoen en yn prinsipe it fyfde tsjil oan de wein wêze.

De earste jiergong fan trotwaer wie heel divers. Op in aparte list hâlde ik doe by wa’t meiwurke, wat de bydrage wie en ûnder hokker kategory dy foel. Steven de Jong skreau 40 siden proaza, Leo Popma in 37 siden, Trinus Riemersma’s bydrage wie 64 siden, Reinder van der Leest in 62 siden poëzy en proaza, Geart van der Zwaag en ik elk 25 siden.

Mei inoar telde dizze jiergong bydragen fan 36 skriuwers, tekeners en fotografen. Sa’n 500 siden totaal – ynklusyf de fersen dy’t op de Operaesje Fers-linen stiene. Men skreau oer de werklikheid fan dy tiid – yn Fryslân en de wrâld. Op Operaesje Fers stiene soms skerpe krityske fersen. Sensuer bestie net.

 

Nije generaasje
Meiwurkers wiene belutsen, wat te krijen hie mei in hiele nije generaasje skriuwers. It entûsjasme wie grut, in nij medium as de telepoëzy wurke tige posityf. De drompel dêre wie leech, want elke harker moast it fers daalk begripe, en boppedat koe it net langer wêze as 1½menuten. It joech de dichters in sprekbuis yn it Frysk en oare talen. Yn trotwaer koene de fersen nochris neilêzen wurde.

Foaral de telepoëzy hat yn dy jierren faak aktueel wêze kinnen mei tige engazjearre gedichten. De steatssensuer hat in pear kear taslein, en dan waarden de linen in skoftke stillein.

Yn myn essay ‘De 50 fan de slach by Warns’ (yn trotwaer 1969) haw ik skreaun oer it entûsjasme yn dy jierren én oer de behâldsucht fan de pommeranten yn Fryslân. It literêre debat yn it algemien wie libben. Neffens my hawwe Operaesje Fers en trotwaer dêryn in wichtige rol spile.

 

Werklikheid fan 1 9 8 1

‘is frede wier itselde as gjin oarloch mear?’

Yn 1981 hawwe in tritich Fryske skriuwers, tekeners en de cartoonist CORK reagearre op de werklikheid fan doe – in kearnwapenwedrin dy’t sa’t it like eindigje soe yn in nukléêre wrâldkriich. Joop Boomsma wie de inisjatyfnimmer en hie de einredaksje fan it boek (formaat A5). Ta gelegenheid fan in manifestaasje op 11 april 1981 yn Ljouwert waard it boek fan sechtich siden oanbean oan de wrâld en koe men it keapje. De opbringst gong nei de lanlike wurkgroep Kernwapens – Nee.

Boomsma frege begjin dat jier bydragen foar it boek (fersen, ferhalen, tekeningen of oar wurk) dy’t ynspirearre wiene troch it tema fan de dei – de nukléêre driging. De measte bydragen binne spesjaal skreaun. Cork (Cor Hoekstra) fan Frjentsjer makke gâns tekeningen dy’t rynsk troch it boek struid binne. Der waard gjin honorarium betelle, alles wie bedoeld foar de aksje.

Boomsma skriuwt dat de measte lju ‘in gefoel fan benearjende machteleazens’ hawwe. ‘Is de barbarewrâld te rêden mei dit boek?’, freget er him ôf. ‘Nee fansels, mar neat dwaan is minder, we woene net swije. Dat dogge ommers al safolle.’

Cork, de wrâldbekende cartoonist – hy tekene bygelyks foar The New York Times en de Frankfurter Allgemeine Zeitung – hat foar dit boek in goeie tweintich cartoons makke. Guon binne noch altiten aktueel. Ien fan de moaiste fyn ik dy fan twa skakende generaals – ien fan de Nato en ien fan it Warschaupakt. Se skake mei kearnraketten. De metafoar is prachtich en sinysk tagelyk.

Skriuwer E.S. de Jong ferwiist nei bibelteksten, want hy tinkt dat it boek slim iensidich wurde sil. Fandêr: Markus 7, 20-23; Romeinen 1, 18-32 en Jakobus 1, 21. Steven de Jong skriuwt oer de ‘Belidenis fan de eangst yn fersfoarm’. It begjint sa:

 

ik bin bang

al hiel lang

hiel bang

ik bin gang foar mûzen

dy rinne sa hurd

rrrtsss

ik bin bang foar de russen

dy sille my platstrike

om’t ik in dichter bin mei útsteksels

 

 

 

Werklikheid fan  2 0 0 9

GIFTIGE ZOMER

It is noch mar tsien jier lyn dat Giftige Zomer ferskynde – skriuwers, keunstners en fotografen oer de takomst fan Fryslân. In lytse fyftich artysten hawwe meiwurke. It boek telt 144 siden, útjûn troch de FPB yn Ljouwert.

Albertina Soepboer en Abe de Vries, de inisjatyfnimmers fan dit boek, fan dizze aksje tsjin in ‘jiskefabryk’ yn Harns, fregen har ôf wat oare keunstners fan de plannen foar dy fabryk fine soene – ‘minsken dy’t it libben foarm jouwe mei wurden, bylden en foto’s, dy’t krekt har ynspiraasje helje út har omjouwing’.

De oprop fan de twa Fryske dichters yn in mail krige in soad respons – skilderijen, bylden, fersen, ferhalen, foto’s en noch folle mear wiene it resultaat. It tema ‘giftige simmer’ waard breed ferwurke. De reaksjes wiene yn it Frysk of yn it Nederlânsk dellein.

De gearstallers skriuwe dat it boek ‘ien ferhaal fertelt oer hoe’t minsken dochs in eigen stim meitsje kinne tsjin wat it sûne ferstân te boppe giet’. Meiwurker Job Degenaar hat it sa ferwurde:

 

Oosterse tuin in de polder

 

Omhuld door boeddha’s

verzonken in hun diepte

zagen we het avond worden

soms, als de wind de ronde deed

verstoof een lichte bloesemgeur

 

de buurman, laat nog op de trekker

veredelde zijn tulpengoud met gif

we spraken over arbeid

en wat er mis was met de wereld

terwijl de zon vergrijsde in de verte

 

de maan kwam achter de bomen

waar zilverschimmen in het gras

zich laafden aan de dauw

vanuit de hoogte viel een ei

resonerend tegen de sterren

 

Dit boek is ien fan de resinte foarbylden dêr’t keunstners kritysk de werklikheid gesjogge – kommentaar jouwe op politike fanselssprekkendheden. Eartiids hite soks ‘engazjearre’ keunst as tsjinstelling fan de l’art pout l’art.

It boek Giftige Zomer bewiist dat der heel wat flecht op ’e koai wêze kin as it ûnderwerp minsken dwaande hâldt – hjir de fersmoarging troch in ‘jiskefabryk’. Op engazjearre keunst is troch de bobo’s yn bgl. literatuerlân wolris wat delsjoen – it soe mei keunst neat ha te krijen. It fersin dat hjir makke wurdt sit yn de gedachte dat keunst neutraal wêze moatte soe.

 

Werklikheid fan 2 0 1 6 – 2 0 1 7 – 2 0 1 8

OTHER WORDS

Soms wurde yn literatuerlân yn de foarm fan reisbeurzen opdrachten jûn om bewust in werklikheid te beskriuwen, te kreëarjen. Dat wie yn de jierren 2016-2018 it projekt OTHER WORDS.

Seis Fryske skriuwers gongen op besite yn Macedonia, San Sebastian, Slovenia en Ierlân dêr’t se in lytse taal prate. Skriuwers út dy lannen en oare kamen yn Fryslân. Foar Fryslân wiene dat André Looijenga, Bart Kingma, Gerard M. de Jong, Hein J. Hilarides, Karen Bies en Jan M. Rozendaal.

It boek mei bydragen fan alle skriuwers telt 518 siden, de Fryske bydragen dy’t ik lêze kin – der is neat oersetten – bedrage yn totaal 78 siden. Ik wie benijd nei de (‘krityske’) werklikheid yn dy oare lytse taalgebieten, skreaun troch de konfraters fan Fryslân.

De ynlieding op it boek, fan in Baskyske skriuwer, hat it oer it tichterby kommen fan de lytse talen troch it medium literatuer. Der binne gjin oersettings makke, sadat dy oare talen en har werklikheden ûnbekend bliuwe en op ôfstân.

 

Fryske bydragen
De Jong beskriuwt syn iensume striid foar it Bildts, skriuwt dat der yn Baskelân noch altiten martele wurdt, minsken oppakt en de mûle snoerd wurde. Dat is domwei fakenews en it betsjut dat je net fierder lêze. Rozendaal hat it oer Douwe Kalma, wat er ek yn Ljouwert dwaan kinnen hie, sadat dy werklikheid histoarysk is en net botte ynteressant.

Karen Bies skriuwt oer in kitsch- en kastielromanwerklikheid. Har wichtichste fraach is: ‘Is it ynteressanter om it mei in bûtenlanner te dwaan?’ Bart Kingma’s ferhaal oer bertsolari’s mongen mei de gifstoarjes fan Eta binne troch Fernando Aramburu yn Patria pregnanter beskreaun, omdat er it meimakke hat, en gjin betochte werklikheid is – wol kritysk en tige engazjearre, in geweldige roman.

Hein Jaap Hilarides begjint mei haadstik 1 fan in roman dy’t yn Slovenia spilet en beskriuwt in werklikheid dy’t daalk al problematysk wêze kin. De wrâld (fan dy lytse taal) dêr’t er ferkeart komt nei foaren, jo dûke as lêzer yn dy werklikheid. Utnoadigjend!

Datselde jildt foar de besite fan Looijenga oan Macedonia – jo priuwe de wrâld dêr’t er reizget, jo sjogge dy werklikheid dy’t sa ferskeelt fan dy fan Fryslân. De sterke styl fan it ferheljend proaza soarget derfoar dat it in nijsgjirrige werklikheid wurdt. Engazjearre.

Other Words hie de gelegenheid west om de werklikheid fan lytse talen yn Europa as fenomeen te beskriuwen, fragen te stellen, en it debat en de diskusje op gong te bringen. Is der in takomst? Fjouwer fan de Fryske bydragen hawwe mei de doelstelling fan it projekt neat te krijen, bydragen fan oare skriuwers yn dy oare lytse talen kinne net lêzen wurde. Weismiten jild?

 

Werklikheid New York Times 2 0 1 9

‘The authoritarians worst fear? A book’

Yn de New York Times fan 5 oktober l.l. lies ik in artikel dat heel moai by de oprop paste fan de Moanne oer de bining fan de skriuwers mei de werklikheid – it reflektearjen op dy werklikheid, it kritysk beskriuwen foar ’t neist. Kearnpunt yn dat stik wie ‘bestiet sensuer noch hjoed-de-dei?’

Erdogan hat koartlyn tûzenden boeken ferneatige, yn China bestean gjin frije boekhannels mear, de PEN moat noch altiten stride foar skriuwers dy’t opsletten binne (û.o. yn Turkije), en ISIS hat in hûndert tûzen seldsume boeken (soms mear as 1000 jier âld) yn ‘e brân stutsen, omdat se net fundamentalistysk genôch binne.

Heel wat media lykas Facebook, Twitter, Instagram, it ynternet as sadanich, kinne manipulearre wurde sûnder dat men dat troch hat. Fakenews slacht foar master op. By it lêzen fan in fysyk boek leit dat oars – de yntimiteit fan it lêzen fan in boek is folslein privee, de fantasyen, de ideeën en ûnderfinings fan de skriuwer en oaren yn it boek kinne jo feilich lêze. Dat fine autoritêre hearskers heel ferfelend, want se reitsje op dy wize de kontrole kwyt.

Osip Mandelstam dy’t der yn de goelag in ein oan makke sei it sa: ‘As se minsken om poëzy deadzje, dan hâldt dat yn dat se der bang foar binne, dat poëzy macht hat.’ Brave New World, 1984 en Fahrenheit 451 hawwe sjen litten hoe wichtich boeken binne, boeken dy’t net omlizzen geane foar de werklikheid.

 

 

Dit stik stie earder yn ‘de Moanne’ nûmer 7, 2019

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels