Wat it histoarysk kadaster ús bringe kin

Publisearre op 13 september 2019

THEO DELFSTRA – 

It kadaster is de offisjele ynstânsje dy’t grûnbesit en de eksakte grinzen dêrfan byhâldt. Elkenien dy’t in hûs of in lape grûn keapet, stiet dêryn fermeld. Mar it kadaster is net allinnich in boarne mei de aktuele registraasje. It giet mar leafst twa iuwen tebek, wêrtroch’t it in skat oan unike histoaryske data befettet, mar tagelyk ek de iennige mooglikheid om âld Nederlân unifoarm oant op detailnivo te rekonstruearjen. It Historisch Geografisch Informatie Systeem, koartsein projekt HisGIS, docht dat.

 

Wat is it histoarysk kadaster
It jier 1832 is belangryk, omdat dat it offisjele begjinjier fan it kadaster wie. Skiedkundich sjoen is dy tiid hiel nijsgjirrich. De histoarikus Auke van der Woud neamt dat de perioade fan ‘Het Lege Land’. It wie de tiid dat stêden noch lyts wiene en beheind ta it gebiet binnen de âlde stedsgrêften, der noch lapen ûnoantaaste woeste grûn wiene en de yndustriële revolúsje noch plakfine moast; spoarlinen en autowegen wiene der net en ek fan lânboukundige ruilverkavelingen dy’t it plattelân sterk feroaren, hie men noch nea heard. Mei oare wurden, grutte moderne feroaringen yn it kulturele lânskip wiene noch net bard. Dêrtroch jout de situaasje fan 1832 perspektyf om noch fierder werom yn ’e tiid te sjen. Faaks kin men sels in aardich byld krije fan de midsiuwen; foar in soad regio’s giet it dan om de oersituaasje fan permaninte bewenning.

 

In fergeliking tusken it topografyske byld fan Ljouwert yn 1832 en no. De kursor is posisjonearre op ’e Aldehou. (HisGIS ynterne demo).

 

HisGIS
Binnen Nederlân rint Fryslân op dit stuit foarop mei ûndersyk nei it histoarysk kadaster. Op ’e Fryske Akademy rint al sûnt 1988 in wittenskiplik projekt dat no bekend stiet ûnder de namme HisGIS (Historisch Geografisch Informatie Systeem). Professor Hans Mol is dêrfan de inisjator en projektlieder. Earst gie it om in papieren ûndersyk nei it Fryske kadaster fan 1832. Fanôf 1998 waard ynset op digitalisaasje, wat late ta de lansearring fan www.hisgis.nl: in kombinaasje fan kaartbyld mei opropbere dataynformaasje. Neidat Fryslân online stie, krigen oare regio’s ek ynteresse. Sadwaande steane der no ek oare provinsjes op de webside, wêrfan’t it wurk ek wer dien waard yn Ljouwert.

Troch wikseljende finansjele mooglikhedfen, ynherint oan wittenskiplike projekten sûnder fêste stipe, fariearret it team dat oan HisGIS wurket. Foar in part troch in tydlike finansjele ynjeksje fan de provinsje (yn it ramt fan it Deltaplan Digitalisearring Frysk kultureel erfgoed) wurken der op it hichtepunt yn 2017 mar leafst 13 dieltiid-betelle krêften oan HisGIS. Dêrneist binne der in soad frijwilligers by belutsen, benammen út Fryslân. Yn de tritich jier dat it projekt no bestiet, is der troch ferskate tsientallen persoanen oan wurke.

 

It HisGIS-team yn 2017, mei uterst lofts projektlieder professor Hans Mol (Foto: Richard de Boer, 2017)

It digitalisaasjeproses yn it koart
Simpel sein binne der fjouwer stappen om ta digitalisaasje te kommen fan it kadaster 1832 yn HisGIS. De earste stap is it sekuer posisjonearjen fan de âlde kadasterkaarten. Dat bart oan ’e hân fan lokaasjepunten dy’t troch de tiid hinne net feroare binne. Yn sommige gebieten binne dy punten rom foarhannen. Op oare plakken is dat hiel dreech, benammen yn feangebiet kin it foarkomme dat elk perseel op ’e kaart feroare is. As de posisjonearring slagge is, folget it saneamde fektorisearjen fan de kaart. Wat ûnearbiedich sein komt dat del op digitaal oertekenjen fan de fakjes op de kaart. Dêrby is de oansluting op omlizzende kaarten frij spesjalistysk wurk.

De tredde stap is de ynfier fan de teksten út it âlde kadasterboek. Dat moat allegear hânmjittich oertypt wurde. Foar elk perseel giet it om sa’n tweintich kolommen ynfo, lykas de namme fan de eigener en de grutte fan it perseel. Ek it gebrûk is fan belang: giet it om in gebou, tún, weide, greidlân, boulân, wetterke ensfh. Ast dy dan betinkst dat der foar hiel Fryslân hûnderttûzenen perselen binne, dan kinst wol útrekkenje dat dat in tige yntinsyf karwei is. As lêste is it tiid om al dy data opinoar ôf te stimmen en klear te meitsjen foar publikaasje.

 

Stap 1: de posisjonearring. Yn dit foarbyld giet it om ien fan de seis kaarten fan de kadastrale gemeente Burgum 1832. (HisGIS ynterne georeferinsjewebside).

 

Stap 2: it fektorisearjen. Hjir it sintrum fan Dokkum yn 1887. (HisGIS yntern fektorisaasjebestân).

 

Stap 3: de ynfier fan it kadasterboek, mei yn dit foarbyld in pagina fan Warkum. Yn 1832 telde it beheinde Warkum allinnich al 2.116 perselen. (HisGIS ynterne ynfiermodule).

 

 

In praktykfoarbyld: it hûs fan Salomon Levy
Mar wat kinne minsken no eins mei HisGIS? In aardige kasus is de resinte ûntdekking fan it hûs fan Salomon Levy. Dy folksheld fan ’e Westereen, oer wa’t yn juny noch in grut teäterstik opfierd is, waard bekend troch syn oandiel yn de folksopstân tsjin it Frânske rezjym yn 1797, it saneamde Kollumer Oproer. In oproer dat Salomon Levy letterlik de kop koste. Hy waard ûnthalze op it skavot fan it Ljouwerter Blokhûs. No waard it altyd foar ûnmooglik holden om it plak te finen dêr’t it hûs fan Salomon stien hat. Dochs is dat plak no fûn troch de sneupers fan de Historische Vereniging Noordoost-Friesland. De ûnmisbere kaaiboarne yn dy speurtocht wie HisGIS.

Salomon Levystoar yn 1798. Dat wie dus inkelde desennia foar it begjin fan it kadaster. Mar sels al hie it kadaster doe al bestien, dan noch soe Levy dêr net yn neamd wurde: hy wie nammentlik bewenner fan in hierhûs en gjin hûseigener. De Historische Vereniging wist wol ried mei dy beheiningen. De earste stap wie de folchoarder fan bewenners út folkstellingen en âlde belestingkohieren yn ferbân te bringen mei âlde keapbrieven. Dêrnei moasten de keapbrieven troch de tiid hinne folge wurde, om úteinlik de eigener yn 1832 te achterheljen. En doe koe dy útkomst relatearre wurde oan it histoarysk kadaster fan HisGIS, wêrtroch’tst nei hiel wat spesjalistysk prigelwurk de lokaasje te pakken hast dêr’t Salomon Levy wenne yn de tiid fan it Kollumer Oproer. It giet om it perseel dat no bekend stiet as Keimpe Sikkemawei 3 yn De Westereen. Dat feit is fansels in moaie oanfolling op de skiedskriuwing oer dy persoan, de kultuerhistoarje fan de lokaasje en it doarp. De ûntdekking soe him ek moai liene kinne foar bygelyks in plakette of monumintsje.

 

Mear mooglikheden
Boppesteande kasus lit goed sjen hoe’t oare boarnen keppele wurde kinne oan it ykpunt fan it kadaster fan 1832. De Historische Vereniging brûkte dêrfoar eigen sammele materiaal, mar HisGIS keppelet sels ek ekstra kaarte- en datalagen. Mei stipe fan de provinsje Fryslân wie it bygelyks mooglik om foar hast alle Fryske stêden ferskate ferrikingsboarnen te keppeljen út de perioade 1750-1900. It giet dêrby om folkstellingen en belestingkohieren, mar foar inkelde stêden ek om gevelsketsen en antike foto’s. Dêrtroch befettet HisGIS net mear ien momintopname, mar wurdt de dataset dynamysk troch de tiid hinne. Spesjalisten sprekke dan fan Time Machines. By de realisaasje fan dy Time Machines wie de help fan frijwilligers fan grut belang, sy hawwe ûnmisbere spesifike kunde oer harren stêd. Al mei al in goed foarbyld fan Citizen Science, oftewol wittenskip dy’t ta stân kaam is mei kunde fan boargers (de mienskip).

 

In oare ûndersyksmooglikheid yn HisGIS: kadastrale opbringst per hektare yn Fryslân 1832. De kontoeren fan de fruchtbere klaai en âlde Middelseegrûn binne dúdlik sichtber. (HisGIS iepenbiere webside Fryslân).

 

 

Takomst
HisGIS is dus mear as allinnich in kaart en te beskôgjen as in soarte digitale tiidmasine, wêryn’t alderhanne ynformaasje oproppen en kombinearre wurde kin. It hat bliken dien dat mearderlei minsken dat wol nijsgjirrich fine. HisGIS hat profesjonele brûkers, lykas amtners fan romtlike oardering, beliedsmakkers op it mêd fan erfgoed, ekologen, archeologen en lânskipshistoarisy. Mar der is ek in breder publyk, bygelyks stambeamûndersikers en minsken dy’t algemien ynteressearre binne yn de skiednis fan harren hûs, wenplak of regio.

HisGIS bestiet no tritich jier en wit hieltyd wer te ynnovearjen. Wat begûn as in papieren projekt is no dé nasjonale spiler wurden op it mêd fan histoaryske geo-ynformatika. Yn prinsipe is it mooglik om de besteande dataset út te wreidzjen mei alle mooglike kaarten en boarnen. Tink oan hichtekaarten, loftfoto’s, folkstellingen, âlde belestinggegevens, de Boargerlike Stân, in histoaryske rûteplanner, je kinne it sa gek net betinke. De mooglikheden binne hast ûnbegrinze. De iennichste handicap is dat it pionierswurk is dat nea earder dien is yn Nederlân. Dat makket dizze wittenskip arbeidsyntinsyf. It duorret dus even, mar dan hast úteinlik in skat oan kultuerhistoaryske data!

 

Time Machine Dokkum, wêryn’t it kadaster fan 1887 kombinearre is mei de moderne Google Streetview, geveltekeningen út 1950 en data út it kadaster en de folkstelling 1829. (HisGIS iepenbiere webside Dokkum).

 

Mear witte? Sjoch: www.hisgis.nl, Salomon Levy themanummer – De Sneuper 134 (juny 2019) en Het Lege Land – Auke van der Woud (1987)

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels