Ut de tiid falle yn Bokwert

Publisearre op 12 oktober 2017

RYNK BOSMA – 

‘It is myn tiid net mear’, sa sei skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde ea tsjin in buorman. De jeier hie it gefoel as hy mei it brutsen gewear troch syn doarp fytste dat hy hast in oarlochsmisdiediger wie. In korrespondint fan Starum stjoerde de sjoernalist Van der Velde fan de Ljouwerter Krante geregeldwei stikken yn sok hertferskuorrend Frysk Nederlânsk dat hy tocht ‘Hjir moat ik wat mei dwaan’ en sa ûntstie de rubryk Bokwerter Belang dat it tweintich jier úthâlde.

 

In foarstelling wêr’t je betiden ek de opmerking fan Van der Velde troch hinne priuwe: ‘It is myn tiid net mear’. Better is te sizzen: mei in soad wille in jûn út de tiid falle.

 

It wie tagelyk it paad nei de teaterfoarstelling Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018 fan Jan Arendz en Marijke Geertsma mei Anneke Hondema yn in gastrol. Skriuwer fan de foarstelling is Bonne Stienstra, hy hat Rink van der Velde goed kennen en Van der Velde beskôge him as ‘erflater’. De foarstelling spilet him ôf yn in fergaderseal mei Arendz en Geertsma efter de tafel, elk hat trije rollen en dat betsjut in warber hin en wer rinnen. It hâldt ek de faart yn ‘e foarstelling dy’t eins nea oars wol as de minsken op luchtige wize in noflike jûn besoargje.

It doarp Bokwert set him ôf tsjin de ‘hoofdplaats’ Ljouwert dy’t dwaande is mei de L(jouwert) F(ryslân) 2018, dus net mear Culturele Hoofdstad (CH) of Kulturele Haadstêd 2018 (KH). Om dêr de gek mei te ha is net sa’n keunst, it barren sels draacht genôch ‘munitie’ oan om je te fernuverjen oer de tiid fan no. Dat de Fryske kultuerdragers it ôflizze moatte tsjin de artistike folksstammen fan bûten de provinsje is al langer bekind. It liket it ferhaal fan de ‘happy few’ fan de keunst dy’t mei de nedige earmtakken mei ite wolle. Wat oars kin der net fan makke wurde.

Hoewol, wat oars dat kin wol, sa rûch as hjir boppe docht de foarstelling Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018 it net. Súntsjes wurde de fingers op de seare plakken lein mei it doarpslibben sintraal. De minsken in spegel foarhâlde, de gek ha mei jesels en oaren, dat is de kearn fan Bokwert Kulturele Hoofdplaats 2018 dat eins nea giftich wurdt. It is in sit sûnder skoft, mar ek in sit sûnder ‘ontknoping’ of it moat wol de ferkiezing ta kulturele hoofdplaats wêze. Dat de haadpersoanen kwa karakter oan de opperflakte bliuwe hat te krijen mei de luchtige formule. Ferwachtsje net dat it oer it Ingels stroffeljende ‘management’ fan LF 2018 mei de djipgong fan in wetterplasse de maat nommen wurde kin mei de djipgong fan in oseaan. Nee it bliuwt by typkes.

De notuliste is in Nederlânske dame en sa slûpt it Bokwerts de foarstelling yn. It grutste neidiel fan it út it Frysk letterlik oersetten Nederlânsk, Bokwerts dus, is dat in soad jongerein fan ûnder de tritich betiden de Fryske wurden net mear kenne. ‘Skytskoarje’, ‘By de rûs’ en sa binne der wol mear útdrukkings dy’t net mear brûkt wurde, lit stean begrepen troch de jongerein. Dat betsjut dat in âlder publyk de doelgroep wêze sil fan dizze foarstelling. En dan hoege je gjin profeet te wêzen om no al te foarsizzen dat de doarren iepen fleane sille op de ferskillende doarpen, dat de kaarten dy selde doarren útfleane sille. In jûn om te gnizen, of sa’t it personaazje Cora oan de ein fan de jûn mei in soad selsspot seit: ‘Wy ha ús domme jûn al hân’. In foarstelling wêr’t je betiden ek de opmerking fan Van der Velde troch hinne priuwe: ‘It is myn tiid net mear’. Better is te sizzen: mei in soad wille in jûn út de tiid falle.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    SJOERD BOTTEMA -   Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]

  • Kategory: Literatuer,Resinsje

    ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]

  • Kategory: Opiny,Teater

    HANS BRANS - Een festival van twaalf dagen om een nieuw artistiek leider welkom te heten - dat is een opmerkelijke, nooit eerder vertoonde openingszet. [...]