Untwerp

Men kin net libje sûnder saken dy’t simpele moai binne!
Siswize fan ’e Guno-stam út Ivoarkust

 

Design, dé tsjoenspreuk fan ’e hjoeddeistige maatskippij. Design, Lifestyle en gean sa mar troch. In minske soe hast tinke dat hy of sy der net mear by heart as der gjin neo-futuristyske Italiaanske
Espresso-Lavazza of Bezzera Domus Galatea kofjemasine yn ’e hûs stiet, dan libje jo ommers net it libben fan in folslein mei alles op ’e hichte wêzend modern minske. Mar sels as je mei dat alles neat te krijen hawwe wolle, ûntkomme je der net oan, design is oeral om je hinne, sels hiel ticht op ’e hûd en séls, neffens guon dan, heart ek dy hûd by design, diel fan it ûntwerp fan de Grutte Designer. Mar wat betsjut no eins it wurd design? Neffens it Ingelsk wurdboek kin design meardere betsjuttings hawwe, û.o. plan, doel, eachmerk, tekening, foarmjouwing. Dúdlik is dat der oan ’e basis in idee foar eat leit (foar en fan wat dan ek) en dat dêr in sketske, al of net mei de hân en op papier (ja, dat kin noch) of mei de kompjûter, fuort yn 3D, fan makke wurdt.

Op dit stuit is Dutch design in begryp yn ’e hiele wrâld. Ien fan ’e helden fan dy streaming, hoewol’t it miskien mear in wisse hâlding is, is de tige nijsgjirrige ûntwerper Piet Hein Eek, bekend fan syn kasten en meubels, makke fan saneamd sloophout en ôffalmaterialen. Hy ûntwerpt en makket (tsjintwurdich bystien troch in hiel team fansels) fraaie saken, fan guod dat troch oare minsken, wol gauris letterlik, oan ’e dyk setten is. Mar ek súksesfolle hjoeddeistige jonge ûntwerpers binne fansels skatplichtich oan ’e Nederlânske ûntwerpers fan it earste begjin, sa as dêr bygelyks binne Gerrit Rietveld, (arsjitektuer en meubels) Mart Stam (meubels) en resinter immen as Fong Leng (moade).

Hiel wichtich by in ûntwerp is fansels de fraach: Is een produkt funksjoneel? In teepot sûnder hânfet kin bêst grappich wêze, yn ’e praktyk is it brûken fan sa’n ding planút ûnhandich. Oan it begjin fan de belangstelling foar it ûntwerp yn ’e breedte, stiet lykwols ien ynstitút dat net wei te tinken is yn ’e ûntjouwing fan design. BAUHAUS ha ik it dan oer fansels en dan net de boumerk dy’t je yn Dútslân en dwers troch hiel Europa fine kinne, mar it ienige orizjinele  BAUHAUS, oprjochte yn 1919 troch de arsjitekt Walter Gropius yn Weimar, letter ferhuze nei Dessau en noch in jier fêstige yn Berlyn, oant de nazys definityf in ein makken oan dat foar in part utopistyske ynstitút. De studinten dêr krigen les of eins mear begelieding fan ek doe al tige ferneamde keunstners, arsjitekten en ûntwerpers.

Yn it basisjier moasten de studinten alle trajekten (meubels ûntwerpe, timmerje, modeltekenje ensf.) folgje en yn ’e kunde komme mei ûntelbere materialen en keunstuterings, letter koenen se dan ferskate ûnderdielen útsykje om harsels yn te ferdjipjen. De minsken op it Bauhaus, begelieders en studinten, wurken yn in sfear fan: ‘Wy sille in bettere wrâld meitsje mei lokkiger minsken’. Net in ferkeard of beroerd útgongspunt fansels, allinne rûn it yn it Dútslân fan nei de Earste Wrâldoarloch allegearre krekt oars en wie de betreklike frede nei fyftjin jier alwer op wei nei in nije kriich, mar ek dy perioade koe net sûnder ûntwerpers. Minsken dy’t belutsen wienen en binne by it prinsipe fan BAUHAUS lêze net graach BAUHAUSCHWITZ en dochs… ôfstudearre studinten lykas Franz Ehrlich en folle slimmer Fritz Ertl en Walter Dejaco wurken as ûntwerpers foar de nazys, wêrby’t de lêste twa persoanen werklik de gaskeamers en krematoaria ûntwurpen, mei de opdiene kennis oan it BAUHAUS alles sa funksjoneel mooglik fansels, folslein yn ’e geast fan it ynstitút.

Yn dy ûntwerpen binne dan letter ek Joadske BAUHAUS-studinten fermoarde, minsken dy’t meielkoar befreone west hawwe en les hân hienen fan Kandinsky, Klee en Mies van der Rohe. Design kin dus ek mar al te maklik brûkt én misbrûkt wurde om sinistere plannen te ferwurklikjen. Ek de Atoom- en Wetterstofbommen komme gewoan út it kopke en fan ’e tekentafel.  No mar efkes wat fleurigers tocht ik. Eco-design, ien fan ’e nijste tûken oan ’e  ûntwerpbeam… planten, struken dy’t yn skilderijlisten gewoan hingjend oan ’e muorre waakse en blomkje. Hiel tichtby dus… it farske krûderekje yn jo eigen keuken, net mear op it balkontsje of gewoan normaal yn ’e tún… nee, boppe en om it kôkeilân… goed idee… ik tink dat ik mar ris rjochting tekentafel sil.

Anne Feddema

Comments
Ien reaksje oan “Untwerp”
  1. sibe jan schreef:

    Moai stik, Anne!
    We moatte it der marris oer hawwe, mei in Milchkaffee of in Lammsbräu, watte?

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.