Undúdlikens PR Rink van der Veldepriis 2012

Publisearre op 20 februari 2012

SITO WIJNGAARDEN –

Op woansdei 15 febrewaris waard de winner fan de twajierlikse Rink van der Veldepriis 2012 bekend makke en de priis útrikt. Op freed 10 febrewaris waard fia in tweet fan Tresoar wrâldkundich hokker boeken troch de sjuery foar de priis nominearre wiene. In parseberjocht mei de bekendmakking fan de nominaasjes hat der nea west. Sa wist de oanwêzige parse pas by de útrikking dat der ek mei nominaasjes wurke waard. Boppedat, sa docht bliken, is de rolferdieling tusken de gearwurkjende organisaasjes om de Rink van der Veldepriis hinne ûndúdlik. Dêrfan binne de nominearre skriuwers spiternôch de dupe.

Wieke de Haan – Fryske Boek/Tresoar, kontaktpersoan sjuery
“Us rol is it dwaan fan in foarstel oer it beneamen fan in sjuery en dy sjuery byinoar te roppen, tegearre mei de kontaktpersoan fan de Friese Pers Boekerij. Us rol is fierder om der foar te soargjen dat de sjueryleden de beëage boeken thús krije. Sa’t ik it begrepen ha soe de gemeente Smellingerlân in parseberjocht ferstjoere mei de nominaasjes.”

Teake Oppewal – Tresoar
“Allerearst wol ik sizze dat it in stap foarút is dat der mei nominaasjes wurke is. Dat is by literêre prizen yn Fryslân sa dúdlik net earder dien, neffens my. It is spitich dat prosedureel net alles goed gien is. Ik hie oerlis hân mei de sjuery dat de shortlist op Sirkwy komme soe. Freed krige ik berjocht. Moandei soe de gemeente Smellingerlân it parseberjocht de doar út dwaan. Yn de evaluaasje moat goed sjoen wurde nei in heldere proseduere foar alle partijen.”

Symen Schoustra – Sjueryfoarsitter Rink van der Veldepriis 2012
“As sjuery ha wy foar de priisútrikking gjin streekrjocht kontakt en oerlis hân mei de kommunikaasje-ôfdieling fan de Gemeente Smellingerlân. Dat ik kin dy net fertelle hoe’t se krekt wurkje. Kinst der fan útgean dat se net op de hichte binne mei de literêre media en spilers yn Fryslân. Doe’t de nominearren bekend wienen, ha ik frege oft se dêrfan ek in parseberjocht ferstjoere soenen. Dat wie in ja, mar de kontaktpersoan koe my net fertelle wa’t dat dan krije soenen. Doe ha ik frege oft ik it trochjaan mocht oan Sirkwy.nl. Dat wie akkoart, mar dat mocht pas op freed oan it ein fan de middei.”

“Foar de takomst soe it better wêze mei in plenning/draaiboekje te wurkjen en de nammen fan de kânshawwers 4 wike yn it foar bekend te meitsje. Dan kin it literêre wrâldsje der oer gear en dan krije alle nominearre boeken en skriuwers – en de literêre priis – fansels folle mear oandacht by it publyk. Yn elts gefal hat bliken dien dat de Rink van der Velde Priis bliuwe moat. Ik bin beskikber om mei te tinken oer ferbetterings.”

Ynskje Hoekstra – Beliedsmeiwurker Kultuer, Gemeente Smellingerlân
“Troch in misferstan blykt dat yndie de nominaasjes net mear nei de parse stjoerd binne. Dit fine wy tige spitig foar de nominearden, dy’t de muoite naam ha om te kommen. Wy sizze hjirby ta dat wy hjir de oare kear omtinken oan jaan sille. Ek sille wy de sjuery freegje om de nominaasjes yn it ferfolch earder beskikber te stellen.”

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels