Unbekend lân

ELSKE SCHOTANUS – 

It Posthús op It Hearrenfean sit bepaald net bomfol as Het Houten Huis en Oorkaan Onbekend Land foar it fuotljocht bringe. De sfearfolle foarstelling, fol mei muzyk – betsjoenende lûden – en prachtich foarmjûn, is ornearre foar in publyk fan seis jier ôf en referearret oan de flechtlingeproblematyk.

In famke, of jonge frou (Inez de Bruijn), mei har koffer, bedarret nei in lange reis yn in beëangjend kâld en driigjend lânskip. Hjir sil sy bliuwe, it sil har thús wurde, mar alles is oars as sy wend is. It famke brûkt amper wurden en as sy praat is it, troch de muzyk, meast ûnfersteanber. Ik leau net dat it de bedoeling is, wat ál de bedoeling is, is sjen litte dat sy mei de minsken yn it ûnbekende lân net kommunisearje kin. As it famke oankomt wurdt sy skend, labele en tablaft yn in foar har ûnbekende taal troch de muzikanten dy’t tagelyk ek spilers binne.

 

De sfearfolle foarstelling, fol mei muzyk – betsjoenende lûden – en prachtich foarmjûn, is ornearre foar in publyk fan seis jier ôf en referearret oan de flechtlingeproblematyk.

 

Foar Onbekend Land wurket it Grinzer selskip Het Houten Huis gear mei it Nordland Visual Theatre, in produksjehûs dat op de Lofoten – in eilannegroep yn Noarwegen – har basis hat. Sy fersoargje de prachtige fisuele fynsten yn it stik. It dekôr, in iisberch of -flakte bestiet út wite trijehoeken, dy’t fan foarm feroarje kinne. De iene kear giet it om de suggestje fan in hús, dêr’t it famke in foto fan har dierberen ophinget, in oare kear wurde it wite, as origami tearde papieren fûgels. Brieven wurde ferstjoerd en komme oan yn sjippebûlen. Ien fan de muzikanten docht de hoed ôf en tusken holle en hoed ferskynt in stêd. De twadde docht de jas iepen en blêdet troch it pop-upboek ûnder de jaspân. En nûmer trije toant de wrâld oan de binnenkant fan syn papaplu. Prachtich.

It driigjende – seker yn it begjin – sit net sasear yn it kille fan it wite dekôr, mar yn de lûden fan Oorkaan, musisy dy’t ek teatrale konserten foar bern fersoargje. Der is in trompet en in akkordeon, mar ek triedden, spand tusken trommels, en metalen platen wurde ynset. Soest tinke dat it dan wer driigjende, dan wer drôve karakter fan de muzyk net geskikt is foar bern fan seis, mar it is mûsstil yn de seal, dat it sil tafalle.

Dat der amper taal yn foarkomt makket it net hiel maklik om it ferhaal der út te destilearjen, de foarstelling is earder sfearysk. Bern sille ek net oan de flechtlingeproblematyk tinke, teminsten, net yn de sin fan Syriërs of Eritreeërs dy’t nei Europa komme om oan wrede oarloggen te ûntkommen. It famke, yn har reade mantel, is in Nederlânsk famke en it is krekt dêrtroch dat ynfielber makke wurdt hoe’t it is as je as ‘ding’ behannele wurde en yn in frjemde taal beneiere. De musisy (Radek Fedyk, Martin Franke & Raimund Groß) as grinswachters, ‘prate’ mei help fan noasfluiten, in taal dy’t it famke harsels oan ’e ein ek oanleart.

Nei ôfrin wurde de bern op it toaniel nûge om it dekôr te besjen en fragen te stellen. Manmachtich stowe se it poadium op.

 

Noch te sjen op 25 en 26 february yn it Grand Theatre yn Grins.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.