Unbe-nul-lich?

GERBEN DE VRIES – 

Yn ús studintejierren makken wy der wolris grappen oer. In Drint of in Saks koene je goed op ‘e kast krije mei de opmerking dat hja echte ‘zandkoppen’ hiene. Dat wie fansels in fette knypeach nei de folkenkunde fan – doe – in jier of fjirtich, fyftich werom. Dy pseudowittenskip seach benammen yn it noarden fan Nederlan in dúdlik ûnderskied tusken brachycephale en dolicocephale minsken. Mei oare wurden; tusken lju met brede en rûne koppen en dy mei langere hollen. Der waard yn dy tiid sels oan skedelmjitting dien om te sjen oft in bepaalde plattelanner – it wiene altyd minsken út doarpen – bepaalde skaaimerken hie fan ien fan de twa haadtypen.

Dat wie it earste wat ik tocht doe’t ik hearde fan it boek fan Sietse van der Hoek, ‘Langs de nullijn: de twee kanten van Nederland’. Mei in sekere artistike geografyske frijheid tekene Van der Hoek in diagonale line fan Goes nei Grins. Sadwaande kaam der noch krekt in stikje Fryslân oan de rjochterkant fan dy line. Want de auteur wol it lân moai ferpartsje yn in helte ûnder en in helte boppe de seespegel. Oan de rjochterkant fan de nulline de sângrûnen – mei sis mar de sânkoppen – en oan de linkerside it lege lân fan klaai en fean. Dêr sille dan wol minsken wenje mei klaaikoppen, feankoppen of wetterkoppen.

 

De skriuwer wol ha dat de Wâlden ‘overwegend Christelijk’ binne, mar ferjit dêrby wol út it each dat it soasjalisme hjir sawat útfûn is. Krekt Dokkum en de klaai derby, oan de oare kante fan de Nulline, binne altyd in stik ‘finer’ west.

 

No giet it Van der Hoek net om in matematysk-geografyske yndieling fan Nederlân, mar om in mentaliteit. It is de tsjinstelling fan noftere rjochtlinchheid tsjinoer romantyske dreamerij, protestantisme fersus katolisisme, idealisme tsjinoer realisme. Ofwol moderniteit fersus tradysje. Sietse van der Hoek ferwiist yn it foarste plak nei de sosjolooch Evert Willem Hofstee, dy’t dizze ûntdekking begjin jierren sechtich fan de 20ste iuw die.

Yn de literatuerlist stiet it net, mar Van der Hoek hie him fansels ek ynspirearje litte kind troch ‘De oude plattelandsbeschaving. Een sociologische bewustwording van de overherigheid’ fan A. J. Wichers út 1965. Ek Wichers socht nei it ferbân tusken grûn, leauwe en mentaliteit, dy’t ek de ekonomyske, sosjale en yntellektuele sitewaasjes foarmen. Sa kinne Friezen yn Wichers syn wurden karakterisearre wurde troch frijheidssin en idealisme, earsucht, ûnbuchsumens en eigensinnigens, wylst de minsken fan de Feluwe earder liede oan passiviteit, brek oan ynisjatyf, wantrouwen en konservatisme. It is hast it goed-foutskema fan de Twadde Wrâldkriich.

Hawar, mei Van der Hoek reizgje wy ôf nei Dokkum en de Wâlden, oan wjersiden fan Sietse’s nulline. Hy set útein mei de op himsels nijsgjirrige meidieling dat nearne yn it Waadgebiet – fan Den Helder oant Esbjerg – de kuststrook sa tin is (8 km), wylst dy yn Westergoa krekt sa breed is. Wol of gjin kustlân, dat makket foar him in wrâld fan ferskil. De moard op Bonifatius makke neffens Dokkumer Broot Adema de stêd ta in wichtige Europeeske stêd. Ach, at Dokkum yn katolike sin net sûnt 1990 op ‘e nij ûntdutsen waard, wie it gewoon in lyts provinsjestedsje bleaun. En by myn witten is it hjoeddedei noch altiten gjin Lourdes of Santiago de Compostela.

De oergong nei it koulissenlanskip fan de Wâlden is foar Van der Hoek ‘frappant’. Hy tinkt dat it houtwallelânskip ‘… een type landschap (is) dat eeuwenlang de oostelijke zandgronden in heel Nederland domineerde’. It haw net it idee dat it lânskip fan de Wâlden al in protte ieuwen âld en yn takt bleaun is; dit gebiet is echt net te fergelykjen mei it sângebiet fan Drinte!

Van der Hoek tinkt ek dat streken dêr’t eartiids earmoede hearske, oare ‘godsdienstigheden’ hawwe en wiist dan op bygelyks de Pinkstergemeente. Dat hat lykwols earder te krijen mei it feit dat in grut part fan de befolking fan bûten kaam en dêrom net sa maklik – as yn oare Fryske doarpen – dissipilinearre waard troch de hearskjende tsjerke. Datselde sjocht men ek yn de Grinzer en benammen Drintske Feankoloanjes. De skriuwer wol ha dat de Wâlden ‘overwegend Christelijk’ binne, mar ferjit dêrby wol dat it soasjalisme hjir sawat útfûn is. Dokkum en de klaai, oan de oare kante fan de Nulline, binne altyd in stik ‘finer ‘west.

Van der Hoek wiist dan op de linkerside fan de line, nei it PvdA-bolwurk Harns. Mar de Súdwesthoeke, ek oan dy kant, is noch altiten behoarlik ortodoks. Sa siket de sjournalist my wol wat al te selektyf en subjektyf syn foarbylden út. Dat der ferskillen binne tusken ferskeidene lânskippen en wa wit mentaliteiten, hat er dêrmei net oantoand. Mar hy beslút syn stik oer Fryslân mei in moai byld. ‘Nu is er nergens ter wereld zo’n dichtheid aan leegstaande kerkjes als langs de noordelijke kust, in Friesland overigens iets minder dan in Groningen.’ Yn de Drintske Feankoloanjes trouwens ek, mar dat gebiet leit wer oan de oare kant.

 

Sietse van der Hoek, ‘Langs de nullijn: de twee kanten van Nederland’. Singel Uitgeverijen, 320 siden. €19,95

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.