UIT-Festival 2018
Publisearre op 12 juli 2018
It Marboei-projekt, troch Marrekrite en ‘de Moanne’ – Poëtyske ankerplakken op it Fryske wetter
Op snein 2 septimber tusken 13:00 en 17:00 oere presintearje kultureel tydskrift ‘de Moanne’ en rekreaasjeskip Marrekrite alle oeren 4 dichters mei Fryske, Nederlânske en Flaamske poëzij. De Marboei-dichters Saskia Stehouwer, Maarten Inghels, Syds Wiersma en de Dichter van Fryslân, Eeltsje Hettinga bringe in literêr programma fol prachtige Marboei-poëzij. Wolkom yn de Ljouwerter Prinsetún oan bakboardkant fan it Marboeiskip. Nim plak op ien fan de Marboeien yn de Prinsetún en lústerje nei de moaiste poëzij fanôf it Fryske wetter tidens it UIT-Festival Ljouwert.
Yn opdracht fan de Marrekrite lansearre de Moanne ferline yn 2014 it projekt ‘De Marboei’. In marboei is in poëtysk ankerplak op it Fryske wetter. Maarten Inghels, Saskia Stehouwer, Piter Boersma, Eeltsje Hettinga, Lida Dykstra, Dien L. de Boer, Syds Wiersma, Joost Oomen, Elske Kampen, Erik Lindner, Arjan Hut, Jaap Krol, Ellen Dickwitz, Elmar Kuiper en Marjoleine de Vos skreaunen in gedicht of ferhaal op ien fan de Fryske wetters.
De gedichten en ferhalen binne mei GPS-lokaasje werom te finen fia de mobile Marboei-webside dy’t bûn is oan in boei op de mar. Sa binne der ûnder oaren gedichten te finen op de Hegemer Mar, de Alde Feanen, de Swarte Brekken, de Sleattemer Mar, de Burgumer Mar, de Lauwersmar, de Sitebuorster Ie. Mear witte oer it projekt? Besjoch alle fideo’s en ynterviews dy’t Remco de Vries foar it projekt makke yn it Marboei-dossier.
Snein 2 septimber, 13:00 – 17:00 oere, Prinsetún, Ljouwert, tagong fergees
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]