fotografy: Johnny en Jesse yn New Orleans

Twa Remy’s op kleurleaze roadtrip

ARJAN HUT – C’mon C’mon is in nije, yn swart-wyt sketten film fan de Amerikaanske regisseur Mike Mills. Mills makket ek fideoklips en ûntwerpt platehoezen, hy is û.o. ferantwurdlik foar dy fan Moon Safari en The Virgin Suïcides fan it Frânske elektroanyske duo Air. In soad ‘air’ sit der net yn dizze film, it is in stimmige affêre, dreaun troch taal en aktearwurk. Johnny (Joaquin Phoenix) spilet in radiomakker dy’t yn ferskate stêden bern ynterviewt oer harren gefoelens en takomstperspektiven.

Op himsels sil elke âlder yn dizze wrâld wol in knipend gefoel yn de mage krije by it tinken oan wat der yn de takomst noch foar de kommende generaasjes oer is, mar Johnny giet saaklik te wurk en jout net allinne de bern de romte, hy nimt ek syn eigen prakkesaasjes op. Hy hat in drege relaasje mei syn sus Viv. Viv hat in hiel swier libben, dat strielet fan har gesicht yn elke sêne. Har man is bipolêr en se draait allinne op foar de soarch fan harren soantsje Jesse. Johnny wol wol helpe, mar Viv is noch lilk oer dingen fan eartiids en drok mei it meitsjen fan ferwiten. De jonge Jesse, in soarte fan mini-Johnny, hat gjin freonen en giet foaral mei drege, yn harsels ferdwaalde folwoeksenen om. Sa praat it mantsje as in folwoeksene. Hy boartet graach dat er in weesbern is. As mem al har oandacht nedich is om bipolêre heit by te stean, sil omke Johnny mar op Jesse passe. Hy nimt him mei op syn roadtrips van thúshonk LA nei New York en New Orleans.

“Viv hat in hiel swier libben, dat strielet fan har gesicht yn elke sêne.”

In praatfilm, mei in soad dialogen, monologen, ynterviews. It ferhaal ûntjout him stadich, dreech en stjitterich. In soad herhelling fan wurden en tinzen. Jesse wurdt spile troch de jonge Ingelske akteur Woody Norman. In âld mantsje yn in jong liif, dat wurket somtiden op de senuwen. Omke Johnny is mei him oan, mar is dochs ek benammen mei himsels dwaande. Eksistinsjele need, jin ferlern fiele, alle personaazjes jouwe har mar wat oer oan it libben en driuwe mei yn de stream. Johnny besiket sa korrekt mooglik te hanneljen, mar boekjewiisheid en realiteit botse gauris. Gauris is Johnny mei Viv oan it chatten of beljen, wylst Jesse om oandacht jengelet.

Louise Brooks hat it swier

Louise Brooks
De swart-wyt bylden jouwe de film in bepaalde rêst en in klassyk karakter. De bylden fan Johnny en Jesse yn New York of New Orleans binne prachtich, en somtiden, as de dialogen ferfele, is it hearlik om achter de akteurs de stêd te besjen. Lichte krityk is der oan de ein op de Amerikaanse kultuer fan koarte termyn-tinken, skaalfergrutting en ienheidswoarst, wêrtroch’t sels it unike karakter fan in stêd as New Orleans hieltyd mear ferdwynt. It unike giet op yn de winst.

In opfallende rol is der foar (lûde) klassike muzyk, Jesse hâldt bygelyks fan Mozart. Yn de hûskeamer fan Jesse en syn mem hinget fierder in grut portret fan aktrise Louise Brooks oan de muorre. It komt in tal kearen prominint yn byld. Brooks wie in stronteigen-wize, mar tige yntelligente aktrise, ferneamd om har rol as Lulu yn Pandora’s Box (1929), hiel even in ikoan en in stjer yn it swart-wyt tiidrek. Nei har karjêre waard se in kluzener, libbe allinnich en anonym. Dat gefoel fan iensumheid en botse mei de wrâld trochsingelet C’mon, C’mon. Ah, miskien hie de film sterker west as it net allinne sûnder kleur west hie, mar ek, lykas yn de gloarjedagen fan Brooks, sûnder sprutsen tekst.

C’mon C’mon draait yn Ljouwert by Slieker Film.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.