Tusken Twa Tuorren muzikaal feest

RYNK BOSMA –

De foarstelling Tusken Twa Tuorren yn Wergea giet fansels net alhiel tafallich diels oer de djippere betsjutting fan Sint Maarten. Net allinne is de katolike Sint Martinustsjerke yn Wergea neamd nei dizze hillige dy’t benammen yn ferbân brocht wurdt mei in ferske sjonge en dan as bern mar hoopje op suertsjes en oar snobbersguod. Yn Wergea leit de klam op de oare kant fan syn tinken, it dielen en gastfrij wêzen. It is yn de praktyk faak lykas it Carnaval dat ek op dy alfde novimber úteinset, wol de oerflakkige lusten fan it katolike feest mar net de lêsten.

 

De foarstelling hat op in prachtige wize in djippere betsjutting jûn oan de katolike suertsjekening.

 

De foarstelling Tusken Twa Tuorren hat op in prachtige wize in djippere betsjutting jûn oan de katolike suertsjekening en jout him it hillige habyt werom. Want de soasjale gearhing fan it doarp stiet op it spul no’t de tsjerke oergiet nei de gruttere parochy fan Ljouwert. It kin net mear út, der komme hieltiten minder minsken. En sa komt ek dy sa wichtige soos faai te stean.

It is yn dy tsjerke net alhiel tafallich dat pake Karst Sikkema fuortendaliks al stroffelet ear’t hy it wurd nimt. Syn siel leit yn it bestean fan de soos sa’t dy ea bestie, hy hat de leeftiid fan spierpine, reuma en jesels werhelje. En dêr hat Karlien as pakesisser en foarsitter fan de jeugdsoos gjin boadskip oan. De soos krijt it betsjutting mei fan de Akropolis yn Athene; wat is dy Grykske stêd sûnder dat gebou fan gloarje, wat is Wergea sûnder syn soos. De dûnsjende nimfen ferwize nochris nei dy fergeliking mei Athene. Fansels mei de nedige selsspot, ek al is de muzyk op de trompet wol sa moai mankelyk dat allinne dêrom al alles bestean bliuwe moat.

Ald tsjinoer nij, dat is de kar dy’t yn elk doarp altiten weromkomme sil. Sikkema wol de soos fan de tsjerke keapje en yn eigen behear hâlde, mar miskien is dit ek wol in betinksel ‘fan in âld man dy’t syn jeugd opnij belibje wol’ sa’t ien dat neamt. En de takomst? Miskien de tsjerke as in Wellness Resort, as in plak om de eigen rêst werom te finen. De eigen takomst opnij stal jaan en sa reizget it publyk lâns de reade tried fan de âlde Sint Martinus nei de nije Bidler dy’t de nije klean fan teater en kultuer al oanlutsen hat.

It nije fan de soos yn de foarm fan rapmuzyk, it bestean yn 2040 fiere as plak dêr’t minsken mei elkoar wêze kinne, plak foar hobby’s of selfys as dat teminsten dan noch bestiet. Mar dan sûnder al dy plysjeregels want de romte moat beheard wurde as behearder en net as plysjeman. En sa wurdt de swalker fan de nije tiid yn de klean fan in pylger in nij ûnderkommen oanbean. Miskien is de dream wol grutter as de winsk, is it fier sjen nei de takomst wol moaier as de takomst sels. Mar as it sa ferpakt is as yn de foarstelling Tusken Twa Tuorren mei prachtige muzyk, mei sa’n 200 ynwenners dy’t allegearre in stientsje bydrage, dan jout it neat. In foarstelling hat it foarrjocht moaier te wêzen as wat de dei fan moarn ús taseit. En dat rjocht hat dit fleurige muzykteater mei beide hannen oangrepen, want it is in muzikaal feest wurden.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.