Tsjits Peanstra ta oantinken

Publisearre op 10 maart 2014

JELLE BANGMA –

Op freed 28 febrewaris 2014 ferstoar de dichteresse Tsjits Peanstra, 89 jier âld en op 6 maart is hja te hôf brocht yn Raerd yn it grêf by har man Geart Jonkman. Tsjits Jonkman-Nauta hat altyd skreaun ûnder de skûlnamme Tsjits Peanstra, nei it buorskip Pean ûnder Grou dêr’t se grut waard. Se wie mem, wykferpleechster en dichteresse en nei har pensjoen stoarte se har ek noch op it skilderjen. Tsjits hat tige produktyf west en dichte oer tal fan tema’s. Har hiele wurk is fêstlein yn de sammelbondel Neierhân, dy’t publisearre waard yn 1999 by gelegenheid fan har 75ste jierdei.

It wie desimber 1970 en ik stie as jonge fan fyftjin yn de finale fan it FeRstival, de foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Yn ‘e biblioteek fan Snits hie ik in gedichtebondel fûn fan Tsjits Peanstra en dêrút keas ik it gedicht ‘Auschwitz’. Nei ôfrin fan de foardragerij kaam in frou op my ta, ik werkende har as ien fan de sjueryleden. Se sei: ‘Jelle, ik fyn datsto myn gedicht hiel moai foardroegen hast.’ Sûnt dy dei ha wy elkoar net wer út it each ferlern.

It lêzen fan poëzij, of it foardragen dêrfan, sil stimulearjend west ha foar it sels skriuwen dêrfan. De Lyrische krante droech dêr ek oan by – dêr’t Tsjits gauris de kolommen helle ûnder har skûlnamme Maaike – en healwei de jierren tachtich skode ik oan yn it skriuwersrûntsje dat ûnder lieding stie fan Tsjits. Mei ús seizen – de oare dielnimmers wienen Sjoerd Palstra, Akke Wijbenga, Baukje Tsjerkje de Jong en Jurjen van der Meer – kamen wy om de seis wiken in kear byinoar en joegen inoar opdrachten, bygelyks te skriuwen oer in tema, of yn in bepaalde foarm. Al wie de iene produktiver as de oare, it smiet yn ‘e rin fan jierren in protte op. Tsjits wie in mylde coach en mei dêrtroch wie der gjin ferrin yn it rûntsje; nei it ferstjerren fan Akke Wijbenga kaam Anneke Gerbrandy foar har yn ‘e plak.

Oer Tsjits haw ik in kear skreaun:

           Se lit gedichten dûnsje út har hân,

           se struit se yn har hjersttún lykas blêden

           dy’t falle wolle, kleuren jouw’ oan ’t lân,

           fan okergiel, kastanjebrún, mar ek pastel.

           Har libben del, ferteltsjes yn in akwarel,

           leit sy in fersepaad mei lichte trêden;

           se lit gedichten dûnsje út har hân.

Tegearre bedarren Tsjits en ik yn in tige produktive perioade troch op elkoar te skriuwen. It waarden saneamde skeakelfersen, wêrby’t de ôfspraak wie dat ien rigel út it fers fan de iene brûkt wurde moast troch de oare by it skriuwen fan it eigen fers. Of: de lêste rigel fan de iene wie de earste rigel fan de oare.

Sa starte Tsjits bygelyks:

           Tink oan de tiid doe’t it wetter

           him nestele yn de earmen

           fan de rivieren en wy noch

           boarten oan de kant op ‘e wâl

           stientsjes sochten en bewarren

           yn de palm fan ús hân. Dy tiid.

En dan antwurde ik har:

           Sjong dan it liet dat wy letter

           by d’ earste klanken werkenden

           as dat fan ús doe’t wy dêr noch

           boarten oan de kant op ‘e wâl,

           nije lûden heinden, folgen

           as in suver akkoard. Dat liet.

In tematyske syklus bestie al gau út acht fersen, fjouwer fan elk. Yn totaal makken wy wol in searje fan fyftjin en de meast slagge binne publisearre yn de bondel Dûbel tij út 2002.

 

Tsjits wie in tagonklike dichteresse en spruts in breed publyk oan. Se hat wier wat neilitten en ien fan har meast bekende fersen Hûs fan stilte (út 1962) is tiidleas en altyd aktueel. In lêzeres fan har wurk liet dat fers op har hûs yn Tsjerkwert skilderje. Tsjits wie dêr suver ferlegen ûnder.

Hûs fan stilte

Lit ús in hûs fan stilte bouwe,

mei muorren fan leafde
en in dak fan frede,
mei keamers fol bliidskip
en in tún,
in tún

mei wat ljocht

en wat skaad,
mei wat sjongende fûgels
en in slûgjende kat op it paad.

Lit ús in hûs fan leafde bouwe,
mei muorren fan begryp

en in dak fan fertrouwen
en in hiem om te sintsjen
en keamers,
keamers
om yn te ferdwinen,
elkoarren te sykjen,
elkoarren te finen.

Lit ús in hûs fan stilte bouwe.

Kategory
Tags

Gjin tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels