Tsjimk Scarse: ‘De froulju yn myn tekenwurk, dat bin ik sels.’

Publisearre op 17 oktober 2016

ELSKE SCHOTANUS – 

Tsjimk Scarse, yn 2005 ôfstudearre oan ArtEZ, de akademy foar Art & Design yn Swol as illustrator, seit in stok achter de doar nedich te hawwen om te tekenjen. As sy earne mei sit, kin dat in oantrún foarmje, in deadline wurket as sadanich likegoed. Twa jier ferlyn wie dat de keunstrûte yn Mantgum, dit jier makke sy tekeningen nei oanlieding fan it tema brieven foar Swalk (Frysk op toernee) en takom jier hopet sy wurk sjen litte te kinnen tidens de keunstmoanne op it Amelân. Har deistich brea, lykwols, fertsjinnet sy as skriuwtolk foar dôven.

Tsjimk Scarse wennet yn Kampen, it measte fan har wurk leit yn Mantgum, dat wy prate ôf yn har âldershûs, in pleats, set yn de 19e iuw en sûnt yn de famylje bleaun. Har pake wie boer, mar it boerebedriuw wie amper of noait ûnderwerp fan petear. Tsjimk har mem, Lys, kin har der noch oer ferwûnderje: kaam sy by oare boeren, dan hie men it oer kij … Pake wist in soad fan keunst en naam de bernsbern mei nei musea en sa kaam it, dat Tsjimk, as famke fan in jier as acht, fertelle koe dat sy de ‘Bolle fan Paulusma’ sjoen hie, in ferhaspeling tusken Paulus Potter en Pyt Paulusma. “As bern wie ik fan fan Alma Tadema”, seit se. Fansels sil sy meikoarten nei de útstalling yn it Fries Museum. “Mar letter wie ik minder fan. It binne krekt posters, sa flak, sjochst it materiaalgebrûk net.”

 

“Ik bin fan de arsering”, in bewurklike technyk dy’t wiken ferget foar’t in tekening klear is.

 

Sels tekenet sy meast mei grafyt, folpotlead of pinne. “Ik bin fan de arsering”, in bewurklike technyk dy’t wiken ferget foar’t in tekening klear is. Yn it, meast swart-wite wurk figurearje minsken, benammen froulju, dan wer pin-upachtich, dan wer mei in hynsteholle of in tiger op skoat. Oare kearen passe se yn in teekopke. Op ien fan de wurken stekt in earm út it liif fan in frou dy’t sichtber swier is, in tillefoanhoarn yn ’e hân mei dêrby, yn in tekstwolk: ‘it’s a mistake’. Tsjintwurdich behellet sy der bisten by yn, lykas yn mearkes. Tegearre mei de minsken fertelle sy in ferhaal.

Mar komselden hat Tsjimk foar tiidskriften wurke. “It tema brieven, foar Swalk,” seit se, “is hiel breed. Ik bin ris frege foar in yllustraasje by in artikel oer Pim Fortuyn, dêr koe ik minder mei. Ik ha yts yn ’e holle, in film, dêr pak ik bylden út, stills, dan hast in basisidee. It giet om it gefoel datst deryn lizze wolst. Ik lis op bêd en dan wit ik: dit is it. Ik ha in ferhaal yn ’e achterholle. Sa rekke op in stuit de ferkearing út. Doe’t ik werom nei hûs ried, ried ik, op ’e dyk by Seewolde, in knyntsje dea. Dat idee, de leafde as in dea bist, ha ik al tekenjend ferwurke, al waard it, yn de tekening, in deade foks. Ik bin wei fan foksen, dy sjochst in soad by ús yn ’e omkriten. Us earste date hie op in bernebuorkerij west, dêr fotografearren wy de ezels.” Tsjimk set in ynliste tekening op de flier, dêrop ezels, ien derfan hat in kleedsje op ’e rêch, in oare ezel draacht in frou mei hoazen en sjarretels. “As ik oan him tink, tink ik oan in ezel.” As Tsjimk beseft wat sy seit, berstet se yn laitsjen út. “Ja, sa kinst it ek opfetsje …”

“Fan de foto’s dy’t ik meitsje, meitsje ik mei photoshop in kollaazje, as referinsjemateriaal. Ek sykje ik wol plaatsjes op it ynternet, want in tiger, dy kom ik net alle dagen tsjin. De kollaazjes printsje ik swart-wyt ôf yn in hege resolúsje sadatst it kontrast goed sjen kinst. De froulju yn myn wurk, dat bin ik sels. Op de akademy ha ik in soad dien mei selsportretten.” Tsjimk lit in map mei foto’s fan har gesicht sjen, foar in part bedutsen mei maskers fan lateks. “Ik fotografearje mysels, op dy manier krijt de figuer yn de tekening presys dy pose dy’t past by it ferhaal dat ik ha.”

“Doe’t ik hearde dat, foar Swalk, ‘brieven’ it tema wie, tocht ik: wat is de relaasje tusken brieven en keunst. Ik ha ris tolke by in kursus oer Vincent van Gogh, dy skreaun brieven, mar ik hie der niks mei. Hoe koe ik it tema nei mysels ta lûke? Sûnt twa jier bin ik ‘styfmem’ fan trije famkes, no fjouwer, acht en njoggen jier. Sels ha ik noait bern ha wollen, dat fan allinne libje nei in relaasje mei in man mei trije bern, dat fûn ik bêst muoilik. Dêr hie ik mei oare minsken yn deselde sitewaasje yn petear gean wollen en sa kaam ik op it idee fan in berjocht oan oare styfmemmen.” Op de iene tekening stiet in ielgoes – symboal foar ‘gefoel’ – dy’t út de yngewanten wei ekplodearret. It hat wat akelichs, tagelyk stiet de ielgoes dy’t loskomt ek foar frijheid. Op de oare sjochst dyselde ielgoes, lizzend, mei dêrop trije hermelinen, symboal foar suverheid en frijheid. “Ik hie in ferske fan The Asteroid Galaxy Tour yn ’e holle: ‘Suburban space invaders, They suck your soul, They’ll be messing with your brain.’ Bern binne leuk, mar, fan de iene op ’e oare dei yn ’e wykeinen trije drokke famkes oer de flier is ek muoilik en it is dat dûbele dat yn beide tekeningen ta útdrukking komt.”

Tsjimk, dy’t, ynspirearre troch de film Children of a lesser God mei dêryn de dôve aktrise Marlee Matlin, hie alris tsien lessen gebaretaal folge. Doe’t sy der, healwei de akademyjierren, achter kaam dat it goed wie om, foar har takomst, in Plan B te hawwen, folge se in oplieding ta skriuwtolk. Mei in Ingelske heit is sy trijetalich grutbrocht, dat sy tolket ek yn it Ingelsk. “Fia staazjes”, seit se, “bin ik it wurk ynknald.” Tagelyk is sy fan doel har tekenwurk sjen te litten yn in galery yn Swol. Dêrfoar sil sy nij wurk meitsje: Tsjimk har stok efter de doar.

 

Sjoch foar mear op: http://www.mybizarredesign.nl/ of https://www.flickr.com/photos/mybizarredesign/

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels