‘Troch myn wurk by Tryater sjoch ik no mei oare eagen nei toaniel’

FROUKJE SIJTSMA – 

Fiif dagen yn ‘e wike is administateur Johan van der Berg dwaande mei de finansjele administraasje fan Tryater. ‘Mei saaklik lieder Siart Smit stel ik de begruttings op foar de ferskillende teaterproduksjes fan Tryater. Fierder meitsje ik de finansjele einferslagen at de foarstellings dien binne, boek ik faktueren yn en hâld ik de finansjele sûnens fan de rinnende foarstellings yn ‘e gaten.’ Johan hat in part fan it jier noch in stazjêre derby oan it wurk en ien dei yn de wike is ek de kontroler op kantoar.

Johan is yn 2008 by tafal yn de kulturele sektor oan it wurk rekke. ‘Yn it tredde jier fan myn stúdzje Bedriuwsekonomy oan de NHL moast ik in staazjeplak sykje. Fia it staazjeburo fan de NHL krige ik de mooglikheid om by Tryater staazje te rinnen by de finansjele administraasje’. Johan fertelt laitsjend dat er op dat momint noch nea fan Tryater heard hie. Lit stean dat er wolris nei in toanielstik ta west hie. ‘Dat is yn de ôfrûne jierren seker feroare, want ik sjoch no alle foarstellings fan Tryater. It leuke is datst op it toaniel dan sjochst wat no krekt de kreative ideeën efter dy finansjele sifers binne, dy’t ik op papier stean haw.’

 

‘Earst seach ik hiel sec en flak nei in stik, mar no kin ik ek de dûbele laach en de efterlizzende bestjutting better begripe. Ik kin no sels ek echt fan teater genietsje.’

 

De measte stúdzjegenoaten fan Johan hawwe in baan fûn by kommersjele bedriuwen, yn tsjinstelling ta him dus. ‘Ik bin hjir graach oan it wurk. De sfear by Tryater is ynformeel en ûntspannen en dat befalt my hiel goed.’ Doe’t de staazje fan Johan hast op syn ein rûn, wie Tryater hiel drok mei it reizgjende teaterspektakel 11 stêdetocht. ‘Se hienen de hannen doe grôtfol mei dy grutte produksje en doe waard my frege om ien of twa dagen wyks oan it wurk te bliuwen en no wurkje ik hjir sels fulltime.’

‘Troch myn wurk by Tryater sjoch ik no mei hiele oare eagen nei teater en keunst.’ De ôfrûne jierren hat Johan sa’n tritich foarstellings fan Tryater en Jong Tryater sjoen. ‘Dêrtroch bin ik ek wol groeid’, fertelt Johan. ‘Earst seach ik hiel sec en flak nei in stik, mar no kin ik ek de dûbele laach en de efterlizzende bestjutting better begripe. Ik kin no sels ek echt fan teater genietsje.’

Noch altyd fynt Johan himsels gjin grut teaterbesiker. ‘Yn myn frije tiid stean ik yn Koatstertille op it fuotbalfjild. Mar it leuke is dat myn fuotbaltiim útnoege waard om nei in Sneak Preview foarstelling fan Tryater te gean, om te sjen by hokker doelgroepen it stik oansloech. Ik tocht, dit wurdt hielendal neat, mar de jonges wienen hiel entûsjast. Guon freegje my no noch wolris wannear’t it stik yn Koatstertille te sjen is.’ In opstekker om te sjen dat minsken dy’t nea nei teater gean der dochs wol hiel bot fan genietsje kinne.

 

Dit artikel is skreaun ta eare fan it 50 jierich jubileum fan Tryater en komt út de spesjale útjefte fan de Moanne: Tryater 50 jierde Moanne sjocht nei Tryater fan hjoed-de-dei. Hoe wurdt it selsskip skerp holden? Wat binne de driuwen en oanfiterjende dreamen dy’t binnen dit selsskip libje? Dizze Tryater-special is ferstjoerd nei alle abonnees fan de Moanne en de Freonen fan Tryater.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.