fotografy: Piet Douma

Tredde berneboek ‘bezige bij’ Janneke de Boer

RYNK BOSMA – 

As der guon eigenskippen net oerienkomme mei de betinker, dan binne dat wol de trije slakken Bearend, Sofy en Frou D. út it nijste berneboek Geheimen út ‘e boskberch fan Janneke de Boer fan Weidum. Op 23 septimber waard it boek oan lêzend Fryslân toand yn it Doarpshûs fan Weidum. It is al wer it tredde, Frysktalige berneboek fan de yn 1982 berne De Boer nei Stikel en Rôversguod. En dat yn trije jier tiid.

 

De Boer hat fan alles by de ein. En by dit lêste berneboek wie it noch drokker as oars.

 

Nee, je tinke earder oan dy lanlike, ferneamde útjouwerij De Bezige Bij en dat is der net sa fier by troch, want yn it nije berneboek foar bern fan seis jier en âlder spilet de bij ek in wichtige rol. De eigenskippen fan dit bistje passe miskien wol better by de skriuwster, want De Boer hat fan alles by de ein. By dit lêste berneboek wie it noch drokker as oars, want dit boek is útjûn troch har eigen Utjouwerij De Boekebei, ‘foar fruitige Fryske boeken’, sa’t de bygeande reklame dat oankundiget.

Dy stap nei in eigen útjouwerij is in stap mei in ferhaal. De oare twa boeken wienen útjûn by Uitgeverij Louise, mar yn maart die bliken dat der efkes gjin romte wie by dy útjouwerij. ‘Straatpraat’ op wei nei de auto mei in buorfrou levere it idee op om sels in útjouwerij te begjinnen en sa ûntstie de Utjouwerij De Boekebei, foar fruitige Fryske boeken. Mar soks betsjut wol allerhande omballingen, sa as it oanfreegjen by fûnsen foar de nedige subsydzjes.

Mar dat ‘straatpraat’ levere noch folle mear op, want in oare buorfou, Marjolein Staal, is koördinator en teamlieder fan De Klyster en dat is it ‘Natuur- en Milieu Educatie-Centrum (NME-Centrum) van Noordoost Friesland’. En sa waard De Boer frege mei te dwaan oan in projekt mei de wylde bij as tema. Want troch te min ‘biodiversiteit’ liket it min foar de wylde bij. Les jaan oan bern mei ‘hoofd, hart en hand’ en dat betsjut der op út, de natoer oan de bern sjen litte en net hingjen bliuwe tusken fjouwer muorren. Dat betsjut mei de hannen wat meitsje, bygelyks siedbommen of in bijehotel meitsje. En dat alles kaam terjochte yn it ûnderwiispakket Underweizzzz.

Net alhiel tafallich miskien wie de presintaasje fan it boek in dei nei it sympoasium ‘Keer het tij voor de bij’ dat yn De Kruidhof yn Bûtenpost hâlden waard op sneon 22 septimber. ‘En sa kaam de bij yn ‘e holle terjochte as Hanna Huningbij’, leit De Boer út. Fansels kaam dy bij al earder yn ‘e holle terjochte en dat tegearre mei in kranteferhaal fan 2016 oer de Bosberg yn Appelskea, oer it ferhaal fan dy 300 jier âlde iik.

Tweintich oeren wyks wurket De Boer op in reklameôfdieling fan in bedriuw en mear moat dat net wurde. ‘It jout my de frijheid om ek oare dingen te dwaan, frijheid fan hanneljen.’ Dêrneist is De Boer selsstannige mei in eigen bedriuw. Websides meitsje, wurk dwaan foar Doarpswurk, skriuwe foar it keatsblêd Keats! om mar wat te neamen. En al 25 jier warber foar de muzykferiening Harmonie yn Weidum. Sûnt krekt ek noch foarsitter. En dan noch twa bern fan acht en tsien jier, in ‘bezige bij’ dus.

Yn jannewaris 2017 is der in muzikale poppefoarstelling makke fan it boek Rôversguod, dy’t yn febrewaris te sjen en te hearren wie yn gearwurking mei de jeugd fan de Harmonie. Plannen om dat ek te dwaan mei it boek Geheimen út ‘e boskberch binne der al, mar dy moatte noch útwurke wurde. ‘De opbringsten binne dan foar de muzykferiening fansels’, sa wit De Boer no al.

Fan de takomst efkes werom nei it boek en dan benammen nei de yllustraasjes dy’t wier prachtich binne. Ferwûndering en bewûndering foar partner fotograaf Piet Douma dy’t alles tegearre mei De Boer op de keukentafel fêstlein hat. ‘Wy ha it yn ien dei dien, wylst de bern nei skoalle wienen’, sa seit Douma. Alle bistjes binne makke troch De Boer en dat binne ‘duorsume geheimen’ sa’t op it kaft fan it boek stiet. Alles is makke fan recycled materiaal en dan falt te tinken oan âlde shirts, tafellekkens, plakbaltsjes, brânhout en fûgeltsjesân, om sa mar wat te neamen.

 

It boek Geheimen út ‘e boskberch fan Janneke de Boer hat in oplage fan 350 eksimplaren en is foar 10 euro ûnder oare te krijen op www.deboekebei.nl.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.