Tjitske’s striid

GERBEN DE VRIES –  

Soene der yn dizze tiid noch in protte lju wêze dy’t in deiboek byhâlde? En as hja dat dan noch dogge, skriuwe hja dan noch altiten mei de pen of wurde der benammen deiboekoantekeningen makke op de kompjûter? Of op de smartphone? Hoe dan ek, minsken kinne ferskate redenen hawwe om yn in deiboek te skriuwen. Jo kinne bygelyks sekuer optekenje wat der allegear belibbe is, wat sjo sjoen hawwe, wat dy en dy sein hat, wat jo dêr wer fan fûnen, ensafuorthinne. It kin sa ek in ezelsbrechje wêze of wurde, omdat yn de praktyk blykt dat wy de measte foarfallen, saken, nammen net sa goed unthâlde kinne, seker op wat lettere leeftiid. In deiboek kin ek bedoeld wêze as refleksje op guon saken, sadat de skriuwer of skriuwster better en djipper oer dy saken neitinke kin en himsels en passant better kinnen leard.

In deiboek kin ek in cri de coeur weze. In hertstochelike skreau fan immen dy’t in soad pine hat en dat net mei wurden oan in oar sizze kin. Dat is it gefal mei Tjitske’s dagboekTjitstke’s deiboek 1943-1946 dat sûnder auteursfermelding op it kaft útjûn is troch Bornmeer. Op de titelpagina stiet wol dat it giet om Tjitske Eisinga-de Groot. Op dyselde side hiene dan eins ek de nammen fan de besoargers neamd wurde moatten, mar dat waard net dien. Op de achterflap wurdt wol wer oanjûn dat it deiboek foarôfgien wurdt troch in koarte biografy troch Roel T. van der Heide, dyselde dy’t ek in hiel wat langere biografy oer Tjitske’s man Jan Eisenga skreau. Boppedat makke Truus de Witte in foarwurd dy’t wer yn it Frysk oerset is troch Goaitsen van der Vliet. Van der Vliet sil ek de man wêze dy’t it oarspronklik yn it Frysk skreaune deiboek oerset hat nei in Nederlansk.

Meastentiids wurde deiboeken fan keustners of politisi of oare bekende Nederlanners publisearre Yn dy katagory falt Tjitske Eisenga net; se wie niet iens in bekende Friezinne. Eins wie se benammen de frou fan de net sa hiel bekinde ûnderwizer en dichter Jan Eisenga. Oer him ferskynde yn 2013 in biografy fan de hân fan Roel T. van der Heide. Eisinga wie in radikale sosjalist, pasifist, gehielûnthâlder, fegetariër, Frysk Beweger en ek nochris in soarchsume man en heit. As befleine idealist wie er poer op de Dútske besetter tsjin. Eisenga woe tidens de ferneamde maaiestaking fan 1943 de stakende boeren en arbeiders helpe troch de âlden op te roppen de bern fan de skoalle fan de Gerdyk thús te halden. Net sa hiele handich en Tjitske foarseach problemen. Hja krige gelyk. Syn namme waard troch in lokale NSB’er oan de Dútsers trochjûn en Jan Eisenga waard op 5 maaie 1943 deasketten yn Ljouwert. Hy waard nei alle gedachten mei in soad oaren begroeven yn de Appelbergen ticht by de stêd Grins, al is syn stoflik oerskot nea werom fûn.

Oer dizze nijsgjirrige man hie Van der Heide in 200 siden tellend boek skreaun. Dit deiboek is yn sekere sin in neikommelinkje fan dat wurk. It binne de wurden fan in widdo yn need. Har man is hommels fermoarde, mar wer’t er begroeven is wit se net. Hja hat de soarch foar twa lytse bern en wat alles noch folle slimmer makket is dat hja de sykte hat dy’t hjoeddedei bekind stiet as ME. Dat betsjut yn de praktyk dat hja hieltyd minder dwaan kin. Dat is ek de reden werom’t Tjitske yn 1946 mei it deiboek ophaldt: hja kin letterlik net mear skriuwe. Hoe’t se dit lytse gesin krekt yn libben hâldt wurdt út it foarwurd en de koarte biografy yn dit boek oars net dúdlik. Ut it deiboek sels ek net.

By it tige ynkringjende fan it ferlies en de wanhope is dat miskien wol it meast problematyske fan dizze útjefte. Histoarisi wurde der net safolle wizer fan, al klinkt dat hast wat kru. Yn psygologysk opsicht is it deiboek lykwols tige nijsgjirrich. De leechte nei de dea fan Jan en hoe’t er har faak yn dreamen besiket. De hope dy’t somtiden opflammet by de sykte, de wanhope dernei. Opfallend is dat Tjitske goed op’e hichte is fan de hannelingen oan it front en ek dat hja yn dit deiboek net in protte skriuwt oer it soasjalistyske idealisme fan foar de oarloch. Is der dan dochs wat foargoed stikken slein yn har? Fragen dy’t in histoarikus eins net beantwurdsje kin, want it bliuwt by spekulearjen omdat dizze opmerklike frou al yn 1973 ferstoarn is. Foar de feiten oer de Eisenga’s is der lykwols de biografy ut 2013.

 

Tjitske’s dagboek, útjouwerij Bornmeer, 2014, 176 siden, €15,00

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.