Tjibbe Hooghiemstra rjochtet him no foaral op fotografy

Publisearre op 12 januari 2016

RYNK BOSMA – 

Mar leafst njoggen meter breed en sân meter heech is de tekening fan Tjibbe Hooghiemstra dy’t hy makke hat foar de Roel Oostraseal yn de fernijde Lawei yn Drachten. ‘Sterrenhemel in oktober’ sa is de namme fan it wurk dat neffens Hooghiemstra yn it YouTubefilmke dat der makke is, “Een groot raster is waarbij de sterrenbeelden zijn uitgespaard.” Hy hat it makke yn in ‘roes van strepen trekken’ en de wize fan wurkjen is in skaaimerk fan syn wize fan wurkjen: “Ik werk op de muziek van één cd die wekenlang wordt gedraaid. Wat ik maak zijn geen verkeersborden waarvan je direct ziet wat het is.”

Hooghiemstra neamt it in hiel stil byld dat de minsken oan it tinken set, ek al is it allinnich mar om út de Lawei wei dochs efkes nei boppe te sjen, nei de echte stjerren. Hooghiemstra is net in man dy’t lyts tinkt as je sjogge nei de tema’s yn syn wurk, ûnder oare de see, de stjerrehimel of de Oerknal.

Yn syn atelier yn Lieveren is alles strak ynrjochte, der is net in soad te sjen dat de tinzen ferdwale lit troch oerstallige dingen as boeken of cd’s. Hooghiemstra is in bytsje ferslaafd rekke oan de jazzmuzyk en wikenlang hat hy de klanken fan Miles Davis yn de earen. Bûtenút troch de grutte ruten in lânskip wêr’t beammen en griene greiden elkoar ôfwikselje, it liket de Trynwâlden hjir wol, soene je hast sizze.

Foar de yn 1957 yn Tytsjerk berne Hooghiemstra in fertroud lânskip dus. De lúkse fan no stiet fier ôf fan de tiid dat Hooghiemstra oan it Flokhernepaed yn Mûnein om húsmanne yn in wenning wêr’t neffens de wet it buordsje ‘Onbewoonbaar’ op stie. Ek yn jierren is it mei rom fjirtich gâns in skoft lyn. “Wy hienen noch in húsketonne en op sneons sutele ik foar Bakker Beetstra yn Hurdegaryp bôle út.” Troch de wike reizge Hooghiemstra fan 1976 ôf nei Grins, nei Minerva, de akademy foar byldende keunst.

Yn 1982 wie it klear by Minerva, Hooghiemstra hie doe in skoft nuvere baantsjes, konsjerzje by it Arbeidsbureau yn Ljouwert bygelyks, “Moarns tusken sân en njoggen oere moast ik de kofje klear ha en dat wie it, en fan tsien oere ôf oan it wurk yn myn atelier yn it suvelfabryk yn Gytsjerk.” Sa’n tritich jier hat Hooghiemstra syn atelier op de souder fan it fabryk oanhâlden.

De lêste fiif jier stiet de fotografy sintraal by Hooghiemstra mei in haadrol foar de see yn al syn foarmen. “Dat hat my altiten yn de besnijing hân, yn 2010 ha ik myn master helle yn Gent en dêr krige ik de kâns om mei in skip troch it iis. Sjoch as jonkje al woe ik nei it Maritiem Instituut Willem Barentsz op Skylge.” Hooghiemstra krige de kâns op in Dúts koopvaardijskip fanút Emden om trije wike op see te gean. “Ik hie echt myn plak op dat skip, ik wie de keunstner en ik trof it mei in aparte kapitein dy’t piano spile en ek sels tekene. Sa krigest mei de echte see te meitsjen. Net mei liende erfaringen wurkje is foar my wichtich. It Waad is neat foar my, in ‘modderpoel’ sûnder echte golven.”

Oan omtinken hat Hooghiemstra gjin brek, foaral oer de grinzen fan Nederlân is syn wurk te sjen. Tokio, Belfast, Miami en New York, neam mar op. Tichter by hûs is der ek wurk yn it Stedelijk Museum en it Rijksmuseum yn Amsterdam te finen. “Sjoch ik bin ek al hiel lang dwaande en wurd folge troch bygelyks AkzoNobel Art Foundation en it Teylers Museum yn Haarlem. Dy ha al wurk fan my, mar wolle wol graach op de hichte bliuwe en oankeapje wat ik meitsje.”

Yn 2016 sil der fan 2 july ôf in grutte fototentoanstelling te sjen wêze yn trije sealen fan it Fries Museum. “It tema is fan grut nei lyts, fan Oerknal nei no. Ik kaam in jier lyn yn Ingelân in soad yn in hûs wêr’t de Ingelske lânskips- en seeskilder William Turner (1775-1851) ek kaam. Dêr hingje tolve ‘Turners’ sûnder glês en dat is unyk. Dêr ha’k foto’s ticht op de ferve fan makke.” Eddy Marsman sil de teksten skriuwe foar in boek oer de tentoanstelling dat útjûn wurdt troch Utjouwerij Waanders. De ferneamde Ingelse seeskilder wie oant snein trije jannewaris te sjen op de grutte útstalling ‘Gevaar & Schoonheid – Turner en de traditie van het sublieme’ fan Museum De Fundatie yn Zwolle. Ek wie dêr in foto fan twa by trije meter te sjen fan Hooghiemstra.

De Fryske seeskilder Wigerus Vitringa (1657-1725) krijt in plak mei in eigen skilderij op de tentoanstelling yn it Fries Museum. “Vitringa hat de see sa ticht skildere, dy stuit hast werom fan it doek. Ik ha foto’s fan details fan dat skilderij makke, ast dy foto’s sjochst liket it as wiene it bylden fan ûnderwetter.”

De sângrûn en de beamwâlen fan Lieveren komme tichte by it lânskip fan de Trynwâlden. Fryslân ticht om hûs hinne, nuver genôch hat Hooghiemstra noch nea in tentoanstelling makke mei Fryslân as tema. “Ik tocht fan ik ha noch nea wat mei Fryslân dien.” Dat sil dus oars, yn it ramt fan CH 2018 sil der in tentoanstelling yn Museum Belvédère yn Oranjewâld komme mei de Fryske Wâlden as tema. “Mei foto’s, bylden en skilderijen wêrby de Fryske Wâlden sintraal steane. Dêrnei giet de tentoanstelling nei Keulen, Tokio, Belfast, Amsterdam en Dublin.” Dus úteinlik yn tinzen dochs efkes werom op it Flokhernepaed yn Mûnein mei in tentoanstelling dy’t toant hoe grut de wrâld ûnderwilens wurden is foar Hooghiemstra.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels