Theo Smedes bewiist talint yn Costello

RYNK BOSMA – 

Foar it earst stiet Theo Smedes as Jimmy Costello yn it sinneljocht fan in solo-foarstelling en dat giet de 35-jierrige akteur geweldich ôf. Smedes wie earder suksesfol yn de foarstelling De Emigrant, mar it is neat te folle sein dat it him goed dien hat dat hy út it skaad weistapt is fan ien fan de grutste akteariken fan Fryslân, Freark Smink. Yn de foarstelling fan no krûpt hy yn it wûnderlike libben fan Jimmy Costello dy’t as fjirtjinjierrige in Bugatti stean sjocht en dy meinimt om it twa jier âldere famke fan syn dreamen te betsjoenen. Dat slagget mar heal want hy betsjoent tagelyk it heale plysjekorps dat efter him oan sit. De snelheden lige der net om yn dy Frânske auto en dat jildt eins ek foar it earste diel fan de foarstelling.

 

 Wat in talint, wat in gong, wat in fariaasje, wat in tekst, koart sein wat in prachtige foarstelling dy’t in soad publyk fertsjinnet.

 

As siet hy yn in Bugatti op it toaniel, sa’n gong hat Smedes om de minsken fan it iene spannende ferhaal nei it oare te lieden. As yn in achtbaan hâlde de taskôgers betiden de asem yn, om dêrnei wer te gnizen om ien fan de prachtige wurdgrappen dy’t as krinten yn de foarstelling sitte. De ‘naaiers’ binne fansels de bewakers, betiden trouwens net al te tûk delsetten. Ek de ‘pillenprater’, sa wurdt de psychiater neamd, krijt gâns op de bealch mei in prachtich typke dy’t ûnder it piipsmoken syn wiisheden op Costello loslit.

Is Costello yn de earste helte in ‘reisleider’ dy’t it hiele plysjekorps fan Nij-Seelân in reiske om ‘e nocht besoarget troch it hiele lân, ien kear wer fêst komme de tinzen oan syn mem boppedriuwen troch de brieven dy’t hy har skriuwt. In symbolyk mei in knypeach, de tolvejierrige Costello dy’t it molkejild fan de buert stelt foar syn mem dy’t úteinlik de kuierlatten nimt mei in molkboer …

Sa hat Smedes op syn beurt de kuierlatten naam nei in solo-foarstelling en om it byld fan de âldere iik Freark Smink noch efkes te neamen, Smedes hat as akteur alles om út te groeien ta in nije loat yn de ikefamylje fan akteurs yn Fryslân. Wat in talint, wat in gong, wat in fariaasje, wat in tekst, koart sein wat in prachtige foarstelling dy’t in soad publyk fertsjinnet.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.