Testamint fan de siel fan Hylke Speerstra

Publisearre op 10 maart 2021

BERT DE JONG –

Hylke Speerstra skriuwt sa’t er op redens oer it iis sweeft, linich en mei faasje. De wurden sjonge, de sinnen toane ritme, de taal is as muzyk en de alinea’s sitte presys yn de slach. ‘It is komponearje en hieltyd wer slypje’, fertelt er oer syn krewearjen foar syn nije boek Testamint fan de siel.

Al in lang skoft hat it skriuwen him hielendal yn de besnijing. Thús op It Hearrenfean is Hylke Speerstra der wol, mar ek net. De persoan is yn ’e hûs, de geast somtiden fier fuort. Syn tinken is by it skriuwen fan Testamint fan de siel. Tûzenen moai betochte wurden lit er opslaan yn de kompjûter, mar yn al syn wredens kin hy se de oare moarns wer weismite. ‘Giest jûns op bêd mei in gefoel fan: it is wol moai opskreaun, mar is it gjin âldwiveferhaal? By it wekker wurden de oare moarns is it my dúdlik: it moat oars.’

‘Mei de jierren kostet it my hieltyd mear tiid. Ik bin gjin Rembrandt, dy’t mei in pear moaie penseelstreken syn briljantens toane koe.’ It sit yn lytse dingen, fynt er. ‘De sinnen kinne moai rinne, mar dat is net moai genôch as de ûnderlizzende melody net goed is.’

Sa njonkelytsen hast trije jier is er hjirmei oan it wrotten en wramen, fan moarns betiid oant jûns let. Syn frou Roely sjocht it switten en is syn klankboerd. ‘Dan beskriuwt er oan my in situaasje, om op wurden te kommen. Tegearre komme wy der sa út.’ As yn de nacht de lûken tichtgean, kin hy har noch krekt oanstjitte mei in ‘Ik wit hoe’t ik it ha moat.’

Krekt foar syn tachtichste, nei it ferskinen fan syn boek Op klompen troch de dessa, hat er beloofd dat er him net wer ta boekskriuwen sette soe. It gong even goed. ‘Mar der sieten my twa hiel bysûndere ferhalen yn ’e holle dy’t ik noch kwyt woe. Eins kin ik it skriuwen net litte. En der sit noch in stik ambysje by. Noch ien kear. Foar wat bysûnders, dit boek giet djipper yn de sielen.’

Hylke Speerstra sjocht it as syn lêste literêre wurk. De roman leit yn maaie yn de boekhannels, justjes foardat de yn Tsjerkwert berne en opgroeide boeresoan dit jier 85 wurdt. Hjirnei is it klear. Alle oare hûnderten ferhalen dy’t er ea sammele hat, sille mei him it grêf yn gean. Syn oprjochte ynteresse foar oare minsken makket dat sy kear op kear harren djipste sieleroerselen oan him tabetrouwe. Sa hat er prachtige ferhalen mei swiet en bitter ophelle, om se as dat mooglik wie mei kompasje en respekt troch te fertellen.

Goed keazen wurden
‘In skriuwer is eins in ferhaleferteller. Wat ik doch, is it op skrift setten fan oral history. Om foar te wêzen dat sokke ferhalen wei wurde. Simpel, mar dat is it net. It is in fak. In moai ferhaal is ien mei goed keazen wurden. Friezen binne leafhawwers fan ferhalen. Mei humor of mei dramatyk. Se moatte de Friezen yn it moed taaste. It is krekt as mei in preek, oars is dûmny net goed genôch.’

‘It is by my genetysk bepaald. Ik ha it fan ús heit meikrigen, dy koe omraak ferhalen fertelle.’ Elke skriuwer soe sels syn ferhalen foardrage moatte oan in bûnt selskip. ‘Dan fernimt er wat er losmeitsje kin mei wat er skreaun hat. At de eagen glimkje, is it goed. Ik ha leard fan regisseur Jos Thie. Ast dat lytse mantsje dwaande sjochst mei lytse oanwizings yn it teäter: dat kin koarter, dat kin derút. Sa bringt er it ferhaal ta de essinsje.’

It resept fan in goed skriuwer seit Hylke Speerstra net te hawwen, ek al is er al jierren de bêstferkeapjende Fryske skriuwer en fielt er him net bang foar konkurrinsje. ‘Dat hoech ik net mear te wêzen.’ In grut tal jierren hat hy mear as de helte fan de ferkeap oan Fryske boeken op syn namme krigen. Allinnich al fan de Fryske útjefte fan syn grutste sukses It wrede paradys binne 30.000 boeken ferkocht. De oersetting yn it Nederlânsk en it Ingelsk is goed foar nochris 45.000 eksimplaren.

De yn 1999 ferskynde bondeling fan oangripende libbensferhalen fan Fryske emigranten dy’t nei Amearika, Kanada, Súd-Afrika of Australië ôfreizge wienen foar in better bestean hat Speerstra ta in kommersjeel skriuwer makke. Guon spuie dêrop. Oan de oare kant, it hat hiel wat minsken oanset ta it lêzen fan Fryske literatuer. As kroan op it gehiel is It wrede paradys ien fan de seldsume Fryske boeken dy’t oerset binne yn sawol it Nederlânsk as it Ingelsk.

‘Kommersjele skriuwer? Huh. Ik fûn dat It wrede paradys yn it Ingelsk ferskine moast. Ik ha der sels efteroan west. Gjinoar oars dy’t it docht. Dan moatte je kont yn ’e broek hawwe. Mei it Lemster Manljuskoar fan dirigint Harm van der Meer ha ik fartochten opset om de Fryske boeken ûnder de minsken te bringen. Foar in grut part út eigen bûse betelle.’

Emigranten
It tema fan de emigranten komt werom yn Testamint fan de siel. It giet om twa tachtigers, Ids Faber en Thomas Akkerman, dy’t elkoar by tafal moetsje yn Kanada, oan ’e praat reitsje, in freonskip begjinne en inoar yn twa jier tiid harren nea fertelde libbensferhaal bleatlizze. ‘Dit boek hat in oare slach’, seit de skriuwer en ferwiist nei it reedriden. ‘Earder hâlde ik oan it ferhaal fêst. It wie of ried ik efter de stoel. No lit ik it libben opnij belibje yn in nije komposysje.’

As Ids Faber en Thomas Akkerman inoar harren ferhalen skriuwe, liket it of hawwe se yn Hylke Speerstra harren master. ‘Der binne mar in bytsje dy’t skriuwe sa’t in architekt bout’, lit Ids oan Thomas witte yn syn ferantwurding. ‘De measten skriuwe sa’t men dominospilet. Sy begjinne en sjogge wol wêr’t it einiget.’

Sa is Testamint fan de siel net allinnich it ymponearjende libbensferhaal fan sawol Ids Faber as Thomas Akkerman, mar ek is it foar in part in literêr testamint fan de skriuwer Hylke Speerstra. De lêzer werkent de styl en wurkwize fan de ferhaleferteller dy’t hy yn it earste plak is: fertellendewei in bytsje lige en hjir en dêr de werklikheid stilearje. Net om de wierheid te ferswijen of te ferblomkjen, mar om de oannimlikheid fan it ferhaal te fergrutsjen en de skjintme fan it wurd te tsjinjen.

It is foar in part fiksje, al is it fûnemint wier. De skriuwer hat de haadpersoanen oaninoar ferbûn om beide oan him oanrikte ferhalen yn in nije setting foar it fuotljocht bringe te kinnen. ‘It is as betinkst in toanielstik mei twa karakters. It wie switten, want ik wol dat it tusken dy twa mannen skjirret, datst kontrasten hast. Sa bin ik sels hielendal net, ik bin in man fan harmony. Mar dat is deadlik foar teäter.’

Ynspiraasje fan beskieden minsken
Boeren, skippers en fiskerlju hawwe foar Hylke Speerstra de grutste ynspiraasje west. ‘It binne faak minsken dy’t oars net in stim hawwe. Faak hiel beskieden, mar se binne folle mear as dat se lykje. It is fan belang om harren in stim te jaan.’ Syn debút yn 1968 is in bondel skippersferhalen, Heil om seil. It is it begjin fan syn sukses om mei in eigen slach ferhalen te fertellen. ‘Ferhalen ha in enoarm belang. Ferhalen jouwe struktuer oan in libben. De harker of de lêzer fynt der treast yn. It relativearret, dan sjochst dyn eigen libben ek.’

‘Ik kin der sels ek emosjoneel fan wurde. Nei’t je âlder wurde, ha manlju dat mear. Alde minsken gûle om emoasje. At it op harren gemoed komt, dan brekke se. Ik ha dat at se my oer It wrede paradys freegje: “Wat hat Speerstra no it meast rekke?” Dan tink ik oan Jelte en Gré Posthumus yn London-Ontario. Safolle ellinde nei harren emigraasje en ek noch wrakselje mei de sûnens. Sy snapten net dat ik harren opsocht hie, sy ferwiisden nei it sukses fan oaren út Tsjummearum, lykas Jan Haagsma mei seishûndert kij. Ik krige oan de ein noch in filmke fan harren te sjen, mei de bern. De ien wie dokter wurden, de oare dûmny. De bern seinen tank foar hoe’t harren âlden harren bêst dien hienen en songen foar heit en mem. Dan wurdt it my wiet yn de eagen.’

Yn syn 35 sjoernalistike jierren foar de Friese Koerier, Schuttevaer, Agrarisch Dagblad en Ljouwerter Krante hat er in grut tal ferhalen ophelle. Sa hat er opperman west foar himsels. De boustiennen en it semint kamen fan it meisilen op skûtsjes, de kuiertochten troch it Fryske simmerlân, it riden fan de Alvestêdetocht en fan de ekspedysjes nei it bûtenlân op syk nei emigranten. Boeken lykas Op redens oer (1984), Simmerlân (1996) en It wrede paradys (1999) binne it resultaat.

Literatuer fan it plattelân
Fryske boeken binne literatuer fan it plattelân. ‘Jawis, it is net oars, it is in spegel fan ús wêzen, fan ús kultuer. It Frysk is in boeretaal, in taal fan lân, wyn en wetter. En it is mar in lyts taaltsje. Dêr leit ek wat de handicap.’ Skriuwers lykas Rink van der Velde, Anne Wadman, Paulus Akkerman en Hylke Speerstra hawwe lykwols in protte lêzers betsjinne en sa it Frysk ûnder de minsken brocht as wie it de gewoanste saak.

Der binne tefolle Fryske boeken dy’t net of amper lêzen wurde, konstatearret de éminence grise fan de Fryske skriuwers. It jout neffens him gjin pas om dêr de lêzers de skuld fan te jaan. ‘It is ek oan de skriuwers sels. Der ferskine Fryske boeken dy binne tefolle betocht, mei in hiel yngewikkelde struktuer, mei dûbele of trijedûbele psychologyske lagen. Dat mislearret sa faak, dan is it troebel wetter sûnder djipgong. Fertel gewoan in helder ferhaal mei dûnsjende sinnen, mei muzyk yn de taal, op sa’n wize dat it de lêzer yn it moed taast. In boek hoecht gjin riedsel te wêzen.’

Mei bystân fan oare skriuwers of goede einredakteuren soe de kwaliteit fan Fryske boeken in ein ferbettere wurde kinne, is it advys. ‘In goede einredakteur set grutte skriuwers mei beide fuotten op ’e grûn. Poeh, dan wurdst lytsman. Soks is fan wearde foar de Fryske literatuer. Dat moatte wy koesterje.’ Syn tinzen geane werom nei âlde tiden, doe’t hy opseach by mannen lykas Obe Postma, Freark Dam en Ype Poortinga. ‘Dy namen dy by de hân. Dat holp dy om better te wurden.’

Symboalpolityk
De fûst ploft dochs noch op tafel fan grimmitigens. ‘Wat moatte je dwaan om it Frysk te rêden? Der is sa’n 30 miljoen euro oan it befoarderjen fan it Frysk te besteegjen. Wat ik mis, binne de ynspirearjende inisjativen en de oertsjûging. It is symboalpolityk fan de provinsje, mar it set gjin seadden oan ’e dyk. Lokkich ha wy no in kommissaris fan de kening dy’t wol stean wol foar de Fryske kultuerportefúlje dêr’t deputearre Sietske Poepjes ferantwurdlik foar is.’

Der binne mear ynvestearrings nedich yn de Fryske kultuer en yn de Fryske taal as ien fan de wichtichste dragers fan dy kultuer. ‘It provinsjaal bestjoer moat it oer in oare boech goaie. Omdat Frysk ûnderwiis oan bern tekoartsjit, giet it mis. In taal dy’t net ûnderwiisd wurdt, dy is te’n deade opskreaun. Dan kinst sa’n taal noch heechút in iuw oereinhâlde.’

Wol it Frysk as taal in posysje hâlde, dan is it ek wichtich dat der Fryske boeken yn oare talen oerset wurde. ‘At de provinsje dat ek stipet en at de sjuery by de takenning fan de Gysbert Japicxpriis yn 2015 oan Koos Tiemersma beneamt dat syn boek Einum in protte kenmerken hat fan it wurk fan William Faulkner, en dat is in echt grutte skriuwer, wêrom is dat boek dan net al lang yn it Ingelsk oerset?’

Hylke Speerstra berêst. ‘Ik ha in perioade hân dat ik boas wie. Ik socht skuldigen. Ik koe net tsjin it ferlies. Ik woe graach winne mei it Frysk. Mar ik fielde dat der hieltyd mear út de kolonne fuort rûnen mei in idee fan “lit mar waaie”. Dat koe ik ferrekte min hawwe. Myn lulkens sit him ek yn it gebrek oan taalgrutskens fan Friezen yn it algemien.’

Gjin priiswinner
It is kultuerdeputearre Jannewietske de Vries slagge om de skriuwer nei de publikaasje fan De oerpolder (2016) dochs oan it skriuwen te hâlden: ‘Hylke, moatst net ophâlde. Dat kin de Fryske literatuer net ferneare.’

Sa’t ferneamde skriuwers lykas Anne Wadman, Tiny Mulder, Josse de Haan, Rink van der Velde en Durk van der Ploeg de Gysbert Japicxpriis foar harren folsleine oeuvre krigen hawwe, soe dy wichtichste Fryske literêre priis ek Hylke Speerstra takomme. ‘Ik bin gjin priiswinner’, stelt hy berêstend fêst. ‘It is net foar my ornearre.’

Nea hat hy in literêre priis wûn. Foar Op klompen troch de dessa is it yn 2015 bleaun by in nominaasje foar de Gysbert Japicxpriis. Hy docht ek net mei oan it ynstjoeren fan wurk foar bygelyks de Rely Jorritsmapriis, sa’t tsientallen oare skriuwers dat wol dogge. Ien kear hat er in priis wegere. Foar It wrede paradys soe hy yn 2008 de Rink van der Veldepriis krije. ‘Dat is in oanmoedigingspriis. Ik fûn mysels doe gjin debutant. Myn grutte kammeraat Rients Gratama – at ik ien mis yn de Fryske kultuer is hy it – hat my derop wiisd dat myn beslút net goed wie. “Nea in priis wegerje, spylje it spul mei”, sei er. Ik ha der ek spyt fan, foaral foar Auck Peanstra, de úteinlike priiswinner. Sy hat der lêst fan hân dat sy twadde kar wie.’

Guon beskôgje Testamint fan de siel no al as syn magnum opus. Mei beskiedenheid wurdt it fuortwimpele: ‘Dêrmei komt de latte te heech.’ Dochs hoop op in Gysbert Japicxpriis yn 2023? ‘It stiet fier fan my ôf. By reedriden hast in start en in finish, soks is dúdlik. Mar hoe dreech is it om in oardiel oer in boek te jaan? Foar de weachskaal fan in resinsint is gjin ykmaster.’

Sa’t Fryslân ferneamd is om ’e feroaring fan lucht, sa is al rillegau de minlikheid werom by Hylke Speerstra. ‘Ik wol gjin kultuerpessimist wêze, ek al skets ik in dramatysk byld fan de Fryske kultuer. Der is hoop foar de takomst at it ea in Fryske skriuwer slagget om de P.C. Hooft-priis te winnen. Ik bin tankber dat ik dik sechstich jier oan it pielen west ha mei it Frysk.’

Bert de Jong is sjoernalist

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels