De teekist fan Westra

GERBEN DE VRIES – 

Elkenien kin de útdrukking ‘histoaryske sensaasje’. De skiedskriuwer Johan Huizinga bedoelde hjirmei it direkte en ûnmiddellike kontakt mei it ferline troch in relatyf ûnbetsjuttend objekt as bygelyks in print, in âld boek of in klank út in Midsieusk liet. It is de sensaajse fan troch it kaaigat fan de tiid te sjen. Aly van der Mark hie sa’n momint wa wit noait hân as har man as achtjierrich jonke nét in teekist mei tekeningen ferbaarnd hie. Túnkerssoan Ids Westra krige nammentlik yn 1947 opdracht fan syn himmeljende mem om dit te dwaan, sûnder mis mei de tafoeging dat it ‘âlde rommel’ wie of soksawat.

Goed sechtich jier letter wiene Aly en Ids fan Hurdegeryp beide pensionearre en krigen – lykas wol faker op dy leeftiid – niget oan de skiednis fan de famylje. Nei de famylje fan Ids om krekt te wêzen. Dy wie fan memmeskant mids 19e ieu besibbe oan Gerrit Vlaskamp, in túnarsjitekt dêr’t hja fan wisten dat er de Wilhelminaparken yn Snits en Grou en it Westerpark yn Ljouwert ûntwurpen hie. Dat wie al hiel wat, want fan Fryske túnarsjitekten út de 19e ieu is pas sûnt 1979 troch it ûndersyk fan Peter Karstkarel en Rita Mulder-Radetzky mear bekind.

Dat jildde benammen foar Lucas Pieters Roodbaard, oer wa’t yn 2012 Els van der Laan-Meijer en Willemieke Ottens in moaie biografy of better noch in oeuvrekatalogus skreaune, Roodbaards rijkdom: landschapsparken Noord Nederland 1800-1850: Friesland, Groningen en Drenthe.

Sa wiidweidich hat Van der Mark Gerrit Vlaskamp net ûndersocht. De speurtocht begûn wol mei in histoaryske sensaasje. Alleswitter Philippus Breuker sette har op it spoar fan de administraasje fan beamkwekerij Bosgra yn Burgum. In túnarsjitekt hat no ienris beammen, strúken en planten nedich om syn ûntwerpen útfiere te kinnen. Van der Laan-Meijer en Ottens makken gebrûk fan de boeken fan kwekerij Krijns fan De Jouwer. Van der Mark fûn op har bar yn de net minder as fyftich mânske grutboeken fan Bosgra de namme fan Vlaskamp faak werom. Sy skriuwt fuort al dat Gerrit Vlaskamp sûnt 1861 seker 317 túnen yn Fryslân oanlein hat en dêrmei is er de opfolger fan de grutte Lucas Roodbaard wurden. Dêrneist ûntwurp er noch seker 32 tunen yn Grinslân en ien yn Drinte. Miskien dat er no, lykas Roodbaard, ek in plakje krijt yn de nije Ensyklopedy fan Fryslân, wer’t dat mei de âlde fan 1958 noch net it gefal wie.

It tige lêsbere boek fan Aly van der Mark – Het prieel op de heuvel. Zes generaties Vlaskamp, het verhaal van een tuindersfamilie – giet sa’t de ûndertitel al seit net allinnich oer Gerrit Vlaskamp. Yn it lêste kwart fan de 18e ieu kaam de Achterhoekske famylje Vlaskamp fia Hollân nei it noarden fan Fryslân. Arent Vlaskamp waard hortulanus by de universiteit fan Frjentsjer. Van der Mark har favorite generaasje Vlaskamp is lykwols it kwekerspear Lambertus en Antje en dan foaral har âldste dochter Jelske.

Lambertus gie fallyt en bedarrte yn 1854 Veenhuizen, dêr’t er in pear moanne letter oan de cholera stoar. Jelske waard swier fan in troude man en kaam wegens dieverij yn de finzenis. Hja gie nei Utrecht en dêr rekke se opnij swier. Se troude, hertroude, krige bern en ferlear se wer. In treurich libben en Van der Mark makke sels in Jelske-route yn Utrecht lâns alle plakken yn sloppen en stegen dêrt’t se wenne hie. Hjir fynt Van der Mark har histoaryske sensaasje by in kleanhaak yn in opfanghús dy’t har tichtby de earme Jelske brocht. Dan die broer Gerrit Vlaskamp it as túnarsjitekt in stik better.

In protte argyfmateriaal wie der net om it ferhaal fan seis generaasjes Vlaskamp te fertellen. Van der Mark is ek mear in fertelster as in ûndersykster. Lambertus, dy’t letter yn Veenhuizen bedarre, siet dêrfoar fêst yn it Hús fan Korreksje yn it Hollânske Hoorn. Dat bestjut dat er net allinnich fallyt rekke wie, mar dat er ek in misdriuw of misdied begien hie. Dat hie yn de argiven fan de finzenis fan Hoorn yn Noard-Hollân wol útsocht wurde kind, want dy binne goed bewarre. Mar goed, dat is wer in oar fak.

Om dochs wat mear fleis op de bonken fan it ferhaal te krijen, fertelt Aly van der Mark tusken de bedriuwen troch oer har tún yn Hurdegeryp. It binne fleurige stikjes en opfallend genôch wurket dit prosedé goed. Mar it bliuwt ivich spitich wat de mem fan man Ids him yn 1947 opdroech. It sil, nei analogy fan Goffe Jensma’s reade taske fan Salverda, de Fryske skiednis yngean as de teekist fan Westra.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.