Teatertsjerke moat levensader biede yn Noardeast

Publisearre op 21 februari 2020

TSJOMME DIJKSTRA – 

“Trofst my wol yn it hytst fan de striid”, seit Anke Bijlsma. We ha wat hinne-en-wer belle om oer de Teatertsjerke Nes te praten: it poadium dat ein 2017 ûnder Bijlsma har lieding iepene is yn de âlde grifformearde tsjerke yn Nes. By it behearen fan sa’n útsûnderlike lokaasje komt in soad sjen fansels en dêr heare ek net-deistige saken en beslommerings by. Dizze dei blike de oargelrestaurateurs del west te hawwen om de steat fan it tsjerke-oargel fêst te stellen. De kondysje fan it oargel, in kegellade, foel ôf, fertelt Bijlsma. “Se ha ek fuort ferslach útbrocht: it kin noch tsien jier mei mar eins net mear stimd wurde.”

 

Fan augustus oant en mei oktober komt it grutte doek Nachtwacht 360° trije moannen nei de Teatertsjerke yn Nes. Want as der earne noch in nachtwacht noadich is, dan is it hjir.

 

Restaurearje is te djoer mar der is al in plan B, seit Bijlsma. “Der soe dan in elektrysk oargel yn komme. It front, dat is hiel ymposant, dat kin dan stean bliuwe en dan komt it lûd al fia de piip.” De minste opsje liket yn it earstoan om it oargel net mear op te knappen. “We sille de opsjes goed tsjin it ljocht hâlde.”

De 12e en 13e iuwske Johannestsjerke fan Nes stie om-ende-by in jier leech, nei’t dêr yn 2017 foar it alderlêst in tsjerketsjinst hâlden waard. “Yn 2018, om de krysttiid hinne seinen de nije eigners tsjin my: wy ha de tsjerke kocht, do meist him eksploitearje’’, seit Bijlsma, dy’t de keapers fan de tsjerke koe en dy’t sels fan it Garnalefabryk fan Peazens-Moddergat yn koarte tiid in goed rinnend kultureel sintrum makke hie. It bestjoer fan it museum besleat lykwols dochs om net mei Bijlsma as programmeur fierder te gean, dy rjochte har fizier doe dus op de tsjerke dêr’t se in nije doelsbestimming foar útstippele. “De Teatertsjerke moat hjir in levensader biede kinne, dat haw ik foar eagen”, seit se. Sy groeide sels net fier fan it waaddoarp op, yn Brantgum. “Ik haw echt hert foar de regio.”

Sa baarnt in jier lang yntusken alwer it ljocht yn de tsjerke, dy’t, nêst foar it kulturele gebrûk, ek beskikber is foar grutte selskippen en gearkomsten en tsjinsten. Der binne trije romten foarhannen, de tsjerke, de konsistoarje en in ferboude romte dy’t as hoarekalokaal tsjinnet. Dy seal hat in grutte plafonskildering krigen hat fan Anke har man, Gerrit Breteler. ,,Dêr wolle minsken fan alles oer witte, dat is in leuk gespreksûnderwerp.’’

It oantal aktiviteiten wiksele troch it earste jier hinne in bytsje. Bijlsma: “Yn it wykein besykje we in grut evenemint te programmearjen. En trochdewyks ek ien. Yn july en augustus ha we it wat rêstiger hân.”

Bijlsma sels is lokkich mei hoe’t it oant no ta slagge is om aktiviteiten binnen te heljen. “Ik haw in grut netwurk en der is in protte oanbod. We ha der ek in protte jeugd by, en in gearwurking mei muzykskoalle Opus 3 yn Dokkum. De learlingen kinne hjir yn in profesjonele setting spyle mei teaterljocht en lûd.” Ferskate eveneminten krigen de tsjerke hielendal fol, bygelyks de konserten fan fanfare Soli Deo Gloria út Nes mei de kryst, dêr’t de kaarten rap foar de doar útgienen.

Bijlsma mikt op trije groepen publyk. “Alderearst besykje ik hjir foar de regiobewenner aktiviteiten te finen. Dan is der ek in breder oanbod foar de leafhawwers, dêrfoar makket de ôfstân net sa folle út. En der is ek noch in tredde doelgroep, fan toeristen. Fytsers. Minsken dy’t oeral wei komme.” Dy kinne in jûn genietsje fan teäter of muzyk of op in lêzing ôfkomme. Mar der bart mear.

Yn in sfear fan kontakt en ideeën útwikseljen mei regiobewenners ûntstie it ôfrûne jier de wurkgroep Twirre. “De boeren fan agrarysk kollektyf Waadrâne, dy’t hjir natuerynklusyf buorkje fregen my oft ik helpe koe om de bining mei de boarger te fersterkjen”, seit Bijlsma. “We ha yntusken in stik as fjouwer of fiif ynspiraasjejûnen hân, oer hoe’t je hjir ‘bewust’ libje kinne. Sa hat Anja Haga (ChristenUnie-politikus, wennet yn Dokkum, red.) ferteld oer hoe’t se yn it gesin mei sa min mooglik plestik libje. En der komme minsken mei produkten. En it giet ek oer fiskerij. Op 21 maart ha we in streekmerk.”

In oare spesjale aktiviteit fan de kalinder is de Ids de Beer-lêzing. Dy lêzing, neamd nei in regionale fersetsheld, hat op 15 april foar it twadde jier plak. De sprekkers binne Geert Mak en Roos Derks – Bazuijnen en Freerk de Beer, soan fan Ids, fersoarget dan in ynlieding.

“It soe moai wêze as je úteinlik in programma foar in jier fêstlizze kinne”, seit Bijlsma. “Je sykje nei wêr’t fraach nei is en je wolle in breed oanbod jaan. Dat is noch wol trial and error.” De programmeur is bot wiis mei har team, dat hieltyd selsstanniger draait. Mar winsken bliuwe der genôch. Bijlsma wol yn de takomst besykje om mear ‘grutte nammen’ nei Nes ta te heljen. Immen as Geert Mak, hellet se oan as foarbyld. “Dêr binne minsken ree foar om der fan fier foar te kommen.”

In pear wiken lyn wie se noch op in evenemintebeurs yn Rotterdam om kontakten te lizzen en de regio Noardeast-Fryslân te fertsjintwurdigjen en promoten. “Ik wol dat yn de Teatertsjerke ek in feestje of fergadering hâlden wurde kin. Dat je dat goed oanklaaie kinne, arranzjeminten biede kinne.”

Yn dat ljocht liket it slot fan de kommende simmer in nijsgjirrige perioade te wurden foar de noardeasthoeke. Fan augustus oant en mei oktober komt it grutte doek Nachtwacht 360° trije moannen nei de Teatertsjerke yn Nes, de fotografyske replika fan Julius Rooymans en Hans Ubbink fan it Rembrandt-skilderij. It hat inkeld yn Amsterdam yn it atelier fan Ubbing te sjen west en giet takommend jier nei Tokio. “Hast hjir it donkerste stikje fan Nederlân. As der earne noch in nachtwacht noadich is, dan is it hjir.” Bijlsma sjocht potinsje om in (kulturele) ferbining te meitsjen mei de opera Peter Grimes, dy’t oan de ein fan de simmer op it waad by Peazens-Moddergat opfierd wurdt, bygelyks troch in pelgrimsrûte fan de Dokkumer Bonifatiustsjerke lâns Nes nei it waad ta stân te bringen.

 

Sjoch op de webside fan de Teatertsjerke foar it programma foar de kommende tiid.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels