Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (3)
De dea sil komme, en ik sil net op bêd lizze, net yn de keamer op de bank sitte: ik sil op him wachtsje yn it treppehûs, by myn famylje dy’t fan it plattelân komt, tiptop as stutsen yn sneinsklean fan seeblauwe snjit, mei de strik wat dwers, en it sil net noadich wêze dat […]
Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (2)
De ferealen It fleis wol fleis. Ausiàs March Der hawwe yn Valencia net twa sa fereale west as wy. Wyld begearden wy inoar fan moarns oant nachts let. Alles stiet my wer foar eagen wylsto de wask ophingest. De jierren giene foarby, einleaze jierren; der is in soad bard. Samar ynienen grypt er my, dy […]
Poëzy Katalaanske dichter Vicent Andrés Estellés oerset (1)
Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik. En om’t bepaalde saken my oerkomme, sjong ik der hjiroer, sis ik se hjir. Hjir bin ik te wrâld brocht, hjir bin ik. Hjir wurkje en tútsje ik. Hjir gean ik dea en hjir laitsje ik. Hjir stean ik noed foar it gewaaks. Tsien wierheden en […]