• 19 september 2017

    RYNK BOSMA -  In man en in frou komme op de selde dei tagelyk by de karavan oan om fakânsje te fieren. Man en frou binne skieden mar tochten dat se dy karavan noch wol tegearre brûke koenen om fakânsje te hâlden. Mar dan moatte der fansels wol goede ôfspraken makke wurde. Wa sil it paad werom nimme om wer op hûs ta is de [...]

  • 21 juli 2017

    RYNK BOSMA -   As de romantyk it gefjocht oangean moat mei de sinten dan witte je de útslach op foarhân al. Dochs kin it dêrom noch wol in nijsgjirrige twastriid wêze mei allegeare sydpaden. Dat is it gefal by it iepenloftspul In see fan lân yn Snakkerbuorren. It ferhaal giet oer in frou fan Amsterdam mei in soan dy’t delstrykt yn in doarp. Sy [...]

  • 28 juni 2017

    RYNK BOSMA -  De toan is yn Dronryp set as de ouverture fan it iepenloftspul Manon iepent mei it sa mankélike Avec le temps fan Léo Ferré. De tiid hâldt gjin skoft klinkt krekt efkes ierdser as Avec le temps, va, tout s'en va, On oublie le visage Et l'on oublie la voix, Le cœur quand ça bat plus. Mar de prachtige tekst soe net [...]

  • 8 juni 2017

    RYNK BOSMA -  De tiid dat wrotten en wramen it wichtichste yn it hiele libben wie is al lang foarby. De treden fan de trep nei in better libben ûnder it motto ‘vooruitgang’ binne mear as in heale iuw lyn al naam. Dochs kin it in moaie kapstôk wêze as je grut wurden binne yn in boerenfermidden, noch altiten binne der minsken dy’t wrede, yltige [...]

  • 29 mei 2017

    RYNK BOSMA -  Fansels sloech de opmerking fan presentator Tamara Schoppert de wierheid mei de hammer op de kop doe’t sy sei ‘De klokken als getuigen van alle verhalen door de eeuwen heen’. It wie net de iennige wierheid op tongersdei 18 maaie yn de Grutte Tsjerke yn Ljouwert wêr’t 32 fan de 87 oanmelde doarpen de fearren útstutsen om sjen te litten wat harren [...]

  • 11 april 2017

    RYNK BOSMA -  Hoasfuotlings kaam de oarloch troch de achterdoar it doarp Tytsjerk binnen om der op klompen ta de foardoar wer út te klossen. Sa folle wurdt dúdlik by it rinnen fan de teatrale kuier 'It paad nei frijheid' dat op tongersdei 6 april yn premjêre gie. Om de minsken it gefoel te jaan wat it is om as twadderangs boargers behannele te wurden [...]

  • 15 maart 2017

    RYNK BOSMA -  It wurd fernuvering plopt as in koarkje oan ‘e ein fan in fiskersangel hieltiten wer boppe yn it libbenswetter fan de yn 1970 berne Wybo Smids. Nim it jier 2013 bygelyks, doe’t Smids meidie oan The 48 hours Film Project, in filmwedstriid dy’t yn 48 oeren klear wêze moast. "Der dienen sa’n 200 steden oan mei en de priisútrikking wie yn New [...]

  • 22 februari 2017

    RYNK BOSMA -  Fjouwer mannen yn wite pakken hoedzje mei harren muzyk oer it fertriet fan it libbensferhaal fan Elise. Net as ‘ivoren wachters’ mei út stien byldhoude gesichten dy’t harren rideltsje spylje. Nee, it ferhaal fan Elise is fan de gesichten fan Gurbe Douwstra syn muzikale kar Jan de Vries, Wander van Duin en Tseard Nauta ôf te skeppen, se dogge mei, mear as [...]

  • 6 december 2016

    RYNK BOSMA -  De foarstelling 'Foar dy nei dy' yn de boppeseal fan paviljoen De Leyen yn De Rottefalle hie oan it buordsje ‘uitverkocht’ gjin brek. Mei it each op it wetter de Leijen wurdt in foarstelling opfierd troch Froukje Reitsema fan Lippenhuzen en Popke van der Zee fan Mantgum. Op snein 4 desimber wie de lêste útfiering fan in stik wêryn it ferlies fan in [...]