fotografy: Rynk Bosma

It paad werom op fakânsje

RYNK BOSMA – 

In man en in frou komme op de selde dei tagelyk by de karavan oan om fakânsje te fieren. Man en frou binne skieden mar tochten dat se dy karavan noch wol tegearre brûke koenen om fakânsje te hâlden. Mar dan moatte der fansels wol goede ôfspraken makke wurde. Wa sil it paad werom nimme om wer op hûs ta is de iene kwestje, mar no’t se elkoar dochs tsjin komme wurdt ek dat oare paad werom ynslein. It paad fan de mienskiplike famyljekykjes dy’t yn de beide hollen sitte, de tiid dat de bern noch lyts wiene, de tiid fan ‘Wat wiesto moai yn dy reade bikini’ wêrop de frou seit ‘It wie rose’.

 

De foarstelling ‘Hoe is’t mei him’ is eins as in wip wap ûnder de parrebeam yn in tún.

 

De spegel fan in libben tegearre wurdt útbylde en de taskôgers kinne der fan alles útpikke dat hiel werkenber is. It begjint al by de fraach ‘Wa hat it no ferkeard begrepen?’ Rúzje oer wa’t no fuort sil, mei de frou dy’t as in gediplomeard slachtoffer seit: ‘Ik offerje my wol wer op, sa as altiten’. Mar earst kofje, mei stiltes dy’t fold wurde mei ‘Slok net sa lûd’ en oare argewaasjes as gefolch fan in lang libben tegearre. Humor yn de foarm fan oanmerkingen op syn te lange hier, ‘Do wurdst dochs net sa’n man mei in sturtsje of knoetsje wol?’ Boartsje mei de gewoantes dy’t yn it libben fan man en frou slûpt binne. Mar ek dêr tusken troch de pynlike fraach ‘Hoe is’t mei him?’ De fraach stelle is him net beantwurdsje, de stikels komme oerein, it is as de reade see fan harren ferbrutsen houlik dy’t úteinlik twa kanten útgien is.

In trien kin net sa grut wêze of hy hat oan de oare kant wol de foarm fan lachspegel, sa sei lêsten ien en sa is it ek mei dizze túnfoarstelling fan goed in oere. In flotte grappige foarstelling dy’t nearne te swier wurdt, dy’t werkenber is foar minsken dy’t al lang by elkoar binne. Gnize om je eigen lek en brek, it kin terapeutys wurkje en in earste stap wêze nei wat mear wiisheid yn it libben.

Yn de foarstelling bliuwt dy wiisheid hingjen tusken karavan en blauwe loft mei sterk spul fan Tjikkie Toering as Anna en Ike Sinnema as Jan. Anja Steegstra hat it stik skreaun en spilet Astrid, de nije freondin fan Jan wylst Wim de Goede de ferljochting docht.

De foarstelling ‘Hoe is’t mei him’ is eins as in wip wap ûnder de parrebeam yn in tún. Minsken kinne sjen nei de folwoeksenen op dy wip wap fan it libben, mei oan de iene kant de humor en oan de oare kant de tragyk dy’t elkoar yn lykwicht hâlde. Foar de taskôgers is it in treast dat oaren op de boarterstastellen fan it libben it net better dogge as jesels. Gnize om de oar wurdt dan eins gnize om jesels. En dat kinne je mar better yn eigen tún dwaan wêr’t dit lytsskalich teater foar ornearre is.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.