• 21 maart 2018

    RYNK BOSMA - Burchwert ‘Gisele troch de glêzen swipen fan ‘e westewyn’, sa dichtet Tsjêbbe Hettinga healweis de jûn, wylst de minsken yn syn fuotstappen troch it doarp Burchwert kuierje. Allinne kaam dy wyn dizze kear op sneon 17 maart fan it easten en de gefoelstemperatuer, om mar ris in nijmoadrich wurd te brûken, kaam ticht yn de buert fan de min sechtjin graden.   [...]

  • 7 maart 2018

    RYNK BOSMA -  ‘Froulju yn de literatuer’ stiet yn Schaaf City Theater yn Ljouwert op it program by de iepening fan de Boekewike 2018 op sneon 10 maart en ien fan de dielnimsters is Baukje Zijlstra. Mar, miskien noch wichtiger, op dy dei komt ek har earste Fryske roman De koma-korrektor út. In ferhaal oer har heit Tjeerd Zijlstra, dy’t as Indiëgonger ea nee sei [...]

  • 26 februari 2018

    RYNK BOSMA - Ek yn Mantgum mochten de boaten net farre en dat wie yn de oanrin nei de foarstelling De man dy’t hout dûnsje liet yn de Mariatsjerke tige spitich. Want sa moasten de besikers de moaie tekst fan it Intochtslied ‘Zomaar een dak boven wat hoofden/deur die naar stilte openstaat’ fan Huub Oosterhuis misse. De ynlaste kuier gie troch in nijbouwyk fan Mantgum [...]

  • 26 januari 2018

    RYNK BOSMA -  Fansels kinne je de fiters fan eigen rinskuon fêst meitsje, rêchsek achterop en dan it Fryske lânskip temjitte. Fansels kin je dy reis ek meitsje yn goed selskip en de tinzen fan it selskip diele om se dan fleane te litten oer in lânskip fan wetter, reit, greide en lâns de groeden fan bougrûn. En dy ûnbidige rykdom by winterdei besinke litte. [...]

  • 15 december 2017

    RYNK BOSMA -  Yn in tiid dat elts op nasjonaal nivo mei de bûslampe op syk is nei de ‘gewone Nederlander’ slagget Sult der yn dat ferskynsel hannen en fuotten te jaan yn de foarstelling 'Hauken & hazzen'. Hazzen en hauken rinne troch elkoar hinne yn in foarstelling wêr’t ymprovisaasje foarop stiet. Dat bart yn sênes mei foar de spilers in opdracht. Jehannes Arendz is [...]

  • 1 december 2017

    RYNK BOSMA -  By de foarstelling ‘Elkenien is in prutser’ stiet sels dy titel net fêst, je kinne foar it selde jild prutser ferfange troch hakkenkruk of pieler of griemer. Neat leit fêst sa as dat yn it libben ek it gefal is. Fiif spilers fan Tryater, Sjoerd Blom, Romke Gabe Draaijer, Raymond Muller, Eline de Vries en Brecht Wassenaar, spylje harren sels en dogge [...]

  • 29 november 2017

    RYNK BOSMA -  In fearns iuw lang stie Tseard van der Hem fan Winsum noed foar de sinten dy’t by it Berne-Iepenloftspul (BIS) fan Easterwierrum binnenkamen en útjûn waarden. Twa jier lyn kaam der in ein oan, mar de 76-jierrige Van der Hem mocht noch wol op 2 novimber de Pyt van der Zee priis fan twatûzen euro út hannen fan deputearre Sietske Poepjes krije. [...]

  • 12 oktober 2017

    RYNK BOSMA -  ‘It is myn tiid net mear’, sa sei skriuwer en sjoernalist Rink van der Velde ea tsjin in buorman. De jeier hie it gefoel as hy mei it brutsen gewear troch syn doarp fytste dat hy hast in oarlochsmisdiediger wie. In korrespondint fan Starum stjoerde de sjoernalist Van der Velde fan de Ljouwerter Krante geregeldwei stikken yn sok hertferskuorrend Frysk Nederlânsk dat [...]

  • 28 september 2017

    RYNK BOSMA -  Weidum In jier nei’t Janneke de Boer har debút makke mei Rôversguod wie it op snein 24 septimber yn Weidum tiid foar har twadde boek dat de namme Stikel meikrige. In printeboek geskikt foar de ûnderbou, proaza en poëzij dy’t mei yllustraasjes mei elkoar ferbûn wurde. Bepaald net oerstallich, sa sei Feikje Toering fan ûnderwiisorganisaasje De Gearhing, want der binne fierstente min [...]