Utnoeging Moanne Live mei Nop Maas
Publisearre op 1 oktober 2014
De lêste Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 5 novimber yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince en Tresoar.
Op útnoeging fan de Orde van den Prince hâld Nop Maas in lêzing ûnder de titel: ‘Ophef rond Reve, Reve’s Friese jaren en de jaren na zijn dood’.
- Nop Maas: ‘Ophef rond Reve, Reve’s Friese jaren en de jaren na zijn dood’
- Woansdei 5 novimber, 20.00 oere
- Gysbert Japicx-seal Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert
- Tagong: €5,00
Nop Maas (1949) wie editeur fan de brievebundels fan Gerard Reve en besoarger fan it Verzameld werk. Hy besoarge dêrneist ek de briefwikselingen tusken Willem Frederik Hermans, Gerard Reve en Geert van Oorschot. En, tegearre mei Maaike Meijer, de briefwikseling tusken M. Vasalis en Geert van Oorschot. Yn 2009 ferskynde it earste part fan Maas’ biografy fan Gerard Reve; Kroniek van een schuldig leven. Begjin 2010 folge it twadde diel en yn 2012 it tredde diel.
de Moanne wol op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium jaan oan elk wa’t skerp tinkt. Opjefte needsaaklik en leafst foar 3 novimber by Sito Wijngaarden: s.wijngaarden@afuk.nl. Graach drinke wy mei jimme nei ôfrin in glês op de Moanne. Wy sjogge ùt nei jim komst!
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Moanne Live
Folle bak justerjûn op de earste Moanne Live fan 2014 mei as boeiende gasten José Witteveen, Siebe de Boer en Maartje Roos. In tige slagge [...]
Kategory: Moanne Live
De tredde Moanne Live dit jier stiet yn it teken fan de presintaasje fan de nije ferhalebondel 'De triennen fan cheetah' fan Anne Feddema en [...]
Kategory: Literatuer,Moanne Live
Wolsto dy ris ferrasse litte en in moaie simmerjûn-kuier troch Mantgum meitsje, mei gedichten as in boeket blommen? Op woansdeitejûn 12 july besjonge njoggen dichters [...]