• 3 september 2013

    No freed ferskynt yn de Moanne in bydrage fan Klaas van der Hoek oer de nominaasjes fan de Gysbert Japicx-priis 2013. Wa’t sa lang net wachtsje kin, kin fan hjoed ôf oan alle dagen in diel fan dit spannende fúljeton online folgje. Hjir diel ien.   KLAAS VAN DER HOEK -  Der binne fan dy dingen yn it libben dy’t je net winne of fertsjinje, [...]

  • 24 april 2013

    MEINDERT REITSMA -  Oan ’e ein fan har besprek op Farsk fan de roman De wraakingel (2004) fan Leo Popma (1938) hope Jetske Bilker op mear boeken fan Popma. It hat lykwols njoggen jier duorre ear’t der in nij boek fan Popma ferskynde: koartlyn is by Frysk & Frij de roman As gong dêr in oar útkommen. Skriuwe docht Popma yn riten: yn ’e jierren [...]

  • 20 maart 2013

    YVONNE DIJKSTRA -  It binne gjin sympatike lju, it stel dat yn It libben fan in oar de haadrol spilet. Hy, Johan, hat him de lêste jierren foar syn promoasjeûndersyk yn de poëzij fan de Fryske dichter Boate Annes de Vries ferdjippe. Dat dat ûndersyk op ‘e non rint is al gau dúdlik, mar in heimsinnige liftster – in operasjongeres mei Amerikaenske roots –  soarget foar it [...]

  • 9 oktober 2012

    De redaksje fan de Moanne en de Stichting de Moanne noegje jo fan herten út foar in foardracht fan de folgjende sprekkers: Jetske Bilker, Silke Boersma, Anne Feddema en Laurens Aaij. Tiisdei 23 oktober 2012, oanfang 20.00 oere. Gysbert Japicx-seal, Tresoar, Bûterhoeke 1, Ljouwert de Moanne – Live is bedoeld om op papier, mar ek op tal fan oare wizen in poadium te jaan oan elk wa’t [...]

  • 17 april 2012

    HotSum is in nij útjou-inisjatyf fan Ytsje Hoekstra, Gerben de Vries, Jetske Bilker en Abe de Vries. HotSum wol reagearje op ferletten yn de praktyk fan it Frysk skriuwen en útjaan. It útjaan fan poëzij hinget der sa njonkelytsen in bytsje by. Leaver net as al, is it sinjaal fan útjouwers. Ek is in tal útjouwers wilens ferdwûn. HotSum wol hjir in nij perspektyf biede. [...]