Een trein later

Publisearre op 14 januari 2015

Op de earste dei fan de Poëzijwike, tongersdei 29 jannewaris, fynt de twadde edysje fan Een trein later plak. In ynspirearjend tafelpetear mei diskear: dichter Pieter Boskma, teaterfoarmjouwer Kees Botman en saksofoaniste Tineke Postma. De presintaasje is diskear yn hannen fan Ate Grijpstra. In oerke frij lústerje nei entûsjaste sprekkers oer boeken en kultuer.

– Pieter Boskma, Kees Botman en Tineke Postma
– Tongersdei 29 jannewaris om 16.30 yn kafee Wouters

Een trein later is in ynisjatyf fan algemien-kultureel opinyblêd de Moanne en De Culturele Onderneming en fynt plak yn de boppeseal fan Café Wouters, tsjinoer it stasjon fan Ljouwert. De tagong is fergees. Fan herte wolkom!

 

 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Live

    De twadde Moanne Live fan dit jier wurdt holden op woansdei 7 maaie yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince. Dit [...]

  • Kategory: Live

    Folle bak justerjûn op de twadde Moanne Live fan 2014 yn gearwurking mei de Fryske ôfdieling fan de Orde van den Prince mei as boeiende gast prof. [...]

  • Kategory: Live

    Yn de muzykkoepel tsjinoer De Koperen Tuin yn de Prinsetún fan Ljouwert presintearren de Moanne en Tresoar tidens it UITfestival Ljouwert Fryslâns meast bysûndere dichters: Sannemaj Betten, Elmar Kuiper, Jan Ketelaar, [...]