fotografy: Casper van Zutphen. F.l.n.r.: Johan Zijlstra, Nico de Lange en Wiep Wiersma

Swarte komeedzje sûnder spegels

RYNK BOSMA – 

Rom fjirtich jier lyn skreau de toanielskriuwer Neil Simon de komeedzje The Sunshine Boys en yn 1975 waard it in film mei de doe ferneamde komyk Walter Matthau yn de haadrol. Fjouwer desennia letter waard it lanlik opnij út de kast helle en it stik mei André van Duin en Kees Hulst waard in grut sukses. Miskien wie dit wol ien fan de redenen dat de Fryske Krite De Jouwer it toanielstik op it program sette. Under de namme ‘De comeback fan de Sunshine Boys’ wie sneon de premjêre yn party sealesintrum It Haske op ‘e Jouwer. Elske Roorda hie de rezjy oer de spilers Akke Knol, Nico de Lange, Mike Platte, Wiep Wiersma en Johan Zijlstra.

Sintraal stiet de iene helte fan de ea sa ferneamde Sunshine Boys, Willy Bogaard, dy’t allinnich om húsmannet en de dagen trochbringt yn iensumens. Syn ferbining mei de wrâld om him hinne wurdt ûnderhâlden troch in omkesister dy’t in pear kear yn ‘e wike delkomt en dan it lêste nûmer fan de Variété meinimt. In blêd foar en oer artysten en sa kin Willy op ‘e hichte bliuwe fan wa’t dea giet. In soarte fan famyljeberjochtenboade dy’t him de kâns jout ferstoarne minsken noch in skop nei te jaan.

 

Dat dy wrokkichheid oertsjûgend oerkomt is in grutte fertsjinste fan Nico de Lange dy’t de rol fan Willy op moaie, ynhâlden wize delset. Ek de fleurige Wiep Wiersma lit har fan har bêste kant sjen.

 

It stik hat de namme fan in komeedzje en der falt ek in soad te gnizen, mar de grapkes ha allegearre de smaak fan galle en komme meastentiids út de mûle fan Willy. “Ik kin wol yn de reklame fan ‘Rennie’, dêr ha’k de kop ek foar, it past wol by maachsoer’”, sa seit hy yn it begjin en geandewei de foarstelling wurdt dúdlik dat hy der net fier neist sit.

Noch ien kear in optreden fan de Sunshine Boys, dat is de ynstek fan it ferhaal. Noch ien kear tegearre mei Louis van Os yn opdracht fan de televyzje yn it ljocht fan de skynwerpers. Willy wol net fansels, de wrok tsjin syn toanielpartner fan eartiids is sa grut dat hy alles wol dwaan wol om syn gram te heljen op him. Net it sukses fan dy tiid sit yn syn holle, mar it ‘flybjen en pjukken’ fan Louis, dat hat hy 43 jier ferneare moatten. Syn holle wie hielendal wiet as Louis hast mei de noas tsjin him oan syn teksten mei te folle flibe útspruts. It boarst die him sear as syn partner mei de finger fiertsente hurd tsjin syn boarst pjukke.

Altiten ôfjaan op oaren liket syn twadde natoer, altiten dwaande mei himsels as fallende stjer oan in fierders inktswarte himel. De ynerlike strieltsjes fan minsklikheid lit hy net sjen en as dat bart, dan is it ferpakt yn ûnaardige opmerkings. It is eins in tragysk libben sûnder doel oan it ein. Der binne gjin minsken wêr’t hy fan hâlde kin, gjin húsgenoaten dy’t him tidens syn libben bystjoerd ha. Elts krijt de skuld fan eigen tekoart sjitten en dat makket de taskôger tusken it gnizen troch in bytsje kribbich. Altiten flechte yn sels betochte, by elkoar swetste oanbiedings foar rollen moatte syn eigenwearde wat glâns jaan.

Gelokkich oerhearsket it gnizen want de swartgallichheid wurdt útfergrutte. In spegel oan de ein soe it stik in moralistise draai jaan dy’t net past by it ferhaal mar ek net by de deistige wurkelikheid. Dochs is der, as je goed sjogge, oan de ein in skym fan eat as in ‘blanke pit’ sichtber efter al dy wrokkerichheid.

Dat dy wrokkichheid oertsjûgend oerkomt is in grutte fertsjinste fan Nico de Lange dy’t de rol fan Willy op moaie, ynhâlden wize delset. Ek de fleurige Wiep Wiersma lit har fan har bêste kant sjen. De tsjinstelling tusken Willy en Louis krijt moai foarm yn de persoan fan Johan Zijlstra dy’t de wat plechtstatige oare helte fan it duo in hiel eigen, en better karakter meijout. It stik is kommende freed, sneon en sneintemiddei noch te sjen yn ’t Haske op ‘e Jouwer.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.