fotografy: Gijs Dragt

Stjurre mominten by ivich moaie wurden

RYNK BOSMA – 

Fansels kinne je de fiters fan eigen rinskuon fêst meitsje, rêchsek achterop en dan it Fryske lânskip temjitte. Fansels kin je dy reis ek meitsje yn goed selskip en de tinzen fan it selskip diele om se dan fleane te litten oer in lânskip fan wetter, reit, greide en lâns de groeden fan bougrûn. En dy ûnbidige rykdom by winterdei besinke litte. Direkteur Bert Looper fan Tresoar neamt al dy keuzes op yn it foarwurd dat hy skreaun hat by it boek ‘ienkennich lânskip/eenkennig landschap’. In boek sûnder haadletters en mei foto’s fan it Fryske lânskip, de measten makke by winterdei as de keale foarmen oerbliuwe nei wer in kleurrike simmer.

 

Want as der in boadskip ûnder dy donkere pompeblêden fan it wetter sit dan is it wol: minsken yn Fryslân, wês hoeden mei it lânskip om jim hinne, ferniel it betrouwen net want it lânskip is al sa ienkennich.

 

Je kinne ek nei galery De Roos van Tudor oan de Iewâl yn Ljouwert gean wêr’t sûnt sneon 20 jannewaris de foto’s oan de muorre hingje, mei dêrnjonken in gedicht fan Eppie Dam dy’t de bylden fan fotograaf Gijs Dragt yn wurden besiket te fangen. Dat kin tusken alle drokten fan LF2018 troch oant 24 febrewaris. In moai, hast ‘sereen’ rêstpunt tusken al dy kulturele aktiviteiten troch.

‘Sereen’, as der ien eigenskip is dy’t Gijs Dragt meinaam hat út syn wurkromte yn in kleaster yn Zwolle, dan is it dat wol. ‘It detail fan de abstraksje, de abstraksje fan it detail’, sa seit Looper mei in knypeach nei de klassike omkearingen fan Winston Churchill. ‘it gea fan grien en blau ienkennich’, sa dichtet Eppie Dam yn it boek dat twa lêslinten hat, in griene en in blauwe. Grien, blau, griis en de driigjende swartwyt tinten fan in dei dy’t de holle delleit wylst de ljochte kleuren yn de loft it lêste ferset biede tsjin de natoerwet dy’t alle dagen wer foarby komt.

Dragt ‘schildert met zijn camera’ sa’t hy it sels seit. Stjurre bylden fan de natoer lizze ien inkeld momint fêst dat wilens al lang wer foarby is. Sa’t Looper sei, je kinne der sels op út en farianten sjen fan dy stjurre natoermominten. En dêrnjonken neffens op ‘e nij Looper in reis meitsje troch eigen ‘tinken en fielen. Sit stil en reizgje.’ Mar ferjit dan net de teksten fan Eppie Dam mei te nimmen want moaier as dat wurdt it net yn de wrâld fan wurd en byld.

De krytise noat by it abstrakte grien fan ‘greide’: ‘hat hjir in knoffelskonk in amer gevelglâns omsmiten?’ om te einigjen mei ‘- en greide befjochtet syn namme op in griene foarm fan migrêne’. Om dêrnei te besykjen de tinzen te fangen fan de rêst dy’t op de seedyk as in tekken om de mins hinne teart by it waad: ‘it waad wiid fan swijen/ befrijt de wrâld/ fan fuery en twang’ en as de dei hast foarby is: ‘oan de eachein/ begjin fan alle ierde/ keart de lege himel yn himsels/ sinne docht syn goudjefte/ yn ‘e ponge fan de nacht’. Je moatte wol hiel fier reizgje om bettere wurden as húskeamer om yn te wenjen te finen.

De foto’s fan wetter en lânskippen krije faak in oare lading troch it prachtige spul fan kleur en wolk by it skieden fan de dei. Want as der in boadskip ûnder dy donkere pompeblêden fan it wetter sit dan is it wol: minsken yn Fryslân, wês hoeden mei it lânskip om jim hinne, ferniel it betrouwen net want it lânskip is al sa ienkennich. Miskien wol in lêste stasjon, of sa’t Dam it seit: ‘en skilder (mar al te graach/ de fotograaf) is alles hjirmei sein?/ do dichter (mar wa sil dy noch lêze/ is de fraach) hast wat keare kinnen?/ de spoaren binne fêstlein/ sa’t se nei de eachein rinne/ dochs fleach bij ús in stoptrein/ fluitsjend troch it stjitblok hinne/’. Dochs noch wurden dy’t in strieltsje hope talitte.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.