fotografy: Xanne Wijkamp

Somnium: it ûnderbewustwêzen fan The Black Atlantic

NIELS LAHUIS – 

Fernijende projekten, Explore the North stiet der om bekend. Ien fan dy projekten komt fan Geert van der Velde, driuwende krêft efter indiepopband The Black Atlantic. Under de titel Somnium organisearret de Grinzer muzikant in tocht troch it gebiet tusken dream en wurklikheid. Hoe sjocht dat gebiet der foar Van der Velde sels út, nei tsien jier The Black Atlantic? In petear oer in spesjaal desennium en it ta stân kommen fan in unike foarstelling.

Foarsichtich nippend fan in kop kofje sit er yn in stil hoekje fan in Ljouwerter kafee. Geert van der Velde, it iennige lid fan de band The Black Atlantic, hat syn jas noch oan. Syn rêchtas stiet pontifikaal neist him op in stoel. Hy hat in drokke moarn efter de rêch en hâldt syn horloazje goed yn ‘e gaten. Aanst noch in ôfspraak en dan kin er mei frou en bern genietsje fan ’e hjerstfakânsje. Mei in freegjende eachopslach lústeret er nei de opbou fan it petear. De tema’s dy’t sintraal steane binne The Black Atlantic en Somnium, syn muzikale foarstelling op Explore the North.

 

Hurde basis

’Ja, nu je het zegt, dat klopt inderdaad.’ Van der Velde fernuveret him eefkes oer de opmerking dat syn Black Atlantic hast tsien jier bestiet. ‘Ik kan me het gesprek van tien jaar geleden met mijn vrouw nog goed herinneren. The Black Atlantic was toen vrij nieuw en ik sprak de wens uit om mijn brood hiermee te kunnen verdienen. Dat lukte enkele jaren geleden en daar ben ik erg blij om. Maar creatief gezien ben ik nog niet helemaal tevreden. Ik wil nog meer nieuwe dingen maken.’ It is tekenjend foar de muzikant. Van der Velde is in persoan dy’t eins net stilsitte kin en dat wit er fan himsels. Nei’t er in te grutte slok fan syn kofje nommen hat, fertelt er oer de aktiviteiten dy’t de kommende tiid op syn programma steane. ‘Het nieuwe Black Atlantic album is bijna klaar, er zijn nog een aantal collaboraties met Duitse en Belgische singer-songwriters en ik ben nog steeds druk bezig met Black Oak, de samenwerking met I am Oak. Oh, en harde muziek. Ik ga iets meer black metal maken.’ Foar de minsken dy’t Van der Velde allinne kenne fan syn indie projekten, komt dat lêste miskien as in ferrassing, mar hurde muzyk foarmet eins de basis fan syn muzikale karriêre.

Grut wurden mei hurdere sjenres lykas metalcore, leart Van der Velde it fak fan sjonger fan de Amerikaanske hardcore punkband Shai Hulud. Stadichoan stapt er oer nei de rêstige, dimmen muzyk fan The Black Atlantic. ‘Ik speelde tegelijkertijd in de Groningse thrashmetalband The Architect. Sterker nog, de eerste Black Atlantic show, op Eurosonic 2007, vond letterlijk een uur na een optreden van The Architect plaats. Ik moest na het optreden naar de andere locatie rennen.’ Noch altyd wurdt Van der Velde folge troch fans fan syn hurdere bands. Unyk fanwege it grutte kontrast kwa muzyk? Miskien wol. Mar sels hat er in mear nochtere opfetting. ‘Uiteindelijk maak ik uit puur egoïstische overwegingen muziek; omdat ik het zelf leuk vind.’

 

Solo, band, solo
Yn earste ynstânsje bestiet The Black Atlantic út ien lid, Geert sels. Yn de earste perioade hâldt de muzikant it simpel, mar nei ferrin fan tiid ûntstiet der in groepke muzikanten om him hinne. Mei ûnder oaren multy-ynstrumintalist Kim Janssen en partner Megan Hoffman yn de besetting, groeit de band rap. It debútalbum Reverence for Fallen Trees komt yn 2009 út en de winter dêrnei stiet de band op it Amerikaanske SXSW en Eurosonic. Yn it bûtenlân slacht it lûd fan The Black Atlantic goed oan en der folget in drokke perioade fan in protte shows. De langferwachte opfolger fan it debútalbum ferskynt net, mar yn 2012 komt de band mei de EP Darkling, I Listen.

Undertusken krijt Van der Velde in idee foar in oar projekt: Somium. De rezjy én de útfiering lizze by syn band. ‘Het verschil tussen de begin- en eindversie van Somnium is erg groot’, sjocht Van der Velde werom, wylst er syn lêste kofje opdrinkt. ‘Met The Black Atlantic wilden we vooral met visuals werken en de achterliggende, diepere gedachte was destijds nog niet heel nadrukkelijk aanwezig.’ Dochs beslút it selskip in oanfraach te dwaan foar de finansiering fan it projekt. De band hâldt in pitch by de kultuerried fan Grins mar Somium krijt net in finansjele bydrage. Foar guon leden in teloarstelling mar der is gjin tiid om der al te lang by stil te stean. ‘We hadden zoveel boekingen in die tijd dat ik het project vrij snel links heb laten liggen. Tegen het einde van 2013 begon het idee van Somnium echter weer door mijn hoofd te spoken.’ Op dat momint is The Black Atlantic krekt wer krompen ta in ienmansformaasje. Oare dingen binne belangriker en dus bliuwt Van der Velde allinne oer. ‘Enerzijds had ik er begrip voor maar anderzijds baalde ik ontzettend. Achteraf gezien is het wel beter. Het gebrek aan inzet en prioriteit van anderen deden me realiseren dat het míjn project was.’ Yn dy tiid seit Van der Velde tsjin 3VOOR12/Groningen dat er twivelet oan syn takomst as muzikant. De EP Shrine is dan ek autobiografysk, it blaast de syn karriêre nij libben yn.

 

Somnium
As it produksjehûs foar Fryske popkultuer Popfabryk oankloppet foar in nije foarstelling, komt Somium wer boppedriuwen. ‘Ik ben toen helemaal opnieuw begonnen en heb de voorstelling volledig herschreven. En dit keer kreeg ik wel groen licht toen ik het presenteerde.’ Mar hoe sjocht de foarstelling der dan út? De website fan Explore The North seit it folgjende: Stel je eens voor dat je zou kunnen rondlopen door het onderbewuste van iemand anders. Neffens Van der Velde is dat puer in metafoar foar wat hy en syn groep meitsje. In kontekst dêr’t de ynhâld fan Somium oan ophongen wurde kin. ‘De voorstelling vergt veel verbeeldingskracht van de bezoeker. Ondanks dat wij als makers veel input geven, moet je ook zelf mee willen gaan in de kracht van de voorstelling.’ It belangrykste oan it sjen fan Somnium fynt Van der Velde dan ek net it graven yn it eigen ûnderbewustwêzen, hoewol’t hy it moai fine soe as it publyk safier meigiet. It is foar him foaral wichtich hoe’t it publyk weromtinkt oan de foarstelling. It filosofyske aspekt is de grutste driuwfear efter Somium. ‘Je kan de voorstelling op allerlei manieren ervaren maar als je het op filosofische basis ervaart, dan zit er veel gedachtegoed achter.’ In tinkwize dy’t by Van der Velde sels ek pas boppedriuwen kaam by it meitsjen fan de foarstelling. Sciencefictionfilms en boeken fan skriuwers lykas Murakami en Borges foarmje de ynspiraasjeboarnen fan Somnium. Syn eigen basis dus.

 

Bagaazje
‘De mensen komen bij de voorstelling zonder bagage, maar vertrekken misschien mét bagage’, leit Van der Velde út, as er antwurdet op de fraach wat men presys ferwachtsje kin fan Somnium. ‘Er zitten een aantal heftige, confronterende scènes in, bijvoorbeeld wanneer de danseres haar bewustzijn verliest nadat ze bijna stikt. Het beklemmende aan Somnium is dat het bepaalde angsten onder de loep neemt en wij als makers daar hard bij stilstaan.’ Mear lit Van der Velde net los oer Somium. Mei sin. De muzikant wol nijsgjirrigens wekker roppe en de besikers ferrasse. ‘Ik wil niks verklappen. Somnium moet je simpelweg ervaren. En zoals ik al eerder zei, het belangrijkste is dat ze zich iets herinneren van de voorstelling. Dat de bezoeker achteraf aan het denken wordt gezet, mét die mogelijke bagage bij zich.’

Wylst Geert van der Velde it seit, pakt er letterlik syn eigen bagaazje yn de foarm fan de rêchtas. Hy sjocht wer op syn horloazje en meldt dat er no echt nei syn folgjende ôfspraak moat.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 15 (2016), 6 (desimber), s. 38-41

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.