Soer

INGE NICOLAIJ – 

‘Gemaakt op 26 juni 1937. 11 juni: Vader en moeder 25 j. getrouwd’

 

Elkenien hat de pronk oan. Sa te sjen hawwe de froulju ek knap wat tiid yn it hier stutsen. It yntrigearret my dat alle dochters itselde kapsel hawwe, lykas harren mem. Mannich famke soe anno 2014 de doar sa net út wolle, mei in kapsel dat op dat fan harren mem liket.

Der is ien ding dêr’t ik my oer fewûnderje by it besjen fan dizze foto.

Noch ien ding oer dy kapsels; it liket der sels op dat de fotograaf rekken holden hat mei de rjochting fan de skieding fan harren hier. Alle skiedingen rinne nei de midden. It soe my neat fernuverje dat de fotograaf dit bewust dien. Seker om’t de rest fan de komposysje ek perfekt is.

De komposysje, it ljocht, de kadrearing; allegearre prachtich. Sublym hast. Mar der is allinne ien ding dêr’t ik my oer ferwûnderje by it besjen fan dizze foto. De blommen, dy earme blommen. Seach hy it net? Hawwe de famkes it net sjoen? Is dit de reden wêrom’t heit sa soer sjocht?

It moat dochs op syn minst immen opfallen weze? Stribje nei perfeksje en dan sokke blommen op tafel. Miskien wie de fotograaf sa komposysje-geil dat it middelpunt fan de komposysje yn de foto net fuorthelje woe?

Deade blommen binne ek blommen.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.