Sjoerd Dirk Janzen: troch keunst te meitsjen sjoch ik wêrom’t ik hjir bin

Publisearre op 1 oktober 2004

MARITA DE JONG –

Sjoerd Dirk Janzen is berne yn Easterbierrum. Hy wie foarbestimd om boer te wurden. It gie oars. Hy woe sels ynhâld jaan oan syn libben. Janzen is byldzjend keunstner en wurket en wennet yn Grins en Berlyn. Hy wie ek in betûft keatser. Janzen siket al syn hiele libben de grinzen op. Sa libbe er in jier as streetman yn New York. Hy is in man dy’t kontrasten nedich hat om it wurk te meitsjen dat er meitsje wol.

‘Fanôf 1992 wenje ik elts jier in skoft yn Berlyn. De ôfwikseling is goed foar my en myn wurk. Myn frou Susanne komt út Bremen. Sy is ek keunstner. No wenje wy yn Beijum, in wyk yn Grins mei in soad grien. Agresje komst yn dy stêd net tsjin. Berlyn en New York binne agressyf. Dêr wenje tefolle minsken op in lytse romte. Ik bin altyd op syk nei kontrasten. Dy agresje sykje ik dan ek bewust op, ik werken it yn mysels en kin dat gefoel brûke yn myn wurk.’

‘It skilderij dat hjir oan de wand hinget, ha ik yn 2000 makke yn Berlyn. In abstrakt skilderij, mei in opfallend oranje flak. Je sjogge in trochboarring. Einliks binne it twa skilderijen. De trochboarring fan it byldflak en fan in diel derfan. Ek al is it in trochboarring, it komt natuerlik oer. As it allinnich agresje west hie, hie it der oars útsjoen. Guon kleuren harmoniearje, guon kleuren net. Dit skilderij is oalje op doek. It swartwite flak is hiel sterk, it docht tinken oan hoe’t ik tekenje. Der is noch in part fan it linnen te sjen. Dy romte ha ik mei opsetsin útsparre. Guon flakken ha ik tin opset, dan rint it as wetterferve. Op oare flakken gean ik hiel pasteus te wurk. Dan bring ik de ferve ûnfertinne, yn struktuer, op. It wurket tsjininoar yn, mar is ek harmonieus. Dy ferskillende atmosfearen binne in skaaimerk fan myn wurk. Dit skilderij hie ik yn Grinslân net meitsje kinnen.’

Ik seach dat yndividualiteit in geheim ferlangen wie, dêr’t ik nei op syk wie. Dat gefoel die wat mei my.

‘Ik ha altyd oer grinzen hinne wollen. Doe’t ik trije jier wie, ferhuzen we út de buorren fan Easterbierrum nei de Hearewei. We hiene in grutte tún, mar dy wie my net grut genôch. Ik gie mei myn hantsje troch in fermôge gatsje yn it stek. Dan wrotte ik wat yn de ierde om. Buorfrou wie koartkriemich en struide der stikken glês del, sadat ik mei myn hân ûnder it bloed de hûs wer ynrûn, nei ús mem ta. Dy ûnderfining hat my der net fan wjerholden om letter ek oer grinzen te gean. Doe’t ik wat âlder wie, kaam it momint dat we mei it keatsen nei doarpen om utens giene. Einlings koe ik út Easterbierrum wei, wat wie ik gelokkich. Ik bin noch altyd op syk nei grinzen om út te finen wat my wat docht. Ik haw in boartersterrein nedich. Yn it doarp wie alles foarkôge, it fielde as in finzenis. Ik woe wat oars, sels ynhâld jaan oan it libben. Ik bin in boeresoan. Mei twa tradysjes, it boerebedriuw en it jeien, ha ik brutsen. Ik sei nee tsjin de buorkerij, it wie my tefolle fan itselde. Ik leau yn de natuerlikheid fan it libben. Ik wol sjen, ûnderfine wat it libben mei my docht. Ik koe goed jeie. Dêr krige ik op in bepaald stuit genôch fan. As ik in fazant skeat, wie it wûnder fan it fleanen oer. Ik mis it net, mar bewarje der dochs goeie oantinkens oan. Yn de fleanende stoarm yn de reiden sitte mei in piipjende hûn dy’t it allegear te lang duorre. Dat wiene spesjale mominten, dy’t my altyd bybliuwe sille. Heit kaam út in oare generaasje, hy hie de minne tiid meimakke. Doe hiene se de jacht nedich om troch de tiid te kommen. It siet him yn it bloed. Doe’t ik 17 jier waard, soe ik fan ús heit in fiifskots gewear kado krije. No moat ik it dochs sizze, tocht ik. Ik kin it net, ik hâld op. It fielde as in soarte fan ‘coming out’. Myn heit wie in man fan oneliners. Syn iennichste reaksje wie: ik ha der ek wolris oer tocht. Dêr bin ik him noch altyd tankber foar.

Ik kom net út in kultureel nêst. Doe’t ik in jier of tsien wie, hat mem my ynskriuwe litten foar in skriftlike tekenkursus fan de Famous Artist School. Ik wie in bûtenbern. Se tocht: hy hat fan ’e winter neat om hannen, dan sit er him te ferfelen. Ik makke portretten yn oaljeferve fan myn suster en de hûn. It skilderjen waard opnaam yn it gesin, ik rekke der net troch isolearre. We hiene in dûbel bedstee. Dêr stie de sekretêre fan ús pake Sjoerd yn. Je koene it blêd útklappe. Dat wie myn earste ezel. As ik allinnich wêze woe, koe ik de doar tichtdwaan. It wie myn earste atelier. In prachtich idee fan myn heit om it sa te dwaan.

In pear jier letter waard ik hielendal yn beslach naam troch brommers. We fierden se sels op. Dêrnei kamen de famkes. Fan tekenjen en skilderjen kaam yn dy tiid net in soad. Nei de hafû lei it foar de hân om nei de PA te gean. Dat wie my net aventoerlik genôch. Ik krige der lucht fan dat der oan de Ubbo Emmius tekenjen jûn wurde soe. Dêrnei folge Minerva.

Op de akademy ha ik in soad striid hân mei de professoaren. Ik woe fan miet ôf oan libbensgrut wurkje. Dat wie net gebrûklik. We moasten op in paneeltsje fan 10 by 15 in neakenfiguer skilderje. Dat kin ik net, sei ik. De professor antwurde, dat dogge we al fjirtich jier sa. Ik lei myn hân op it paneel en sei: dit is alles wat der op past. Dat hiele jier ha ik allinnich hannen en fuotten skildere. Ik haw romte nedich, ik moat myn lichem bewege kinne, krekt as in bokser. In pear klappen útdiele, dan in pear stappen tebek. Fan tichtby sjen of fan fierôf, sa datst oersjoch krigest. Ik wol, lykas yn in krêftmjitting, wat tsjinkomme dat like grut is as mysels.

Ik leau yn de natuerlikheid fan it libben. Ik wol sjen, ûnderfine wat it libben mei my docht.

Dy krêftmjitting socht ik ek yn it keatsen. Doe’t ik in jier of 12 wie, stie ik op it Bolwurk nei de PC te sjen. In kaartsje hie ik net. Dy arena makke grutte yndruk. Ik woe dêr ek stean. It probleem wie dat ik herfoarme opbrocht waard. Ik wie lid fan ’e cfk en mocht op snein net keatse. By de knkb koene jo op sneon en snein spylje. Dêrtroch koene je better wurde as keatser, dat wie my wol dúdlik. Wer woe ik oer dy grins. Doe’t dûmny in kear by ús thús kaam, ha ik him frege. Ik sei dat ik by de knkb keatse woe. Dûmny makke der gjin probleem fan. ‘Als je dat nu wil, moet je dat nu doen’, seid er. Hy hie wol troch dat it oars te let wêze soe om de top noch te berikken. Doe’t dûmny it goed fûn, hiene myn âlden ek gjin swierrichheden mear. Ik wie ien fan de earste jonges yn it doarp dy’t de oerstap makke. Ik socht mear tsjinstân. Dêr wurdt in minske sterker fan, ha ik troch de sport ûntdutsen. Tsjin minsken dy’t minder sterk binne, prestearje je minder. Ik leaude yn mysels. Myn grutte foarbyld wie Johannes Brandsma. Myn freon Hotze Rusticus keatste ek mei in soad emoasje. Je hiene ek de rekkeners lykas Sake Saakstra en P.J. Faber. Dy slaan gjin bal te fier, se spylje as sitte se yn de leunstoel. Ik wie mear in emosjoneel keatser. Ik keatste sa as ik it sels woe. Dêrom bin ik nea ien fan de alderbêsten wurden. Je moatte ek keatse mei de kop derby. Brandsma is de moaiste keatser dy’t ik sjoen ha. It fjild wie te lyts foar him, sa’n grut talint. Hotse Schuil haw ik spitigernôch net kennen yn syn aktive tiid.’

‘Nei de Akademytiid ha ik in jier as clochard yn New York libbe. Ik woe harren lotgenoat wêze. Nei dat jier ha ik wurk makke dat ik sûnder dy ûnderfining nea makke hie. Wurk fan binnen út. Ik moat fan binnen fiele wat der mei my bart. Ik besykje wat en sjoch wat it mei my docht. Sa no en dan gean ik te fier. Ik haw nei dat jier yn New York oerspand west. It libben as streetman wie gefaarlik, der wiene bedriigjende situaasjes. Je moasten soargje dat je gjin jild by je hiene. Foar ien dollar waardst berôve.

We ha ea yn in ferlitten gebou sliept, in âld teater. It wie winter en it frear 15 graden. As we op de bus wachtsje moasten, stienen we as in keppel kij tsjininoar oan om de waarmte fêst te hâlden. Soms bleau der ien fan ús efter yn de bus. We wisten net oft er dea wie of bewusteleas. Yn dat teater sliepten wy mei 200 man op it poadium. Der wiene plysjes dy’t patrûlearden mei grutte bûslantearnen en hûnen om foar te kommen dat grutte manlju harren fergriepen oan lytsere jonges. It wie as in performance foar in lege seal, foar lege stuollen. Ik ha dy ympresjes letter fêstlein yn in tekening dy’t de titel ‘Fuck you’ draacht. In streetman op in wc. Om him hinne driuwt fan alles en hy sjocht dernei. Ik ha yn dy tekening meardere bylden fan itselde momint byinoar brocht.

Dat jier yn New York wie in komplete clash. Ik libbe mei eangsten, soms wie it my tefolle. Ik koe sa deastutsen wurde om in goeie broek of in pear skuon mei mear soal. De poaten fan it hollenein fan myn bêd sette ik jûns foar it sliepen gean yn de skuon.

Dy yntinsiteit fan it libben ûndergean is goed foar myn wurk, om’t dy ferdjipping der dan yn sit. Mei dy tekeningen fan New York ha ik yn 1985 de Talenspriis wûn. Ik krige ek in steatsstipendium fan f 30.000,- fan it ministearje fan wvc. En in tentoanstelling yn it Fries Museum en yn galery Nouvelles Images mei Armando en Lucebert. Minsken sjogge dat it echt is, it binne gjin plaatsjes, it kaam fan binnen út. Ik sil it nea wer dwaan. Twa kear itselde ûndernimme fyn ik net nijsgjirrich. Ik haw ek oare dingen dien dy’t minder heftich wiene. Sa ha ik in ienmansbedriuw hân as hússkilder. It hie alles te krijen mei kleur, foarm en formaat. Dêr wie ik op dat stuit mei dwaande. Dêr is de searje skilderijen ‘Farb architekturen’ út ûntstien.

Ik libje op de spanning tusken sekerheid en ûnsekerheden. Ik moat bygelyks wol de sekerheid hawwe dat Susanne der is. Ik funksjonear it bêst as in pear dingen fêststeane. Wat dat oanbelanget bin ik beslist gjin borderliner. Ik wol net it risiko rinne dat ik deroan gean. Dêrom ha ik nea eksperimintearre mei drugs. Lit ik sizze: noch net. Ik ha der oant no ta in sûne eangst foar. As in eksperimint my befalt, gean ik fierder, befalt it my net, dan hâld ik op. Yn New York ha ik wolris oanstriid hân om op te hâlden. Dan tocht ik, ik gean werom. Mar ik bin ek in trochsetter, jou net gau belies. Dêrom bin ik dochs bleaun.

Ik libje op de spanning tusken sekerheid en ûnsekerheden.

Ik moat ôfwike fan it normale, it deistige, dat wat op eltse hoeke fan de strjitte te finen is. As lyts jonkje, ik wie in jier as fjouwer, seach ik in sûkerbyt op strjitte lizzen. In automobilist seach it ding pas op it lêste momint. Dêrtroch makke de auto in swaai. Dy beweging fûn ik moai omdat it ûngewoan wie. Ik bleau sitten, mar der barde neat mear. De oare automobilisten seagen de sûkerbyt al fan fierôf lizzen en gongen der mei in bôge omhinne. It wachtsjen duorre my te lang. Ik pakte de sûkerbyt op en gie efter de hage sitten. Doe’t ik in auto oankommen seach, goaide ik ’m ynienen foar de auto. Ik woe dy beweging wjier as fjouwer,nstitepuntan werhalden ek letter oer grinzen te gean. elegd in opdracht van Albertine Agnes er sjen, myn each seach der nei út. Dy auto remme en der rûgelen twa mantsjes út. Ik sette de sokken deryn. Doe’t ik de efterdoar iependie, rôp ik nei mem: se komme deroan. Ik flechte nei boppen. It wiene twa plysjes. Earst hearde ik lûden fan opwining. Mem besocht de boel wat del te bêdzjen. Doe doarde ik wer nei ûnderen te kommen en ferskûle ik my efter mem har rokken. It einbeslút wie dat ik tasizze moast it nea wer te dwaan.

It ûnbekende lûkt, itjinge dat ik as sadanich noch net sjoen ha. Ik kin libje fan myn keunst, dat jout my alle frijheid. Hjoed kin ik hjir wêze, moarn dêr. Ik haw gjin auto. Dy past net by myn wize fan libjen. It is in geskink dat ik dit libben libje kin. Wêrom’t ik tekenje, skilderje? Ik hie ek yn in teater stean kinnen as performance keunstner. Dat komt omdat ik net direkt kontakt sykje mei myn publyk. Ik ha dy ôfstân nedich, oars beynfloedet my dat tefolle. Ik bin ien dy’t it libben observeare wol. Dat is de moaiste manier, it ûnderfine sa as it him oan dy foardocht, sûnder it te beynfloedzjen. Yn New York hie ik in lyts boekje by my dêr’t ik myn yndrukken yn fêstlei. As taskôger.’

Ik tekenje en skilderje oer de dingen dêr’t ik net oer prate kin of wol.

‘We krigen thús faak kalinders mei ôfbyldingen fan skilderijen fan ferneamde skilders, sa as Rembrandt. Je koene op syn skilderijen nea sjen wêr’t it ljocht wei kaam. Dat fûn ik fassinearjend. In broer fan ús heit hie in skilderij fan syn pleats, makke troch in hússkilder. Om de skittering fan it rút wer te jaan hied er skulpen yn de ferve drukt. Geweldich betocht. De pleats dy’t hy makke hie, fûn ik hiel spannend fanwege de friksje mei de werklikheid. Syn eigen ferbeelding hie hy oplost mei skulpen. Ik realisearre my dat de ferbeelding fan soks yndividueel wêze koe. Yn dy printen fan Rembrandt seach ik gjin skulpen. Ik seach dat yndividualiteit in geheim ferlangen wie, dêr’t ik nei op syk wie. Dat gefoel die wat mei my.

Myn tinzen geane faak werom nei dat earste momint. De beweging fan myn hân, dy’t efterbleau op it papier. Ik hie mei eigen eagen sjoen dat ik dy beweging makke. De kurve bleau stean. Dy ‘gestolde beweging’ fielde as in grut geheim. As ik in wike letter wer nei dy tekening seach, stie dy streek der noch.

It skilderjen is oergongen yn myn bloed, sa as it jeien myn heit yn it bloed siet. It is needsaak. Troch keunst te meitsjen sjoch ik wêrom’t ik der bin. It binne myn bylden, eigen komposysjes derfan. Mar dy’t je yn de realiteit as sadanich nea tsjinkomme. Ik kombinear dy figueren yn in omjouwing, dy’t ik der sels bysleep.

Ik giet my allinnich mar om de minsken. It oer minsken te hawwen en de ôfstân ta dy minsken te bepalen. Ik tekenje en skilderje oer de dingen dêr’t ik net oer prate kin of wol. Ik bin yn petear mei it wurk. In tekening docht likefolle mei my as ik mei de tekening. De kwaliteit jout oan wannear’t ik ophâlde moat. Ik lit mysels oan mysels sjen. It is as in spul. It is in lust, as in soarte fan befrijing. In befrijing fan bylden, dy’t ik allinnich yn it tekenjen kwyt kin.’

 

Earder publiseard yn de Moanne, 3 (2004) 8 (oktober) s. 2-6.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels