Sjoerd Dirk Janzen (1956-2006)

Publisearre op 1 september 2006

MARITA DE JONG  – 

Foar it oktobernûmer fan de Moanne 2004 hie ik in lang petear mei keunstner Sjoerd Dirk Janzen yn syn wenning yn Grins. Ik moete doe ek syn leave frou Susanne. It petear is my dêrom sa bybleaun, omdat we alles om ús hinne fergeaten. We setten om trije oere út ein en ynienen wie it healwei sânen. As Janzen eat die, dan die er it mei hiel syn wêzen.

Begjin july moete ik him wer by de iepening fan de simmertentoanstelling by Galerie Steven Sterk yn ’e Sweach. Susanne makke har soargen, Sjoerd fielde him net sa lekker en seach der min út. In wike letter skille hy myn man Thom Mercuur om te sizzen dat hy net lang mear te libjen hie. Thom en ik ha noch tsjûge west by it houlik tusken Sjoerd en Susanne op 14 augustus. De brêgeman lizzend op bêd, syn breid derneist, lytse slokjes drinkend fan syn gleske sjampanje en genietsjend fan dat bysûndere momint mei syn freonen om syn bêd. Hy wie warber en hie humor, de sfear wie hiel sereen. Moandei 21 augustus krigen we it berjocht dat Sjoerd dy moarns ferstoarn wie. Susanne wie ek dy lêste mominten hiel ticht by him.

Op 31 july hie ik noch in lêste ynterview mei him. Wat my opfoel wie dat Sjoerd, mar ek Susanne, sa tankber wiene foar alles wat se tegearre belibbe hiene. Sjoerd akseptearre syn sykte omdat de dea neffens him ûnskiedber ferbûn is mei it libben.

 

Yn dialooch mei it papier. Wurk fan binnen út. 

Dat ik deagean, dat akseptearje ik folslein. Ik ha in moai libben hân, alles dien wat ik sels woe. Mear mei in minske net easkje. As it wat koarter as langer is, dêr ha ik frede mei. It giet om de kwaliteit, net om de lingte. Ik ha dwaande west mei de dingen dy’t my wat dien ha.

As bern al, wie ik altyd op syk nei sterke erfarings. Wy hiene in jachthûn, dêr’t ik as jonkje mei boarte. Net samar wat stoeie, dat wie my net genôch, it wiene wiere krêftmjittings. Ik hie allinnich in suster, dêr koe ik net mei fjochtsje. Dy hûn hie fansels op in bepaald stuit syn nocht en dan byt hy troch. Myn heit, in hiele leave man, sei dat ik bandaazjes meitsje moast dy’t om ‘e earms koene. Dat ha ik doe dien.

Ik bin altyd myn eigen wei gien. Op de akademy ha ik in soad striid hân mei de professoaren. Ik rûn faak de klasse út, omdat ik myn eigen dingen dwaan woe. Dan woe ik bygelyks oan ‘e gong mei ljocht en donker en ljochtfal. Ik gie yn in leech lokaal sitten of banjere troch de stêd. Oan ’e ein fan de jûn kaam ik altyd mei wat werom. Dêrtroch krige ik op in bepaald stuit frij baan.

As ik skilderje, ha ik romte nedich, moat myn lichem bewege kinne, krekt as in bokser. In pear klappen útdiele, dan in pear stappen tebek. Ik wol, lykas yn in krêftmjitting, wat tsjinkomme dat like grut is as mysels. Omdat ik op grut formaat wurke, hie ik altyd ateliers yn romtes dy’t net mear brûkt waarden en die hiene nea ferwaarming. Yn 1982 tekene ik mei swart kryt op wyt papier. Ynienen kleure it papier read. Myn fingers wiene sa beferzen dat myn hiele opperhûd der ôfskaafd wie. Ik ha 25 jier lang yn ateliers wurke dy’t ûnferwaarme wiene. Pas de lêste twa winters ha ik stookt.

Ik ha wachte oant it lêst en in boerd makke mei in gjalp, dêr’t in geweldige primitive krêft yn siet. It wie in oergjalp tsjin al it oare dat ik seach: ‘namaak’.

Ik ha it altyd dreech fûn in goeie balâns te finen. Ik wol altyd nei de kearn en kin my dan sa konsintrearje dat ik myn lichem net mear fiel. Ik ha by temperatueren ûnder nul, yn ‘e siich mei in skypak oan, stien te wurkjen. Dakkoepel en in doar iepen om de terpentynlucht kwyt te reitsjen. Ik gean yn dialooch mei myn wurk. Ik set út ein en dat ropt wat oars op. In tekening docht likefolle mei my as ik mei dy tekening. Ik fernim de romte net, fiel gjin kjeld mear en ha gjin honger. Alle fûnemintele prosessen binne dan útskeakele.

Ik libje op de spanning tusken wissens en ûnwissens. Doe’t ik frege waard om oan in tentoanstelling yn ’t Stadspark mei te dwaan, wie it de bedoeling dat eltse dielnimmer fan tefoaren in ûntwerp makke. Dat woe ik net. Ik soe noch nei Italië en koe net yn it foar sizze wat dy reis opsmite soe. Ik ha wachte oant it lêst en in boerd makke mei in gjalp, dêr’t in geweldige primitive krêft yn siet. It wie in oergjalp tsjin al it oare dat ik seach: ‘namaak’.

De ôfgeunst ûnder byldzjende keunstners is net foar te stellen. De jûn foar de iepening ha ik it wurk makke, mar se tochten dat ik it in oar dwaan litten hie en dêrom krige ik net betelle. No seit jild my net safolle. Ik naam risiko troch it op it alderlêste momint te meitsjen en die it oars as al dy oaren. Dêr kinne minsken blykber net mei omgean. Dat keunstners dêr ek muoite mei ha, dat fernuvere my.

Tolve jier ferlyn die ik yn Berlyn ek in projekt mei oare keunstners. We wennen en wurken yn ien gebou. Ik hie in romte foar mysels nedich en beakene in diel ôf. Tagelyk naam ik it beslút om dy romte als keunstwurk te eksposearjen. Dêr wie gjin respekt foar. Binnen de koartste kearen hie in oare keunstner der al in hoekje fan beskildere. Ik ha my net ferliede litten lilk te wurden. Ik bin nei de man ta gien en ha him frege de ôfbylding der wer wei te heljen en dat hat hy dien. It makke my net folle út. Dêr yn Berlyn hie ik krekt myn grutte leafde Susanne moete, dat wie folle wichtiger.

Op de akademy ha ik mysels oanleard om ûnder alle omstannichheden tekenje te kinnen. As ik fertriet hie, lilk wie as bliid. It is foar my it útdrukkingsmiddel om my goed te fielen.

We kenne inoar no tolve jier en de earste seis jier ha we allinnich mar striid hân. Dêrnei ha ik myn siel iepene foar Susanne. We ha net allinnich in leafdesrelaasje, we binne ek kollega’s. Us relaasje is in soart fan ‘Intellektueller Tanz’. Oerenlang kinne we oer keunst prate. Ik wie in man dy’t alles allinnich die, miende dat ik net ien nedich hie. Susanne hat my ynsjoch jûn yn de dingen dy’t ik doch en dat hat fertuten dien. It is in ferriking fan de mooglikheden en it jout my in geweldige krêft.

Doe’t ik as jonkje in kear foel en gûlde, sei myn mem: jonkjes skrieme net. Dat wie krekt de ferkearde dy’t dat tsjin my sei. Doe is der in doarke tichtgongen, wie it oer. Heit soe dat nea sein ha. Mei heit koe ik prate, dy woe witte wa’t dat lytse mantsje wie. Mem seach my mear as in stik klaai, dêr’t se wat fan meitsje woe. Se hie griene hannen, wie in blommefrou. Mem hat foar my de wrâld fan de kleur iepene. Ik ha har in kear ôfbylde. It is in abstrakt skilderij wurden, der wurdt net praat, mar der sit kleur yn. In leaf en aardich minske. Myn heit sjoch ik yn swart-wyt, it wie in man fan one-liners, net abstrakt, mar mei minsken en mei romten.

Op de akademy ha ik mysels oanleard om ûnder alle omstannichheden tekenje te kinnen. As ik fertriet hie, lilk wie as bliid. It is foar my it útdrukkingsmiddel om my goed te fielen. Nei de skieding fan myn earste frou wie ik depressyf. It tekenjen hat my der trochhinne skuord. Guon mominten fielst dy dea-allinnich. Wat dochst dan? Dan gean ik yn dialooch mei it papier. It lit my in hiele oare hoarizon sjen, dêr yn de wrâld fan de fantasy. Ik bin dan net mear hjir, mar yn ‘e tekening.

 

Earder publiseard yn de Moanne, 5 (2006) 7 (septimber) s. 8-9.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels