Serious gaming is yntrinsyk motivearje

Publisearre op 5 juli 2011

De Ljouwerter game-ûntwikkelders fan Grendel Games binne tiisdei (19-11-’13) yn de prizen fallen by de Dutch Game Awards. Se wûnen de prizen Best Serious Game Award en Best Applied Game Design Award, dy krije se foar de ‘Serious Game’ Underground. Grendel Games is it bedriuw fan Tim Laning en syn saaklik partner Jan-Jaap Severs dy’t wurkje fanút de Blokhúspoarte. Harren bedriuw stie mei oan de begjin fan de saneamde ‘Serious Games’: dat binne games dy’t brûkt wurde om bepaalde feardichheden te trainen. Makke as spul, mar mei in serieus doel.

It spul Undergroud waard ûntwikkele foar it UMCG yn Grins en it sjirurgysk ynstitút Limis yn Ljouwert. Yn de game wurdt simulearre hoe’t sjirurgen laparoskopy útfiere. It Amerikaanske sakeblêd Forbes betitele it earder as ‘one of the top 10 games that can change the world’. De Dutch Game Awards binne de fakprizen fan de Nederlânske game-yndustry.

 

MARIEKE VINCKERS –

Serious games hawwe alles te meitsjen mei it spulelemint, mar binne tagelyk bloedserieus. It sit him yn de namme. Dizze games binne trainingsynstruminten. Tim Laning stiet tegearre mei syn sakepartner Jan-Jaap Severs oan ’e widze fan ‘games that can change the world’. Revalidaasje nei in slim ûngelok, operaasjefeardigens fan sjirurgen traine of sels de lêste moannen yn jins libben in bytsje ferlichtsje mei in serious game. Nee, it efterhelle imago fan de game-yndustry kin al lang de jiske-amer yn. This is serious business.

De earste hierders dy’t twa jier lyn harren yntrek namen yn de Blokhúspoarte wienen de hearen fan Grendel Games, in ynternasjonaal bedriuw dat serious games ûntwikkele dy’t oer de hiele wrâld ferkocht waarden. Yn in mondiale merke as de game-yndustry docht ôfstân der net ta. Yn de wike fan it ynterview ûntfangt Laning krekt in groep Japanners dy’t ynteressearre is yn wat Grendel Games ûntwikkelet. In soad minsken út ’e Rânestêd freegje geregeld oan Laning wêrom’t er dochs yn it noarden bliuwt. Op de ien of oare wize is de reis fan it westen nei Fryslân altyd langer as oarsom.

De Jappaners dy’t yn Ljouwert omrinne, binne foar harren gefoel noch altyd yn Amsterdam. Yn Tokyo dochst der ommers ek twa oeren oer om fan ’e iene kant fan ’e stêd nei de oare kant te kommen. ‘Een klant die bijvoorbeeld in Texas zit, interesseert het niet vanuit welke plek wij werken. Als ze zaken doen met iemand uit Indiana, dan hebben ze ook te maken met tijdverschil. Het belangrijkste aan deze industrie is dat je digitaal distribueert. Dat overschrijdt alle grenzen,’ sa seit Laning. ‘Het enige wat je nodig hebt is een goede internetverbinding.’

Computerspelletjes waren voor mensen die in het donker op zolder dagenlang achter hun scherm zaten. Die tijd is echt wel voorbij.

Genôch oer de ôfstân, want dy diskusje jout eins daliks oan hoe konvensjoneel yn Nederlân noch tocht wurdt oer de brânzje wêryn’t Grendel Games operearret. Yn de rest fan ’e wrâld is dit al lang in miljoenenyndustry. Dat it yn ús lân sa lang duorret om it op poaten te setten, komt neffens Laning oan ’e iene kant troch it kalvinistysk ynvestearringsklimaat, oan ’e oare kant troch it imagoprobleem fan ’e business: ‘Computerspelletjes waren voor mensen die in het donker op zolder dagenlang achter hun scherm zaten. Die tijd is echt wel voorbij.’

Serious games
Om fan dat imago ôf te kommen, is de term serious games yn it libben roppen. It binne games dy’t brûkt wurde om spesifyk te trainen, rjochte op it learen fan hannelings en feardigens. It spulelemint makket dat wat net sa leuk is om te dwaan krekt al ynteressant. It Amerikaanske  ministearje fan Definsje frege Grendel Games bygelyks in spul te meitsjen foar feteranen dy’t yn Afghanistan tsjinne ha en dêr letsel oan it lichem oan oerhâlden ha. It revalidaasjeproses is faak pynlik en freget om regelmjittich oefenjen. Om de pine fan de bewegings te ferlichtsjen ûntwikkele Grendel Games in spul dat neist de needsaaklike bewegings ek oanspraak die op de spulfantasije. Ergo: do bist tagelyk mei de linker- en rjochterharsenhelte dwaande.

Yntelliginsje fersus emoasje. Krekt dy emoasje is fan grutte betsjutting yn in revalidaasjeproses. By eltse pynlike beweging dy’st makkest, wurdst weromfierd nei de oarsaak fan dy pine. Troch de rjochterhelte fan de harsens te triggerjen mei in spultsje (belibbing), is de revalidaasjepasjint op in oare wize mei syn trauma dwaande. Trochdat de bewegings fan de spiler boppedat ek de skore beynfloedzje, krijt de feteraan in firtuele beleanning foar syn revalidaasjewurk. Dat motivearret om oan it trainen te bliuwen. Neffens Laning giet it om dizze yntrinsike motivaasje. ‘De verplichte handeling moet eigenlijk leuk worden om te doen, dat creëer je door daar een spelelement aan te verbinden. Het ontwikkelen van deze games heeft zodoende veel meer in zich dan een technisch ontwerp. Het gaat om psychologie, bewegingsleer, communicatie, sociologie en culturele antropologie. Al die facetten maken deel uit van gaming.’

Het gaat om psychologie, bewegingsleer, communicatie, sociologie en culturele antropologie. Al die facetten maken deel uit van gaming.

Serious medical games
Yn de medyske wrâld nimme ûntwikkelings fan serious games in flecht. Earder ûntwikkele Laning in game foar jonges dy’t de sykte fan Duchenne hawwe. Dat is in soarte fan spierdystrofy en it is fan it grutste belang dat de longfunksje stimulearre wurdt. ‘Dat wordt gedaan door geregeld op een ballonnetje te blazen, maar je kunt je voorstellen dat daar leukere dingen op te verzinnen zijn.’ Dit soarte fan leuke dingen betinkt it team yn ’e Blokhúspoarte troch byinoar sitten te gean en te brainstoarmjen. ‘We kwamen uit op een blaasinstrument dat normaal bij alcoholcontroles wordt gebruikt. We hebben dat in een pilotenhelm gestopt en ontwikkelden een Top Gun game waarbij patiënten het vliegtuig besturen met hun adem.’ Dwaande wêze mei dyn sykte, sûnder datst dy dwaande hâldst mei dyn sykte. Yntrinsike motivaasje.

Fysiogames
Minsken mei  selebrale parese, in bewegingsstoarnis yn ’e harsens, moatte in soad traine op balâns. Der binne in soad fysioterapeutyske hannelings foar te betinken. ‘Die vaak niet leuk zijn,’ sa seit Laning. Syn team ûntwikkele in game wêrby’t bern op in fysyk platfoarm sitte. Op in byldskerm sjogge se dat se op ’e rêch fan in draak fleane. Se moatte poststikken ôfleverje by elfkes en feetsjes. Dat dogge se mei de bewegings fan harren lichem. As se it net goed dogge, dan draait de draak him om en helpt se of straft se. Der sit in grut stik spanning yn it spultsje. Dat motivearret de bern om it te spyljen. Omdat tagelyk alle ynformaasje fan ’e bewegings digitaal registrearre wurdt, kin de fysioterapeut spesifyk wurkje oan probleemgebieten.

Knoopsgatsjirurgy op ’e Wii
It nijste projekt dêr’t Laning mei dwaande is, is in opdracht fan it UMCG yn Grins en it sjirugysk ynstitút Limis yn Ljouwert. Dokters dy’t laparoscopie útfiere, moatte in soad – in hiele soad – oefenje. De knoopgatsjirurgy, wêrby’t de dokter mei twa gatsjes yn ’e búk fan ’e pasjint in operaasje útfiert, freget om spesifike hannelings. ‘Daarvoor bestaan simulators, maar daarmee doet de chirurg wat hij de hele dag al doet, dat is niet leuk. Wij zijn gevraagd om daar iets nieuws op te verzinnen.’ Dêrmei bringt Grendel Games wat op ’e merke dat troch it Amerikaanske sakeblêd Forbes as ‘one of the top 10 games that can change the world’ betitele wurdt. Troch in spultsje te ferbinen oan ’e bewegings dêr’t in sjirurch him op talizze moat, krijt oefenjen in hiele oare betsjutting. Serious gaming: der giet in wrâld foar dy iepen.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels