Saga yn Romein

ARJAN HUT – 

Yn Dútslân is de Kanadeeske progrock-band Saga in grutte namme, de manlju spylje dêr yn sealen dêr’t tûzenen fans yn passe. Yn Nederlân is dat minder. Poppodium Romein rûn op sneon 4 maaie wol aardich fol, al wie de seal lang net útferkocht. It makke frontman Michael Sadler neat út, bearde er, oft er no foar hûndert-tûzen of hûndert man spile. Sadler, achter yn de fyftich, tanich en mei in keal skearde holle, is bekend om syn stilearre, teatrale wize fan sjongen. Op it poadium makket er gâns Freddy Mercury-achtige bewegings. Hy frege it publyk yn Ljouwert wa’t der foar it earst by in Saga-konsert wie. Nettsjinsteande in moaie karjêre fan hast fjirtich, fleagen der in goede fjirtich hannen de hichte yn. Wêrop ’t de sjonger glimkjend ta de konklúzje kaam dat men net om ‘e nocht nei plakken as Ljouwert en ‘Borgen up Zoem’ tôge.

It optreden skeat mei faasje út de startblokken. Neidat it Dútse Eyevory (in nuvere krusing tusken Metallica, Focus en Berdien Stenberg) de seal opwaarme hie, setten de prog-feteranen ‘Don’t be Late’ yn, fan it album First Night yn 1980. In publyksfavoriet, dat op it krekt ferskynde album Spin it Again (Live in München) noch as útsmiter fungearre. De funky ritmes, stuiterjende gitaarrifs en opswypkjende refreinen fleagen ús dêrnei om de earen. Mei de âlde hits ‘Careful where you step’, ‘You’re not alone’ en ‘On the loose’ like it wol oft men in soartemint Best Of-show die. Pas nei fiif ferskes kaam it meast resinte album oan bar, it suggestive en tige pakkende ‘Anywhere you wanne go’. Sadler makke hjir mei syn heupen guon bewegings dy’t net geskikt foar bern wiene, al hiene guon fans it kroast meinaam en foaroan tsjin de hikken set.

De kenmerkende stuiterjende metalriffs klonken noch in stik steviger as op de albums, mar in see fan toetsen soarge foar in flinke, glânzjende laklaach, wylst de allegeduerende oanhâldende highhat-ritmes de ferskes op in aparte manier dûnsber hâlde.

Op drummer Mike Thorne nei, ha alle muzikanten de kommersjele gloarjedagen (begjin jierren tachtich) meimakke. Toetsenist Jim Gilmour hat in bosk blonde krullen en hong yn syn praatsjes de clown út. Bassist Jim en gitarist Ian Crichton binne bruorren. It wie opfallend hoe’t Ian Crichton – tige lyts fan stik – suver as drippen wetter op Tyrion Lancaster út Game of Thrones like! Wat noch mear opfoel lykwols, wie syn fingerfluchheid. Hy spile mei in plektrum en die dêrmei dingen dêr’t Eddy van Halen mei syn fingertik-technyk as in slak by ôfstiek. Foaral by it ynstrumentale ‘Corkentellis’ (ien fan de mominten dat de entûsjast swittende Sadler fan it poadium ferdwûn om by te kommen) die er dingen dy’t mei it bleate each amper te folgjen wienen. De kenmerkende stuiterjende metalriffs klonken noch in stik steviger as op de albums, mar in see fan toetsen (ik telde leafst sân keyboards op it poadium) soarge foar in flinke, glânzjende laklaach, wylst de allegeduerende oanhâldende highhat-ritmes (Joe Jackson is der neat by) de ferskes op in aparte manier dûnsber hâlde.

Spitich wie it dat der net mear nije nûmers spile waarden. Miskien omdat de band hjir wat minder bekend is, hâlde men it by de hits en âldere albumfavoriten. Dêrtsjinoer waard al in nije plaat oankundige (Sagacity, te ferskinen yn juni) en dêr krigen wy al in ferske fan te hearren. In mid-tempo nûmer, mei in soad toetsen, mar it wie de manlju oan te sjen (en it wie ek wol wat te hearren) dat it der noh net hielendal noflik ynsliten siet. Dêrnei gau fierder mei mear hits, hits, hits: ‘Mouse in a maze’, ‘The Perfectionist’ (oer psychopaat Ellery Sneed), ‘Scratching the Surface’ en fansels ‘Humble Stance’, in springerich ferske fan it debút út 1978 dat de Kanadezen doedestiids in gigantyske hit opsmiet op it eilân Puerto Rico.

Ja, yn Dútslân en Puerto Rico spylje se yn arena’s. Mar jou my mar dat smûke poppodium yn Ljouwert, dêrsto mei de iene hân de bar beethâlde kinst, en wilens mei de oare it poadium. Dêrsto de artyst rjocht yn de eagen stoarje kinst, en tagelyk in cola bestelle. Dêrsto hinne kinst om ris in Fryske dichter te harkjen, en ek legindaryske topbands as Saga.

 

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.