Romte

Publisearre op 22 september 2014

WILLEM WINTERS –

It skaaimerk fan Fryslân is de romte, binne de fiere kimen. Teminsten at men poëten en oar romantysk folk – guon keunstners, fotografen en politisy – leauwe wol. Ik doch net mei. Dat trompetterjen oer de Fryske romte is teater. Wêr fynst noch in ûnbehindere útsicht fan in kilometer. Nim allinnich mar de gefolgen fan de heak om Ljouwert. Koest earst yn in rjochte line fan Ljouwert nei It Hearrenfean ride koest, dêr moatst no in ûnbidige achtbaan nimme. Omheech, omleech, bocht nei links, bocht nei … tink derom 5% stiging … ensafh. Dy romtedichters komme hjir nea tink?

Wie hjir noch in fjouwerkante meter grûn mei lânskiplike wearde, dan is dy no wol ûnder in fly-over rekke. Romte yn Fryslân? De lêste stikjes romte wurde wenwyk en yndustryterrein. Sjoch bygelyks hoe’t troch de Sinezen by It Hearrenfean de iene nei de oare suvelfabryk út ’e grûn stampt wurdt. Hoe mear romte der offere wurdt, hoe hurder de poëten sjonge oer dat geweldige eachweid.

Us reis troch de USA dit jier hat my foar goed bybrocht dat dy Fryske romtepoëten grutte flauwekul ferkundigje. Ik haw de romte dêr field: Grand Canyon. Earst woe ik der net hinne omdat ik tocht dat it ien en al plat toerisme wêze soe. Dat foel ta. By it earste útsjochplak stiene mar in pear minsken, in muorke fan noch gjin heale meter moast foarkomme datst noch ien – fatale – stap meitske soest. Ik wie noch meters fan dat skiedingsmuorke ôf en doe moast ik al tebekklauwe. Want dat ûnierdske gat is sa grut – 435.000 meter lang, 15.000 oant 29.000 meter breed en mear as 1600 meter djip – dat it net yn dyn harsens past.

Fryslân is fierstente lyts en hat te min frije romte om dy foldwaande tarisse te kinnen mei in tinkraam foar ekssessive omstannichheden. De kop rint dy om. Dyn eagen slane op tilt, want om’t der gjin damp yn ’e loft sit, kinst de oare kant sjen. It fleant dy oan. Akute hichte-, plein- en fleaneangst bespringe dy. Dit wie net de iennichste romtlike sensaasje. Ik wist dat hjir en dêr yn de USA woastyn wie. Mar no rieden wy al dagen, al wiken troch sân en stien dêr’t neat groeide en nimmen wenne. By in State Park resepsje frege ik hoe lang dat noch duorje soe. Wêr hâldt de woastyn op? De lju op dat kantoar sloegen harren op de knibbels fan it laitsjen en rôpen: ‘At the Pacific!’ Noch hûnderten milen fierder.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels