Romantyk?
Publisearre op 27 oktober 2016
WILLEM WINTERS –
Ik kaam eartiids yn Utert yn in antikwariaat dat foar my it summum wie. In lyts winkeltsje mei yn ‘e midden in grutte tafel mei steapels boeken. Ek yn de oare romten yn dat hûs hiene de boeken de oerhân krigen. Yn in hoekje oan in buro mei noch mear steapels, siet in âlde man mei in geweldige prúk griis-wyt hier, de antikêr.
Op wat gerûs fan omslaande blêdsiden nei wie it hjir stil. Ik wit noch dat ik hjir ea it boek ‘De Hel’ fan Henri Barbusse kocht. Dat is no sa’n 50 jier ferlyn.
De digitalisearring faget de lêste restjes romantyk yn de ôffierput. Nea mear sneupe.
Fannemiddei wiene wy tsjûge fan alwer de ein fan in antikwariaat, Atsee yn Dokkum. In heal miloen boeken yn in ûnbidige romte op it yndustryterrein Betterwird. Dat is al net mear sa romantysk, mar no, no’t de lêste wiken de helte ferkocht is, reitsje guon planken leech, lizze de boeken yn wanoarder troch inoar.
In âldere dame komt binnen en freget wêrt de Ingelske boeken steane. De antikêr wiest ûndúdlik de grutte hal yn.
‘Wat in stomme fraach,’ seit se.
In pear jonge famkes freechje wat oft der mei de boeken dy’t oerbliuwe bart.
‘Yn de konténer.’
‘Allegear?’
‘Allegear!’
‘Net nei de Omrin?’
‘Nee, net ien kin sa’n lawine ferwurkje.’
Bûten stean grutte rustbakken driigjend te wachtsjen. Al dy boeken ôffiert nei de it fjoer, de hel.
Wy keapje in tweintich frij, de man winsket ús in soad lêsplesier. De digitalisearring faget de lêste restjes romantyk yn de ôffierput. Nea mear sneupe.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
ERNST BRUINSMA - Yn 1990 ferskynde de roman Possession fan de Britse skriuwster A.S. Byatt. Datselde jier waard it boek bekroand mei de prestigieuze Bookerprize [...]