fotografy: Simon van der Woude

In libben yn tsjinst fan de magy

RYNK BOSMA – 

De namme fan de foarstelling ‘In de naam van de vader’ oer Ritsko van Vliet ferwiist al mei in knypeach nei it leauwen, allinne de letter v bliuwt in lytse letter. De syktocht fan soan Ritsko, skriuwer/sjoernalist/ferteller Sietse de Vries en variétémaat Theo van der Geest wol oan de iene kant rjocht dwaan oan de artyst Ritsko van Vliet en tagelyk ek de mins efter de gûcheler sjen litte. Dat lêste falt noch net ta want de artyst hâlde alles wat dy magy skea dwaan koe efter de kastdoarren.

De twasprong fan hokker kant it útgean moat mei de foarstelling komt fuortendaliks op it aljemint tusken skriuwer en soan. Ritsko van Vliet lit syn eigen karriêre al yn 1939 begjinne, mar it ferhaal begjint eins op wei nei Hannover yn Dútslân. De ferteller, skriuwer Sietse de Vries, wol de gûcheler yn syn tiid pleatse mei it neamen fan bygelyks it tal slachtoffers by de bombardeminten fan Rotterdam. Soan Ritsko wol benammen de suksessen beneame en wit de skriuwer te betsjoenen sadat it wrâldtoaniel ferdwynt.

En sa wurdt ‘In de naam van de vader’ diels in Bildungsfoarstelling mei de klam op de magy dy’t boartsjenderwize sjen lit wat dy magy fan nei de oarloch allegearre ynhâlde. Dat levert moaie gûcheltrúks op fan benammen Theo van der Geest dy’t ek de rol fan heit Ritsko spilet. Mar geandewei tsjinnet him in oare tiid oan mei oare easken. Soan Ritsko wurdt yn de foarstelling konsekwint Kolja neamd, syn heit die dat om reden dat der fansels mar ien Ritsko van Vliet wie.

 

It wie de man sels in griis dat de minsken witte soenen dat hy moarns ek gewoan mei toffels oan thús omrûn, dat hy ek gewoan yn in stofjas de roazen yn de tún knipte.

 

Yn de foarstelling spilet Kolja yn it skaad fan syn heit, mar yn it ferstean fan de eigen tiid mei oare easken wie hy syn heit fier de baas. De yn 1952 berne Ritsko krige noch in soad oare nammen mei, Vladimir wie der ien fan. Ferneamd nei Lenin dy’t stoar yn it bertejier 1924 fan Ritsko van Vliet. It seit eins ek wat oer hoe’t de grutte magiër yn syn eigen tiid stie. Op it politike mêd begreep hy syn eigen tiid net al te bêst, dêr wie ek gjin romte foar want alles barde yn tsjinst fan de magy. Doe’t de tiid fan de ‘play-back’ en oare nije streamingen op it mêd fan amusemint oanbruts hie Kolja dêr mear each foar as syn heit.

Stadichoan komt de foarstelling ta oan de mins Ritsko van Vliet. It wie de man sels in griis dat de minsken witte soenen dat hy moarns ek gewoan mei toffels oan thús omrûn, dat hy ek gewoan yn in stofjas de roazen yn de tún knipte. It boarger wêze as grutste fijân fan it artystenbestean, it soe de glâns fan de man op it poadium dof meitsje. Wylst hy by it âlder wurden net tajaan woe dat de variété foarby wie, dat der oare foarmen foar yn de plak kommen wienen, toande hy him mei de litany dat ‘vroeger alles beter was’ just de boargerman dy’t hy eins net wêze woe.

De foarstelling lit de taskôgers priuwe fan in oare teatertiid, mei in soad humor en fariaasje brocht troch twa akteurs dy’t eins harren sels spylje, allinne Theo van der Geest krûpt yn de rol fan in oar mins. De krêft leit yn de fariaasje, der bart hast altiten wol wat ûnferwachts en dat makket it ta in moaie foarstelling. Mei oan de ein de trúk dy’t de artyst ‘onsterfelijk’ meitsje sil, of is it dochs in ferkapte ‘vadermoord’? Hoe dan ek, fyftjin jier nei de dea fan de ‘sterfelijke’ Ritsko van Vliet is Kolja der dochs noch yn slagge syn heit ‘onsterfelijk’ te meitsjen troch dizze foarstelling.

De foarstelling In de naam van de vader yn it Historisch Centrum Leeuwarden is noch te sjen op 29, 30 en 31 jannewaris en op 5 febrewaris.

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.