Rely Jorritsma
fotografy: Rely Jorritsma

Rely-priisfraach wer los

LJOUWERT –

De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en gedichten 2021 is iepensteld. It is de 67ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin maksimaal kinne fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei € 1000,-. Oant en mei snein 9 maaie o.s. kin ynstjoerd wurde. De sjuery foar 2021 bestiet út Inge Heslinga, Rianne Blokzijl en Beart Oosterhaven.

Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de bêste fiif gedichten en de bêste fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954 wurdt syn winsk útfierd. Sûnt 2018 wurdt it bestjoer fan it Rely Jorritsma Fûns foarme troch b. en w. fan Ljouwert, de gemeente fan Rely’s bertedoarp Jellum; de Stifting Frysk Letterkundich Museum en Dokumintaasjesintrum (FLMD) rêdt mei de organisaasje.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan ynfo@stiftingflmd.frl
Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery.
FLMD

Reagearje

DE MOANNE

'de Moanne' wol in breed en kreatyf poadium biede foar aktuele en skôgjende bydragen oer kultuer en de keunsten. 'de Moanne' lit sjen wat der yn en om Fryslân spilet, yn taal, byld en nije media. 'de Moanne' ferskynt op it web, op papier en organisearret 'live'-moetingen.