Rely-priisfraach 2022 iepensteld
Publisearre op 7 februari 2022
De Rely Jorritsmapriisfraach foar Fryske ferhalen en
gedichten is wer iepensteld. It is de 68ste kear dat de priisfraach
útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol, kin in ferhaal en/of fers
ynstjoere. In ûnôfhinklike sjuery hifket de ynstjoeringen anonym en kin
maksimaal fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal
of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro. De ynstjoertermyn slút 15 maaie
o.s. De sjuery bestiet út Rianne Blokzijl, Beart Oosterhaven en Oene
Spoelstra.
Rely Jorritsma (Jellum 1905 – Nijmegen 1952) hie yn syn testamint
bepaald dat der alle jierren in priisfraach útskreaun wurde moat foar de
bêste fiif gedichten en fiif ferhalen yn de Fryske taal. Al sûnt 1954
wurdt syn winsk útfierd. De stifting Rely Jorritsmafûns hat de
organisaasje opdroegen oan de stifting Frysk Letterkundich Museum en
Dokumintaasjesintrum (FLMD). De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage
ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl Namme, adres en
telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte apart yn de e-mail fermeld
wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery. Foar mear ynformaasje sjoch de
webside www.stiftingflmd.frl.
Kategory
Tags
Diel dit artikel!
Relatearre artikels
Kategory: Poëzij
HANS PETER WESTIN - I Zelfportret met kroonpen Hij legt de taal op zijn palet en kneedt met staal de tussentint waarin zijn [...]
Kategory: Literatuer,Resinsje
SJOERD BOTTEMA - Jacob Nauta syn beppe is mâl mei har hinnen. Se praat dermei. ‘Kwòòòk-hoe-wiiie-it-meiiii-jim-kwòòòk-kwòòòk-ha-jim-ekaaaaien-ein-kwòòòk?’ En hoewol’t de hinnen allinne mar ‘kwòòòk?’ weromsizze, [...]
Kategory: Literatuer,Poëzij,Ynterview
HENK VAN DER VEER - Poëzij libbet yn Fryslân. Mar hoe stiet it der mei dy poëzij foar? Dêr sprekke dichters (m/f) har yn dizze [...]