Reina Rodina – Near

Publisearre op 22 mei 2014

Lisette Zandbergen makke in striptekening fan it nûmer Near, fan Reina Rodina. Wêr helje sy de ynspiraasje wei? de Moanne prate mei de beide keunstners.

Hoelang tekenesto al? Hoe is dy leafde oait begûn?
‘Ik teken al zolang als ik me kan herinneren, ook heel afwisselend. Er is zelfs een tijd geweest dat ik modeontwerpster wilde worden, maar dat heb ik nu wel uit mijn hoofd gezet gelukkig. Ik denk dat het bij mij een beetje met de paplepel erin is gegoten. Mijn beide ouders houden ook erg van creatief bezig zijn en dan vooral het tekenen. Ik weet nog wel dat mijn moeder mij en mijn zusje dan aan tafel zette, tafelkleed eronder, verf op tafel, grote vellen papier en verven maar. Alles zat er dan natuurlijk onder maar enorm veel plezier konden we daarmee beleven. Dus misschien zat creatief bezig zijn zelfs wel een beetje in de opvoeding.’

Do hast fan in tekst fan Reina Rodina in strip makke. Koesto Reina al? Hoe hast it meitsjen fan de strip oanpakt? Hoe bisto ta dizze yllustraasjes kommen?
‘Ik ben niet in Friesland geboren dus ik moet eerlijk zeggen dat ik die verbondenheid met Friesland nooit zo gevoeld heb. Maar nu ik bij Friesland Pop stage loop, begint dat toch wel wat te veranderen. Maar om dan als droge Noord Hollander Friese muziek te gaan luisteren, nee dat deed ik niet. Dus Reina was totaal onbekend voor me. Het was voor mij dan ook een hele uitdaging om erachter te komen wat Reina nu precies bedoelde met haar tekst en wat voor gevoel erachter schuilde. Ik besloot om maar gewoon mijn interpretatie ervan te gaan tekenen en dit is wat eruit kwam. Na heel en heel veel schetsen.’

Mei wat foar materiaal wurkesto meastal? Hasto al earder publisearre?
‘Ik ben eigenlijk nog heel nieuw in het hele striptekenen. Tekenen doe ik al mijn hele leven, vooral het maken van cartoons. Dus daarom leek het me leuk om me nu te gaan verdiepen in het striptekenen. Omdat ik nog maar net begin ben ik heel erg aan het onderzoeken wat ik fijn vind werken en wat bij me past. Wel schets ik altijd eerst de ideeën en werk ik het later uit op de computer met Photoshop, Illustrator of (een net nieuw ontdekt programma) Krita. Ik heb nog nooit eerder iets gepubliceerd, dus alles is voor mij de eerste keer. Spannend maar erg leuk om zo je eigen werk op internet te zien of ergens in de buurt te zien hangen.’

Lisette Zandbergen (19, Hoorn) is grafysk foarmjouwer en tekener, en rint staazje by Stichting Friesland Pop.

De tekst dy’t wy fan dy brûke mochten is ien oer leafde, pine en ôfstân tusken minsken. Wêr hellesto dyn ynspiraasje wei by it skriuwen fan dy tekst? Yn hoefier is it in persoanlike (autobiografyske) tekst?
‘In liet is altyd wat it foar de harker ynhâldt, dêr bin ik net baas oer. Ik skriuw hast nea losse teksten, de wurden komme tagelyk mei de muzyk. Ik gean efter de piano sitten, spylje, en dan komme de sjonglinen op. By de flechtige toanen driuwe der guontiden like flechtige wurden boppe. Dy’t earst benammen by de lûden passe en in sfear delsette, mar noch gjin betsjutting hawwe. Geandewei fluoie dêr, krekt sa’t de muzyk him útwurket, sinnen út. Fakernôch sjoch ik sels efterôf ek pas de betsjutting fan wat ik skreaun haw, wêr’t ik dochs wol autobiografyske eleminten yn sjen kin. En sa ûntstiet der in tekst dêr’t minsken in ferhaal út helje, lykas Lisette Zandbergen dat yn har strip dien hat. Prachtich om te sjen hoe’t de ynterpretaasje fan in oar by my weromkomt yn byld. It giet by har om in leafde dy’t net beändere wurdt. Mar dan ynterpretearje ik likegoed har wurk ek op myn manear. Har útwurking is tige ferrassend!’

De fjouwer klassike eleminten (ierde, wetter, loft, fjoer) sjogge wy faak werom yn dyn teksten. Hoe litsto dy yn it algemien ynspirearje foar dyn teksten? Wannear begjinsto mei skriuwen (allinnich of mei oaren?) en hoe pakst it dan oan?
Myn earste album, út 2011, hjit ek fan Wetterkâld. En de optredens dy’t ik foarôfgeand die, fûnen plak op it wetter. Yn de ljochten, samples en de begeliedende bylden kamen eleminten as wetter en loft ek wol werom. Dat fielde gewoan goed, mar ik tocht dêrby hielendal net bewust oan dy eleminten. Ik hâld fan natuer, en fan skjinne, puere saken. Gean der graach op út, op of by it wetter, of yn ‘e bosk. Dat rûge gefoel fan wyn om ‘e holle, rein om ‘e earen of gleone sinne op ‘e hûd ynspirearret my by it meitsjen fan myn muzyk. Yn myn sjongen of fioele sit earne ek wol in langstme nei ‘bûten’, nei it ûnoantaaste. Foar myn soundscapes meitsje ik ek in soad gebrûk fan natuerlike lûden, lykas it blaffen fan in hûn, batskjend wetter of rûzige wyn. Ik mei soks graach opnimme, mar ha der dan noch gjin plan by. Dat komt op in letter stuit fansels fan pas. Teksten komme tagelyk mei de muzyk, sa’n bytsje. Spyljendeweis komme der lûden en wurden yn my op. Ik skriuw allinne, ik lûk my dan hielendal werom en dûk yn de komposysje. Dat is ek in proses dêr’t in oar fuort net mei helpe kin. Wat produksje oanbelanget is dat oars. Ik kom sels in ein, mar foar in goede ôfwurking is it goed om in oar, ûnôfhinklik, pear earen oer de lêste saken gear gean te litten.’

De titel fan it nûmer hast lêsten feroare fan ‘Moanne’ yn ‘Near’. Wat wie dêr de oanlieding ta? En wêr bist op dit momint mei oan ’e gong? Wat kinne wy yn de neie takomst fan dy ferwachtsje?
Moanne wie in wurktitel. De titel is by my faak it lêste wat der by komt; om’t ik de nûmers útinoar hâlde kinne moat, jou ik se earst mar in namme dy’t ik op it earste gefoel passen fyn. Near stiet foar in gefoel, foar in tastân, en it hat mei it tsjuster fan de nacht te krijen. Dêr hâld ik fan. Gjin letterlike dingen, mar in sfear. Boppedat past in titel as ‘Near’ perfekt yn it konsept dêr’t ik op dit stuit mei dwaande bin: ik ha al in stik as wat nûmers te lizzen, it iene al fierder útwurke as it oare. In nij projekt is op kommendewei, it wurdt oars as ‘Wetterkâld’. Net dat de muzyk op himsels tige oars heart, mar it skriuwproses is rêstiger. Sa kinne de lieten langer rypje. Yn 2011 wurke ik tagelyk oan in hiel grut liveprojekt én in album, dat lei wol druk op de muzyk. No nim ik de tiid, haw ek wolris in skoft hielendal net oan nûmers wurke. Nei oanlieding fan dizze strip haw ik ek besletten fan ‘Near’ al in live-opname te publisearjen.’

Reina Rodina is sjongeres. Sjoch ek: www.reinarodina.com.

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Strips

    Jan-Rutger Hoekstra makke in striptekening fan it nûmer Hurdfytser, dat Emiel Stoffers skreau foar syn band De Hûnekop. Wêr helje dy mannen har ynspiraasje wei? [...]

  • Kategory: Strips

    Bert Tacoma makke in striptekening fan it nûmer Frije Friezen, dat Jeroen 'Baba' Wijnand skreau foar syn band Babalive. Wêr hellet de mannen har ynspiraasje wei? [...]

  • Kategory: Strips

    Edith Stultiens makke in striptekening fan it nûmer Dikke Reade Hoanne, dat Feiko Wouda skreau foar syn band Healers. Wêr helje sy de ynspiraasje wei? de Moanne prate mei de [...]