Healers – Dikke Reade Hoanne

Publisearre op 22 april 2014

Edith Stultiens makke in striptekening fan it nûmer Dikke Reade Hoanne, dat Feiko Wouda skreau foar syn band Healers. Wêr helje sy de ynspiraasje wei? de Moanne prate mei de beide keunstners.

Hoelang tekenesto al? Hoe is dy leafde oait begûn?
‘Ik teken al sinds mijn kindertijd. Vanaf een jaar of vijf/zes. Thuis hadden we vroeger  een poëzie boek in de kast staan met allemaal tekeningen. Ik ging ze allemaal natekenen want ze waren zo mooi. Daarna begon ik zelf allemaal boekjes te maken. Mijn moeder had  in die tijd een tweedehands kledingwinkeltje en ik maakte daar dan de posters en flyers voor. Ik was altijd aan het tekenen en dingen aan het maken.’

Do hast fan in tekst fan Healers in strip makke. Koesto dy band al? Hoe hast it meitsjen fan de strip oanpakt? Hoe bisto ta dizze yllustraasjes kommen?
‘Ik kende Healers nog niet, ik hoorde van ze door dit project. Na het lezen van de songtekst, zag ik meteen deze haan voor me. Ik ben toen wat gaan schetsen en heb het resultaat digitaal uitgewerkt. De tekst is heel beeldend, dus het proces ging vrij vlot. Ik zag meteen deze dikke haan die besloot de benen te nemen.’

Mei wat foar materiaal wurkesto meastal? Hasto al earder publisearre?
‘Ik werk vooral met fotografie, fotocollages en tekeningen. En ik heb eerder gepubliceerd voor onder andere Noordhoff Uitgevers, Thieme Meulenhof, Afûk, Ideal Magazine en Stichting Plint.’

Edith Stultiens (37, Ljouwert) is tekener. Sjoch ek: www.edithstultiens.nl


Feiko, it nûmer is in bewurking fan Willie Dixon’s The (Little) Red Rooster, in nûmer dat bekend waard yn ’e fertolkingen fan Howlin’ Wolf en The Rolling Stones. Hoe kaamst derby om mei dat nûmer oan ’e slach te gean?
‘De Dikke Reade Hoanne ‘bekt’ goed yn it Frysk. It orizjineel  is ien fan de bekendste bluesnûmers ooit en is wat tekst oangiet in masterwurk yn al syn ienfâld en der sit noch humor yn ek! Dat spruts my bot oan. Sadwaande bin ik der mei oan ‘e gong gien.’

Healers bewurket foaral bekende (en minder bekende) bluesnûmers. Asto mei dy nûmers oan ’e slach giest, wêr hellest dyn ynspiraasje dan wei? Setst se letterlik oer of foegest sels noch wat ta?
‘Wy sykje nei nûmers dy’t muzikaal foar ús te ‘behappen’ binne fansels en wêrfan wy finne dat se in Fryske fariant fertsjinje. Dan sjoch ik nei de teksten en bewurkje dy dan. Troch in pakkende Fryske Titel komt de ynspiraasje fansels. Op dizze wize leit der nei trije útbrochte C.D.’s noch wol genôch materiaal foar in dûbel C.D. op de planke! Der falle nammentlik altyd nûmers ôf, mar dat wol net sizze dat se te min binne. In nûmer kinst eins nooit letterlik oersette, dat je moatte der in eigen draai oan jaan. It is dan fansels in útdaging om der in tekst fan te meitsjen dy’t oer saken ferhellet út ús kontreien. Sa ha wy bygelyks fan Bob Dylan’s Blind Willie McTell, De Skûte Fan Skelte Tel makke. Fan Johnny Guitar Watson’s Gangster Of Love, De Smid Fan Earnewâld en net te ferjitten Hurdsiler, ús meast draaide nûmer. Dat komt fan I ‘m A Roadrunnner, bekend makke troch Bo Diddley).Mar goed dat slagget net altyd. Gelokkich dogge universele tema’s it ek goed sa as Jojo (Got My Mojo Working) en It Is De Loft Dy’t Gûlt (The Sky Is Crying). Sa binne der noch wol mear nûmers op te neamen. Ik soe sizze, sjoch mar ris op ùs webside.’

De muzyk fan Healers omskriuwsto as Fryske Roots Blues. Wat makket Fryslân in goede omjouwing foar de blues?
‘Troch de Blûs tinke je dan al gau oan earmoed, tsjinslach, leafde, oerhoer drankmisbrûk, lok en hope. Sa ek by ús Fryske Roots Blûs. De muzyk liedt de harker troch de tiid fan sa’n hûndert jier lyn en makket dúdlik dat der parallellen binne tusken de plantaazjes yn it súden fan de Feriene Staten fan Amearika en de feanterijen fan de súdeasthoeke fan Fryslân yn it begjin fan de foarige ieu.’

Feiko Wouda spilet op de mûlharp by Healers. Sjoch ek: www.healerside.nl. 

 

 

Kategory
Tags

Diel dit artikel!

Relatearre artikels

  • Kategory: Strips

    Jan-Rutger Hoekstra makke in striptekening fan it nûmer Hurdfytser, dat Emiel Stoffers skreau foar syn band De Hûnekop. Wêr helje dy mannen har ynspiraasje wei? [...]

  • Kategory: Strips

    Bert Tacoma makke in striptekening fan it nûmer Frije Friezen, dat Jeroen 'Baba' Wijnand skreau foar syn band Babalive. Wêr hellet de mannen har ynspiraasje wei? [...]

  • Kategory: Strips

    Petra van Berkum makke in striptekening fan it nûmer Eigen Paad, dat Wouter van der Wal skreaune hat. Wêr hellet Petra har ynspiraasje wei? de Moanne prate mei [...]